Konfederearre Steaten fan Amearika
Konfederearre Steaten fan Amearika Confederate States of America | |
---|---|
1861 – 1865 | |
flagge | wapen |
de Stars and Bars (febr. 1861 – maaie 1863) de Stainless Banner (maaie 1863 – maart 1865) de Blood Stained Banner (maart – april 1865) |
(1861 – 1865) |
Latyn: Deo Vindice ("Under God, Dy't Us fan Blaam Suveret") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Montgomery (febr.-maaie 1861) Richmond (1861-1865) |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | konfederale republyk |
ûntstien út | Rep. Alabama Rep. Arkansas Rep. Firginia Rep. Floarida Rep. Georgia Rep. Louisiana Rep. Mississippy Rep. Noard-Karolina Rep. Súd-Karolina Rep. Teksas Rep. Tennessee |
opgien yn | Feriene Steaten |
no diel fan | Feriene Steaten |
sifers | |
ynwennertal | 9,1 miljoen (wêrfan 3,5 miljoen slaven) |
befolkingstichtens | 4,6 / km² |
oerflak | 1.995.392 km² (1861) |
bykommende ynformaasje | |
folksliet | offisjeel gjint God Save the South (ûnoff.) Dixie (tradisjoneel) |
muntienheid | Konfederearre dollar |
De Konfederearre Steaten fan Amearika (Ingelsk: Confederate States of America), of koartwei de Konfederaasje (Ingelsk: the Confederation), wie in troch gjin inkeld besteand lân as ûnôfhinklik erkend diel fan 'e Feriene Steaten, dat him tusken 1860 en 1865 fan 'e Amerikaanske Uny besocht ôf te skieden. It wie in konfederale republyk, besteande út 11 fan 'e eardere Amerikaanske steaten, dy't rûchwei it Amerikaanske Suden besloech. De haadstêd fan 'e Konfederaasje wie oant maaie 1861 Montgomery, yn Alabama, en dêrnei Richmond, yn Firginia.
It Suden fan 'e Feriene Steaten ûnderskate him fan it (frije en yndustriële) Noarden trochdat it de slavernij as ynstitút beholden hie en trochdat it in ekonomy hie dy't fierhinne berêste op lânbou. Der bestiene tusken de beide lânsdielen ferskate skelen dy't troch de oerwinning fan 'e doedestiden nije Republikeinske Partij by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1860 ta útbarsting kamen, mei as gefolch de ôfskieding fan it Suden. Dat late ta de fiif jier duorjende Amerikaanske Boargeroarloch, dy't op 't langelêst troch it Noarden wûn waard.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Konfederaasje besloech it Suden fan 'e Feriene Steaten minus de steaten Marylân, Delaware, Kentucky en Missoury. Yn it noarden en westen waard dit lân begrinzge troch de Feriene Steaten, yn it easten troch de Atlantyske Oseaan, yn it suden troch de Golf fan Meksiko en yn it súdwesten troch Meksiko. De wichtichste lânskipseleminten yn 'e Konfederaasje wiene de rivier de Mississippy, dy't it lân yn in likernôch like grut eastlik en westlik diel opspjalte, en de Appalachen, dy't har yn it midnoarden oer ferskate steaten útstrieken.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 1860 hiene de steaten dy't it jiers dêrop de Konfederaasje foarmje soene, doedestiden 9.103.332 ynwenners, mei dêrûnder 3.521.110 negerslaven. De frije befolking fan 'e Konfederaasje, dy't net inkeld út blanken bestie, mar ek út guon frije swarten en Yndianen, bestie dus út 5.582.222 minsken. De befolkingstichtens lei op 4,6 minsken de km².
