Worcester (Ingelân)
| Worcester | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | West Midlands | |
| Greefskip | Worcestershire | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 103.872 (folkstelling 2021)[1] | |
| Oerflak | 33,28 km² | |
| Befolkingsticht. | 3.121 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | WR1-5 | |
| Tiidsône | UTC+0 (GMT) | |
| Simmertiid | UTC+1 (BST) | |
| Offisjele webside | ||
| www.worcester.gov.uk | ||
| Kaart | ||
Worcester is in stêd en distrikt yn it greefskip Worcestershire. It plak leit sa'n 182 kilometer westlik fan Londen.
Worcester hat ien fan 'e grutste katedralen fan Grut-Brittanje, de katedraal fan Worcester. It is in anglikaanske katedraal, boud om 1200 hinne. It Worcester Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford hat syn namme te tankjen oan Sir Thomas Cookes, in ealman út Bentley, yn it greefskip Worcestershire.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan Worcester giet werom oant de Romeinske tiid. Om 50 n.Kr. ûntstie hjir in Romeinske delsetting, dy't him ûntjoech ta in lyts sintrum fan hannel en ambacht. Fan 'e lette 2e iuw ôf wie der ek in wichtige yndustry yn it bewurkjen fan izer. Yn 'e 3e iuw wie Worcester útgroeid ta in drokke stêd en in wichtich sintrum foar de ferdieling fan produkten út 'e omkriten. Der wiene ek ferdigeningswurken oanlein.
Om 680 hinne waard it bisdom Worcester stifte en waard de earste katedraal boud, dy't letter oan Marije wijd waard. Worcester waard dêrmei in wichtich tsjerklik sintrum. Yn 'e iere midsiuwen spile de tsjerke in grutte rol yn it libben fan 'e stêd.
Oan 'e ein fan 'e 9e iuw waard Worcester in fersterke fêstingstêd dy't beskerming biede moast tsjin oanfallen fan 'e Denen. Yn in Angelsaksyske oarkonde út 'e perioade tusken 890 en 901 waard Worcester as sa'n fersterke plak fêstlein. De ferdigeningswurken foarmen de basis foar de ûntwikkeling fan 'e lettere midsiuwske stêd. Worcester ûntjoech him dêrnei ek ta in merkplak en in regionaal bestjoerlik sintrum.
Yn 'e 12e iuw wie Worcester in wichtige fersterke stêd yn 'e Welsh Marches, it grinsgebiet tusken Ingelân en Wales. Yn 1113 waard de stêd troffen troch in grutte stedsbrân, wêrby't ek de doe besteande Normandyske katedraal skea oprûn. Yn 'e folgjende iuw waarden noch ferskate grutte stedsbrannen registrearre.

In wichtich barren yn 'e skiednis fan Worcester wie de Slach by Worcester op 3 septimber 1651, oan 'e ein fan 'e Ingelske Boargeroarloch. De troepen fan kening Karel II waarden dêr ferslein troch it parlemintêre leger. Karel II besocht dêrmei de Ingelske kroan werom te winnen. Nei syn nederlaach flechte er út Ingelân en kaam úteinlik yn Frankryk telâne. Worcester hie de kant fan 'e kening keazen en krige dêrom de bynamme "The Faithful City" (De trouwe stêd).
Yn 1751 waard yn Worcester de Royal Worcester Porcelain Company oprjochte. It porsleinfabryk wie lange tiid in wichtich ûnderdiel fan 'e ekonomy fan 'e stêd. De produksje is letter beëinige, mar yn it museum is in soad produksjemateriaal te besjen.
Yn 'e 18e iuw rekke de hannel fan Worcester wat efterop by dy fan 'e fluch groeiende stêden yn 'e West Midlands. De iepening fan it kanaal tusken Worcester en Birmingham yn 1815 joech de stêd lykwols nije mooglikheden. Mei saneamde narrowboats koene guod en grûnstoffen oer it wetter oer in grutter gebiet ferfierd wurde.

Yn 'e jierren 1950 en 1960 waarden grutte parten fan it sintrum fan Worcester ôfbrutsen en op 'e nij beboud. Dêrby gie in grut part fan 'e histoaryske bebouwing ferlern, hoewol't der noch altyd midsiuwske huzen bewarre bleaun binne.
De hjoeddeiske grinzen fan Worcester datearje foar in grut part út 1974. Yn dat jier waarden de eardere gemeenten Warndon en St Peter's by de stêd foege as gefolch fan 'e reorganisaasje fan it lokaal bestjoer ûnder de Local Government Act 1972.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sûnder mis is de katedraal de grutste attraksje fan Worcester. De katedraal hat in skiednis dy't weromgiet oant de 7e iuw, mei ûnder oaren de tombe fan kening Jan en prins Arthur. De toer jout útsjoch oer de stêd en de rivier de Severn. By de katedraal stiet ek de toer fan 'e Andreästsjerke (St Andrew's Church), dy't stean bleau nei't de tsjerke yn 1949 ôfbrutsen waard.
- De Kommanderij (The Commandery) is in histoarysk gebou dat yn 1651 it haadkertier fan 'e keningssinnige troepen wie by de Slach by Worcester. No is it in museum oer de Ingelske Boargeroarloch en de skiednis fan Worcester.
- It Greyfriars House is in goed bewarre, let-midsiuwsk houten hûs oan Friar Street mei in histoaryske tún.
- De Guildhall is in opfallend histoarysk gebou oan 'e High Street, boud yn 1721.
- It Fort Royal Park is in park op it plak dêr't de Slach by Worcester yn 1651 foar in part útfochten waard.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It of Royal Worcester is in museum oer de porsleinproduksje yn Worcester. It hat de grutste kolleksje Royal Worcester-porslein fan 'e wrâld en fertelt ek it ferhaal fan de porsleinyndustry yn 'e stêd.
- It House Museum is in 16e-iuwsk hûs yn Friar Street, dêr't it deistich libben en de skiednis fan Worcester te sjen binne.
- It City Art Gallery and Museum is in keunst- en stedsmuseum yn in Fiktoariaansk gebou, mei kolleksjes oer keunst en de skiednis fan Worcester.
- It Elgar Birthplace Museum leit krekt bûten Worcester en is it bertehûs fan komponist Edward Elgar, no in museum oer syn libben en muzyk.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Worcester
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sheila Scott, piloat, brekker fan fleanrekords
- David Mason (1944), muzikant, sjonger-songwriter, gitarist
- Fay Weldon, skriuwster
- Thomas Davis, skriuwer fan hymnen, 1804. Foarfaar fan Kate Middleton.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Worcester en Birmingham Kanaal.
- Boer War Memorial
- Brêge oer Worcester
- Museum of Royal Worcester
- Friar Street
- De Kommanderij
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
