Springe nei ynhâld

Deltawurken

Ut Wikipedy
Oersjochkaart fan de Deltawurken.

De Deltawurken binne wurken dy't útfierd binne yn it ramt fan it Deltaplan, om de feilichheid fan de Nederlânske kust tsjin stoarmfloeden te fersekerjen.

Direkte oanlieding ta fersnelde útfiering fan de wurken ta fersterking fan de seewarring wie de stoarmfloed fan 1 febrewaris 1953, wêrby't by de grutte oerstreamings yn Súdwest-Nederlân 1835 minsken omkamen en wêrby't oare dielen fan it lân amper oan de oerstreamingsrampen ûntkamen. Al op 27 febrewaris 1953 waard de Deltakommisje ynstalearre.

Neist in tal yngripende maatregels foar it by de oerstreaming swierst troffen gebiet (Seelân en Súd-Hollân) waard troch dizze kommisje ek in oantal maatregels foarsteld foar de befeiliging fan de oare kustgebieten. Wichtige útgongspunten wienen oansjenlike dykferhegingen en - ferkoarting. Yn Fryslân waard yn it ramt fan de deltawurken de Lauwerssee ôfsluten (1969-1969). De diken oan de Fryske kust waarden op hichte brocht, fariearjend fan 9,50 oant ± 7,50 m +NAP. Earder wie dat 6,75 - 5,00 +NAP. Der binne doe flinke diskusjes fierd tusken foarstanners,fan feilichheid, miljeu en boerebelangen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: