Springe nei ynhâld

Shrewsbury (Ingelân)

Ut Wikipedy
Shrewsbury
Alde merkhal yn it sintrum
Alde merkhal yn it sintrum
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Greefskip Shropshire
Regio West Midlands
Sifers
Ynwennertal 74.000 (2011)
Befolkingsticht. 1.887/km²
Hichte 71
Oar
Stifting 9e iuw
Offisjele webside
fia www.shropshire.gov.uk
Brêgen oer de Severn yn Shrewsbury

Shrewsbury is de haadstêd fan it Ingelske greefskip Shropshire. De stêd leit strategysk yn in lus fan de rivier de Severn, tichteby de grins mei Wales, waard stifte yn de iere midsiuwen en hie sa'n 70.689 ynwenners (2008).

Troch syn strategysk belang is der yn de rin fan iuwen in soad skeel útfjochte yn en om de stêd, benammen tusken Wales en Ingelân.

Shrewsbury hat in protte histoaryske monuminten, ûnder oaren it kastiel en de Benediktinenabdij, dy't beide yn de 11e iuw boud binne. Yn de 14e en 15e iuw kaam de stêd ta grutte bloei troch it oanheljen fan de hannel yn wol, mei Ingelân, mar ek mei oare Europeeske lannen. Yn 1403 wie Slach by Shrewsbury ûnder de reek fan de stêd, tusken de Ingelske kening Hindrik IV en Henry Percy, mei de bynamme 'Hotspur'.

Sir Philip Sidney, Ingelsk steatsman en dichter waard grutbrocht yn Shrewsbury en rekke deadlik ferwûne yn 1586 yn de Slach by Warnsveld, in militêre konfrontaasje tusken Ingelske troepen en Spanjerts.

De boekerige fan de Britske skriuwster Ellis Peters oer de detective-mûonts Cadfael spilet him ôf yn Shrewsbury en omkriten. Shrewsbury hat sûnt 1977 in stêdebân mei Sutfen.

Untjouwing befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1801 1811 1821 1831 1841 1851 1861 1871 1881 1891 1901
Befolking 31,280 34,158 38,263 40,480 41,858 43,818 46,261 48,704 51,146 50,678 52,181
Jier 1911 1921 1931 1941 1951 1961 1971 1981 1991 2001
Befolking 53,729 55,481 57,290 62,398 67,965 74,831 82,392 85,136 92,347 95,896
Befolkingssifers foar Shrewsbury & Atcham borough. Source: A Vision of Britain through Time

Berne yn Shrewsbury

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]