Oarsaken foar de ôfskieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As tsjintwurdich weromsjoen wurdt op 'e ôfskieding fan 'e Konfederaasje en op 'e Amerikaanske Boargeroarloch, leit men ornaris de klam op 'e slavernij. It Noarden soe it Suden twinge wollen hawwe en skaf de slavernij ôf, wylst it Suden dat ynstitút behâlde woe. De wierheid is lykwols in stik yngewikkelder en hat benammen te krijen mei ekonomyske motiven. It Suden wie fan âlds in krite dêr't katoen en tabak ferboud waard, mei't it waarme klimaat fan it gebiet him dêr by útstek ta liende. Dy gewaaksen brochten op 'e bûtenlânske merk in bêste priis op, en makken de eigners fan grutte plantaazjes ta de rike boppelaach fan 'e Súdlike maatskippij. Der bestie sadwaande yn it Suden gjin inkele oanstriid ta feroaring of foarútgong. Ek de ôfskaffing fan 'e slavernij wie tige ûnoantreklik, mei't de ûnbidige katoen- en tabaksplantaazjes ûnrindabel wurde soene as der gjin arbeidskrêften mear te besetten wiene dy't frijwol fergees it swiere wurk fersetten. Meitiid makken de blanken yn it Suden harsels wiis dat it de "natuerlike oarder" fan 'e wrâld wie dat de swarten har slaven wiene.
Hiel oars giet it yn it Noarden om en ta. Dêr wiene gjin grutte plantaazjes, om't it klimaat der te kâld wie foar de grutskalige katoen- of tabaksbou. Fan gefolgen wie men dêr gjin slaven brek om 'e ekonomy draaiende te hâlden, en wie it dus in stik ienfâldiger om dêr de slavernij ôf te skaffen. Doe't der geandewei de njoggentjinde iuw yn it Noarden àl ferlet kaam fan goedkeap wurkfolk foar yn 'e fabriken, waard dêryn foarsjoen troch de grutte stream ymmigranten út Jeropa wei, dy't trouwens faak har wurk dwaan en wenje moasten yn hast noch mindere omstannichheden as dêr't de negerslaven yn it Suden mei te krijen hiene.
Op dizze wize ûntstie der yn 'e Feriene Steaten in twadieling tusken it yndustriële Noarden, en it Suden dat it fan 'e lânbou hawwe moast. Fan gefolgen hiene de beide lânsdielen ferlet fan hiel ferskillend ekonomysk belied. It Noarden hie der baat by dat de ynfier fan útlânske produkten beheind waard om 'e eigen fabriken te beskermjen. It Suden, dat libbe fan 'e eksport, koe net sûnder in frije hannel mei it bûtenlân. Om't it Noarden mear steaten omfieme en in gruttere befolking hie, en sadwaande in mearderheid besette yn it Amerikaanske Kongres, krigen de Noarderlingen yn 'e regel har sin, wat yn it Suden in protte kwea bloed sette. It aktivisme fan in trouwens frij lytse kliber Noardlike abolysjonisten foar de ôfskaffing fan 'e slavernij yn it hiele lân waard yn dit ramt troch in grut part fan 'e Suderlingen sjoen as in streekrjochte oanfal op har middels fan bestean.
Hjir kaam noch by dat der in slepend polityk skeel bestie tusken de oanhingers fan 'e Uny, dy't fral yn it Noarden te finen wiene, en de oanhingers fan 'e steatsrjochten, dy't fierhinne ta it Suden beheind wiene. Dit mieningsferskil gie om 'e kearn fan 'e Amerikaanske republyk. De oanhingers fan 'e steatsrjochten beskôgen de Feriene Steaten nammentlik as in steatebûn, in groepke steaten dy't fan harsels soeverein wiene, mar dy't foar it gemak it spul op ien bulte smiten hiene om guon dingen mei-inoar te regeljen. De oanhingers fan 'e Uny wiene lykwols fan miening dat de Feriene Steaten in bûnssteat wie, en dat it net de ôfsûnderlike steaten, mar de Uny sels wie dy't soeverein wie; de steaten hiene har soevereiniteit opjûn doe't se har by de Uny oansletten hiene, en koene dy soevereiniteit sûnder in wiziging fan 'e Amerikaanske Grûnwet ek nea wer weromkrije. Koartsein: dit wie it ferskil tusken de Feriene Steaten en de Feriene Steaten.
De ôfskieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geandewei de 1850-er jierren boazen de spannings tusken it Noarden en it Suden almar fierder oan. De nije Republikeinske Partij, dy't yn it Noarden it plak fan 'e âlde Whigpartij ynnaam en dêr grutte oanhing wist te winnen, waard yn it Suden sjoen as in binde revolúsjonêren, dy't troch de macht te gripen yn it Amerikaanske Kongres it Suden de wet foarskriuwe woene. Doe't de presidintsferkiezings fan novimber 1860 wûn waarden troch de Republikein Abraham Lincoln, dy't yn it Noarden mear as 60% fan 'e stimmen en yn it Suden frijwol gjin inkele stim krige, hiene in protte Suderlingen har nocht.
