Tijmûning

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Estuarium)
De noarlike Amasônetijmûning

In tijmûning of estuarium is in ferbrede, meast trachterfoarmige riviermûning, dêr't swiet rivierwetter en sâlt seewetter mei elkoar fermingd wurde ta brak wetter, en dêr't tijferskil te fernimmen is. At in rivier as in stelsel fan ôfsplissen yn see útmûnet wurdt fan in delta sprutsen.

Nederlân hat sûnt de Deltawurken noch twa natuerlike tijmûnings: de Westerskelde (mûning fan de Skelde) en de Iems-Dollard (mûning fan de Iems). Wat no it havengebiet oan de Nieuwe Waterweg fan Rotterdam is, wie ea de tijmûning fan de Maas, dêr't sûnt de Romeinske tiid ek de Ryn foar it meastepart yn útmûne (Waal-Merwede, Nederryn-Lek).

Oare tijmûnings yn Jeropa binne ûnder oaren de mûningen fan de Seine, Garonne en Dordogne (Gironde), Taach, Wezer, Elbe en de tijmûnings op de Britske eilannen. Benei alle Britske rivieren mûnje út yn tijmûnings: Teems, Severn (Kanaal fan Bristol), Humber en Mersey.

Tijmûnings hawwe faak in grutte wearde foar de natuer, mar hawwe faak ek tichtbefolke kriten mei grutte stêden rûnom. Dat hat dan wer faak in protte negative gefolgen foar de natuer.