Taach

Ut Wikipedy
Rin fan de Taach troch it Iberysk skiereilân
De Taach yn Toledo
de Alcántarakeardaam yn de Taach

De Taach (Portugeesk: Tejo, Spaansk: Tajo) is mei in langte fan goed 1000 kilometer de langste rivier op it Iberysk Skiereilân. De Taach mûnet foarby Lissabon út yn de Atlantyske Oseaan. De streamkrite beslacht 80.100 kante kilometer, allinnich de Douro hat in gruttere streamkrite op it Iberysk Skiereilân.

De Taag ûntspringt op 1590 meter hichte op de skeanten fan de Muela de San Juan yn de Sierra de Albarracín yn it easten fan Spanje. De rivier rint yn westlike rjochting en giet Toledo foarby, dêr't de middenrin begjint. De gemeente Alcántara foarby is de Taach oer 60 km de Spaansk-Portugeeske grins. De ûnderrin fan de rivier, dy't by it Portugeeske Santarém begjint hat tijwurking en is ek te befarren. De Taach mûnet foar Lissabon út yn in estuarium, dat in wichtige natuerlike haven is, mar ek in natuergebiet fan belang.

De Taach wurdt brûkt foar de yrrigaasje fan de skrokke lânbougrûn yn de omkriten, en de protte keardammen mei wetterkrêftsintrales wurdt elektrisiteit opwekke. Oan de iggen wurdt wyn ferboud, bygelyks yn de krite Ribatejo yn Portugal.

Ferneamde keunstwurken binne de brêge Ponte 25 de Abril út 1966 yn Lissabon, de op twa nei grutste fan de wrâld, de nijere Vasco da Gama-brêge en de Torre Vasco da Gama.

Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ûnderrin fan de Taach leit op brekline. Dat hat tal fan ierdskoddings fan gefolgen hân: de swiersten wiene dy fan 1309, 1531 en 1755.[1]


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Tagus


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. William Herbert Hobbs, Earthquakes: An Introduction to Seismic Geology. Utj. D. Appleton and Company, NewYork 1907; s. 142–144 Downloadable Google Books