It radikaalst fan alle Súdlike steaten wie doedestiden Súd-Karolina, dêr't al op 20 desimber 1860 de ûnôfhinklikheid útroppen waard. Foar it útbrekken fan 'e Boargeroarloch diene seis oare steaten datselde: Mississippy (9 jannewaris 1861), Floarida (10 jannewaris), Alabama (11 jannewaris), Georgia (19 jannewaris), Louisiana (26 jannewaris) en Teksas (1 febrewaris). Op 8 febrewaris kamen ôffurdigen fan dizze sân steaten byinoar. De earste seis besleaten doe en foarmje ien mienskiplik regear, en dêrmei waard de Konfederaasje berne. Teksas sleat him dêrby oan op 2 maart, nei't der in referindum holden wie. It begjin fan 'e fijannichheden mei it Noarden fûn plak op 12 april, doe't it nije leger fan Súd-Karolina de oanfal iepene op Fort Sumter, in militêre fêsting yn 'e haven fan Charleston. Fan gefolgen kundige presidint Lincoln yn it Noarden trije dagen letter de mobilisaasje ôf. Dat wie wer oanlieding foar Firginia om him op 17 april ôf te skieden, folge troch Arkansas (6 maaie), Tennessee (7 maaie) en Noard-Karolina (20 maaie). Dizze steaten sleaten har binnen in pear wike allefiif by de Konfederaasje oan.
Doe wiene der noch fjouwer slavehâldende steaten yn 'e Feriene Steaten oer: Marylân, Delaware, Kentucky en Missoury. Marylân risselwearre ek ta ôfskieding, mar dêr lei it Amerikaanske federale regear it near op troch der de steat fan belis út te roppen en it gebiet ûnder militêr bestjoer te pleatsen. Rezjiminten Marylânske frijwilligers tsjinnen de hiele Boargeroarloch troch yn it Konfederearre leger. Delaware besocht nea om him ôf te skieden, en levere likemin ea in fol rezjimint frijwilligers oan it Suden, mar it hold fêst oan 'e slavernij oant Lincoln de steat al tsjinakseljend ta ôfskaffing twong. Kentucky smiet it oer in oare boech en ferklearre himsels neutraal. Doe't Konfederearre troepen oer de súdgrins kamen, rôp it lykwols de help fan it Noarden yn. In diel fan it steatsparlemint fan Kentucky joech him by de Konfederaasje en foarme yn it Suden in regear-yn-ballingskip. Yn Missoury, ta einsluten, besleat it steatsparlemint om by de Uny te bliuwen, mar in besykjen fan 'e gûverneur om 'e wapens fan 'e steatsmilysje út 'e hannen fan it Noardlike leger te hâlden, late ta in wapene konfrontaasje, wêrby't sawol gûverneur as steatsparlemint út 'e steatshaadstêd Jefferson City ferdreaun waarden. Yn Neosho, yn súdlik Missoury, kamen se yn ballingskip wer gear en namen op 31 oktober 1861 in foarstel ta ôfskieding oan. It is ûnder histoarisy noch altyd in striidkwestje oft dêr it fereaske kwoarum foar oanwêzich wie. Hoe dan ek, al makke de Konfederaasje oanspraak op sawol Kentucky as Missoury, dy beide gebieten waarden nea behearske.
Wol behearske it Suden lange tiid it Yndiaansk Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma), dêr't twa fan 'e saneamde Fiif Beskaafde Stammen, te witten de Tsjoktau en de Tsjikkesau, har yn 1861 al by de Konfederaasje joegen. Nei 1863 sleaten ek (dielen fan) de Sjeroky, de Kriik en de Seminoalen har by de Konfederaasje oan. Fierders foarmen de boargers fan 'e súdlike helte fan it Nij-Meksiko-territoarium (dat ek it lettere Arizona omfette) in konvinsje dêr't op 16 maart 1861 besletten waard om har oan te sluten by de Konfederaasje. Dy krite, in stripe by de Meksikaanske grins lâns fan Teksas oant Kalifornje, waard yn 1862 omfoarme ta it Konfederearre Arizona-territoarium. Letter dat jier waard dit gebiet troch Noardlike troepen út Kalifornje wei ferovere, en moast it Konfederearre territoriale regear yn ballingskip gean yn Teksas.
