Severn

Ut Wikipedy
De Severn mei sydrivieren (ljochtblau)
De Severn by de mûning

De Severn (Welsk: Afon Hafren, Latyn: Sabrina) is mei 354 km de langste Britske rivier. Hy ûntspringt op in hichte fan 610 meter op de Plynlimon ûnder Llanidloes, yn de Kambryske Bergen, Midden-Wales, en rint troch in tal Ingelske greefskippen en troch ûnder oaren de stêden Worcester, Gloucester en Shrewsbury. De Severn giet oer yn it Kanaal fan Bristol, yn syn estuarium en mûnet letter út yn de Ierske See en de Atlantyske Oseaan.

In stik fan tsien kilometer fan de Severndelling yn Shropshire, mei de namme de Ironbridge Gorge, is yn 1986 troch UNESCO oanwiisd as Wrâlderfgoed. It histoarysk belang dêrfan komt troch syn rol as sintrum fan de izeryndustry yn it begjin fan de Britske Yndustriële Revolúsje. De namme Iron Bridge komt fan de brêge oer de Severn, boud yn 1779, dy't de earste jitizeren brêge ea wie.

In nuveraardich ferskynsel yn de benedenrin de Severn is de floedbrâning (Ingelsk: bore). It estuarium, in diel fan it Kanaal fan Bristol, hat it op ien nei grutste tijferskil fan de wrâld – likernôch 15 meter (allinne yn de Fundybaai yn Kanada is it ferskil grutter) – en by sommige kombinaasjes fan tijen ûnstiet in oerflakteweach dy't him tige fluch tsjin de sream yn ferpleatst. Der wurdt sels op sa'n weach surfe, ek al riedt de havenautoriteit fan Gloucester, dy't dat part fan de rivier beheart, dat mei klam ôf. Dy Severn Bore is in foarbyld yn de natuer fan in himsels fuortsterkjende solitêre weach, in soliton.

Plakken yn it streamgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Severn streamt troch de folgjende stêden en doarpen:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]