Santa María la Blanca

Ut Wikipedy
Santa María la Blanca
  museum
Lokaasje
lân flagge fan Spanje Spanje
regio Kastylje-La Mancha
plak Toledo
adres Calle de los Reyes Católicos
koördinaten 39° 51'N 4° 01'W
Algemiene gegevens
hist. namme synagoge Ibn Shushan
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl Moarske arsjitektuer
Kaart
Santa María la Blanca (Spanje)
Santa María la Blanca

De Santa María la Blanca is in museum en earder godshûs yn de Spaanske stêd Toledo. De Santa María la Blanca is as in synagoge boud en letter ferboud ta tsjerke. Eigner van it gebou is it aartsbisdom Toledo.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Synagoge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Santa María la Blanca waard neffens in ynskrift yn 1180 as de synagoge Ibn Shushan boud foar de joadske mienskip, dy't yn dy tiid tûzenen leden telde. De bou fûn plak troch moslims op kristlik gebiet en hie as opdrachtjouwer en jildsjitter de joadske mienskip fan Toledo. Doe't it gebou klear wie, waard de synagoge de 'Grutte Synagoge' neamd, om't it fan de tsien synagoges fan Toledo doe de grutste wie.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Nei de troch de opstookjende preken fan Ferrán Martínez feroarsake pogroms op de joadehoeke fan Toledo (judería of barrio judío) yn de jierren 1355 en 1391 en de migraasje fan joaden nei oare Europeeske lannen en Noard-Afrika, waard it gebou yn 1405 (mooglik wat earder of letter) oerdroegen oan de Oarde fan Calatrava, dy't de synagoge yn in katolike tsjerke feroare.

Kardinaal Siliceo makke letter fan de gebouwen in begynhôf foar publike froulju, dy't ta ynkear kommen wiene. Der waarden trije apsissen tafoege dy't as kapel tsjinnen, dy't taskreaun wurde oan Alonso de Covarrubias. It hjoeddeiske alter datearret út dy tiid. Tusken 1600 en 1701 stie it gebou leech en yn de 18e iuw wie it yn gebrûk fan de garnizoenstroepen fan Toledo. Yn de Frânske tiid waard it omboud ta in pakhûs. Healwei de 19e iuw waard it gebou útroppen ta in monumint en restaurearre. Nei de Spaanske Boargerkriich waard it gebou by keninklik beslút oerdroegen oan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kapiteel

It fan bûten tige ûnopfallende gebou lit pas fan binnen sjen hoe bysûnder it gebou is. De bouwers fan de synagoge wiene moslims, dy't it gebou it oansjen joegen fan in moskee út de Almohadentiid, alhoewol't it nea in moskee west hat.

De fiif skippen wurde troch arkades mei hoefizerbôgen fan inoar skieden, dy't rêste op 32 achthoekige pylders. Hast eltse kapiteel hat in eigen ûntwerp en bestiet út florale dekoraasjes dy't mei flechwurkbannen fan inoar skieden wurde. De muorren en de pylders binne hielendal wyt stúkt en de hegere muorredielen binne ryk fersierd mei yntegrearre pylderkes en geometryske foarmen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.