Sels binnen de steaten dy't har by de Konfederaasje oansletten hiene, wie de stipe foar de ôfskieding net algemien, fral net yn 'e grinsgebieten. Yn it noardwesten fan it doetiidske Firginia rjochten unionisten in eigen regear op, dat ûnder de Boargeroarloch de nije steat West-Firginia organisearre. Dat diel fan it âlde Firginia trede sadwaande op 20 juny 1863 as selsstannige Amerikaanske steat ta de Uny ta, ek al behearsken de unionisten nea mear as likernôch de helte fan it gebiet dêr't se oanspraak op makken en wiene de ôfskate countys oant de ein fan 'e oarloch fertsjintwurdige yn it Konfederearre parlemint. Yn 1863 griepen unionisten ek yn eastlik Tennessee de macht. Sels yn dielen fan Noard-Karolina stie de befolking fierhinne efter de Uny, oant dat gebiet troch it Noarden ferovere waard en de pleatslike unionisten troch it skrikbewâld fan 'e Noardlike troepen yn 'e earms fan 'e Konfederaasje dreaun waarden.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadstêd en it politike sintrum fan it nije lân wie oant maaie 1861 Montgomery, yn Alabama, mar neitiid waard dêrfoar Richmond, yn Firginia, útkeazen. Dêrmei lei de Súdlike haadstêd nuveraardige deunby de Noardlike haadstêd Washington, D.C. De Konfederaasje kopiëarre alle besteande regearingsynstellings fan 'e Feriene Steaten. It hie in Kongres, dat bestie út in Senaat en in Hûs fan Offurdigen, en dat syn sit hie yn it Konfederearre Kapitoal. De útfierende macht wie yn 'e hannen fan in keazen presidint, Jefferson Davis, en as dy wat oerkaam, stie der in fise-presidint (Alexander Stephens) ree om it regear oer te nimmen. De Konfederearre Grûnwet wie oant op 'e komma persiis deselde as dy fan 'e Feriene Steaten, mei in pear kêsten tafoege oer it behâld fan 'e slavernij. Under de Boargeroarloch joegen sawol it Noarden (1861) as it Suden (1863) in postsegel út mei dêrop de likenis fan George Washington, en brûkten dêrfoar itselde portret fan Gilbert Stuart.
De oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Amerikaanske Boargeroarloch.
Krekt sa't dat letter by de Earste Wrâldoarloch it gefal wêze soe, ferwachten beide siden oan it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch in flugge oerwinning behelje te kinnen. It Noarden noch it Suden wie by it útbrekken fan 'e fijannichheden op 12 april 1861 echt ree foar de striid, dat de tariedings moasten fierhinne makke wurde wylst de oarloch al oan 'e gong wie. Yn 't earstoan behellen de Súdliken ferskate wichtige oerwinnings, te begjinnen mei de earste fjildslach fan 'e oarloch, de Earste Slach by Bull Run, of, sa't de Súdliken dat treffen neamden, de Earste Slach by Manassas. Mar geandewei de oarloch begûn it Noardlike oerwicht oan mankrêft en materieel mei te weagjen. Boppedat isolearren de Noardliken it Suden fan 'e rest fan 'e wrâld mei in marineblokkade foar de hiele súdlike kust lâns, fan Firginia oant en mei Teksas, dy't de Súdlike ekonomy meitiid sa goed as smoarde. Inkeld mei flugge, pânsere steamboatsjes of stille lytse sylboatsjes, dy't bekend stiene as "blokkadebrekkers", en fia de Teksaanske grins mei Meksiko koene foarrieden fan bûten de Konfederaasje úteinlik noch berikke.
Doe't de oarloch him fuortsleepte en alle guod yn it Suden krap waard, wisten de Noardliken almar mear dielen fan 'e Konfederaasje te feroverjen. De man dy't de Konfederaasje kear op kear fan 'e ûndergong rêde, wie generaal Robert E. Lee, in militêr sjeny, dy't de iene nei de oare Noardlike oanfal op Firginia ôfsloech en dêrby in ein makke oan karriêre fan 'e iene nei de oare Noardlike legeroanfierder. Wylst it Noarden wanhopich socht nei in generaal dy't Lee belykje koe, hie de Konfederaasje teminsten twa kânsen om 'e oarloch yn syn foardiel te besljochtsjen. Fuort al nei de earste oerwinning by Bull Run/Manassas, doe't it hiele Noardlike leger op flecht slein wie en de Noardlike legerlieding yn in steat fan panyk ferkearde, hie mei in uterste krêftsynspanning de Noardlike haadstêd Washington, D.C. ynnommen wurde kinnen, wêrmei't Lincoln wierskynlik ta erkenning fan 'e Konfederaasje twongen wurde kinnen hie. Mar wat it Suden opbriek, wie dat it gjin dúdlike strategy hie. Foar in offinsive oarloch wie in konsintraasje fan it hiele leger nedich; foar in definsive oarloch in sprieding fan it leger by alle grinzen lâns. De Konfederaasje besocht lykwols de koal en de geit te sparjen troch it leger wat by de grinzen lâns te sprieden, mei in lytse konsintraasje om 'e haadstêd Richmond hinne.
Yn 1863, doe't Lee it Súdlike Leger fan Noardlik Firginia late by de súksesfolste ynfal yn it noarden fan 'e hiele oarloch, krige it Suden in twadde kâns om Washington te besetten. Lee hie in omtsjende beweging fia Pennsylvania makke en kaam dêr foar it Noardlike Leger fan de Potomac oer te stean dat him yngroeven hie op in heuvelrêch by Gettysburg. Hied er doe dy heuvels links lizze litten en wied er út it noarden wei op Washington ta marsjearre, en hie presidint Davis him de Súdlike reservetroepen út 'e Karolina's stjoerd om 'e Noardlike haadstêd út it suden wei oan te fallen, dan hied er de einoerwinning behelje kinnen. Mar ynstee harke Davis net nei Lee en bleaune de reservetroepen dêr't se wiene, en boppedat prebearre Lee sels yn 'e Slach by Gettysburg in frontale oanfal op 'e Noardlike posysjes, dêr't er in hiele difyzje mei ferspile en dy't dy slach ta de bloedichste fan 'e oarloch makke.
De nederlaach by Gettysburg kaam hast tagelyk mei de nederlaach yn 'e Slach by Vicksburg, dêr't de Konfederaasje de behearsking oer de Mississippydelling by ferlear en Teksas, Louisiana, Arkansas en it Yndiaanske Territoarium fan 'e rest fan it Suden ôfsnien waarden. Dy beide slaggen foarmen in kearpunt yn 'e oarloch, en neitiid wisten Lee en de oare Súdlike generaals nea it Noarden wer sa yn 'e benearing te bringen. Lang om let fûn it Noarden in pear kundige generaals: Ulysses S. Grant, William Tecumseh Sherman en Philip Sheridan. Wylst Grant en Sheridan yn noardlik Firginia Lee tebekdreaune, krong Sherman yn it neijier fan 1864 fia Tennessee djip de Konfederaasje binnen. Mei syn Mars nei de See liet er in spoar fan ferwoastging efter yn Georgia en Súd-Karolina. Stadichoan ferlear de Konfederaasje op dy manear de behearsking oer syn eigen grûngebiet, oant der noch mar in trêde diel fan oerbleau. Op 9 april 1865 tekenen Robert E. Lee en Ulysses S. Grant yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox de oerjefte fan Lee syn Leger fan Noardlik Firginia, wat de ein fan 'e Konfederaasje betsjutte. Dyselde deis moast it Konfederearre regear Richmond ûntflechtsje, en waard Danville likernôch in wike lang de lêste haadstêd fan 'e Konfederaasje. Op 23 juny 1865 joech it Sjeroky-oerhaad Stand Watie him as de lêste Konfederearre generaal oan 'e Noardliken oer.
Redens foar de ûndergong fan 'e Konfederaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt gauris sein dat de Konfederaasje te sink gie oan 'e kwestje dy't no krekt de reden foar syn bestean wie: de rjochten fan 'e ôfsûnderlike steaten. Gûverneurs as Joseph E. Brown fan Georgia en Zebulon Vance fan Noard-Karolina akselen tsjin by elts besykjen fan it konfederale regear om ta in mienskiplike strategy te kommen yn 'e oarloch tsjin it Noarden. Doe't presidint Davis de tsjinstplicht ynfierde, betitele Brown dat as de "essinsje fan militêr despotisme." Sawol Brown as Vance holden oan it lêst ta troepen en militêre foarrieden efter foar har steatsmilysjes, dy't foar it leger fan 'e Konfederaasje ûnmisber wiene. Krektsa besleat Pendleton Murrah, de gûverneur fan Teksas, yn 1863 dat in grut diel fan 'e Teksaanske troepen yn 'e eigen steat nedich wie om tsjin 'e Yndianen te fjochtsjen en foar mooglike ynfallen út it Noardlike Kansas te wekjen. It is fansels hiel wol mooglik dat de Konfederaasje it oars ek net rêden hie, mar sokke ynterne strideraasjes wiene funest yn in tiid fan oarloch.
Dêrby kaam noch dat Jefferson Davis net in effektyf lieder wie. Hy wie wol oan 'e saak fan 'e Konfederaasje tawijd, en sette him der út alle macht foar yn, mar hy koe net delegearje en bemuoide him mei tefolle details. Ek wied er twifelriedich yn militêre kwestjes, dêr't er lykwols in fierstente grut part fan syn tiid mei dwaande wie, wylst er syn boargerlike plichten fertutearzje liet. Syn ynset en folhurding makke dat er steatsgûverneurs as Brown en Vance tsjin him yn it harnas jage. Boppedat wied er net garismatysk en stelde er him sterk ôfhâldich op foar it miene folk oer. Lykwols sei Robert E. Lee letter oer him: "Ik haw gjinien kend dy't it sa goed dien hawwe koe."
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Konfederearre presidint Jefferson Davis waard op 10 maaie 1865 troch Noardlike soldaten finzen nommen, mar úteinlings nea berjochte, likemin as de oare politike en militêre lieders fan 'e Konfederaasje. Tsjin dy tiid lei hiel it Suden sawat yn pún en wie de Súdlike ekonomy troch de Noardlike blokkade en de troch Lincoln beoardere ôfskaffing fan 'e slavernij folslein ferrinnewearre. Neitiid begûn it Tiidrek fan de Weropbou, wêrby't net inkeld besocht waard om it Suden fysyk wer op te bouwen, mar ek om 'e politike en konstitúsjonele konsekwinsjes fan 'e ôfskieding en de oarloch op te lossen. Op 15 july 1870 waard Georgia as lêste fan 'e alve Konfederearre steaten op 'e nij talitten ta de Amerikaanske Uny. It wolfeartsnivo yn it Suden lei rom ûnder it Amerikaanske nasjonale wolfeartsnivo oant de útfining fan betelbere airconditioning it gebiet om 1950 hinne oantreklik makke as fêstigingsplak foar grutte bedriuwen út it Noarden. Oant hjoed de dei ta hawwe de ôfskieding en de boargeroarloch yn it Suden spoaren neilitten yn 'e foarm fan rasisme en ferbittering. As men der in pickup-truck riden sjocht mei in sticker of in buordsje mei de tekst Hayull, I ain't forgittin'! ("Ik bin 't ferdomme noch net fergetten!"), dan is dat in kommentaar op 'e nederlaach yn 'e Boargeroarloch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.
|
- Konfederearre Steaten fan Amearika
- Histoarysk lân yn Noard-Amearika
- Skiednis fan de Feriene Steaten
- Lân sûnder erkenning
- Ofskieding fan de Feriene Steaten
- Unôfhinklikheidsbeweging
- Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1861
- Bestjoerlike ienheid opheft yn 1865
- Republyk
- Skiednis fan Alabama
- Skiednis fan Arkansas
- Skiednis fan Firginia
- Skiednis fan Floarida
- Skiednis fan Georgia
- Skiednis fan Louisiana
- Skiednis fan Mississippy
- Skiednis fan Noard-Karolina
- Skiednis fan Súd-Karolina
- Skiednis fan Teksas
- Skiednis fan Tennessee
- Skiednis fan Missoery
- Skiednis fan Oklahoma