Springe nei ynhâld

Karolina's

Ut Wikipedy
De lokaasje fan 'e Karolina's yn 'e Feriene Steaten.

De Karolina's is in namme dêr't de Amerikaanske steaten Noard-Karolina en Súd-Karolina ûnder beflapt wurde. Histoarysk wie it in oantsjutting foar de provinsje Karolina, dy't yn it iere koloniale tiidrek bestie, fan 1663 oant 1710, foarôfgeande oan 'e opspjalting fan it gebiet yn 'e aparte koloanjes Noard- en Súd-Karolina om 1729 hinne. De term wurdt noch altiten wol brûkt om 'e mienskiplike kultuer, sosjology, ekonomy, etnysk erfskip, geografy en floara en fauna fan 'e beide steaten oan te jaan, of gewoan as in ôfkoarting sadat men se net beide hoecht op te neamen.

De namme "Karolina" is ûntliend oan 'e ferneaming nei de Ingelske kening Karel I. Noard- en Súd-Karolina hawwe tegearre in befolking fan likernôch 14,6 miljoen minsken (2013) op in mienskiplik oerflak fan sa'n 86.000 km², wat in befolkingstichtens fan likernôch 66 minsken de km² opsmyt. It grutste plak yn 'e Karolina's is de stêd Charlotte, yn Noard-Karolina, folge troch Raleigh, ek yn Noard-Karolina, en dan Greenville, yn Súd-Karolina. De befolking bestiet foar it grutste part út blanken en Afro-Amerikanen. De grutste Yndianestammen yn 'e Karolina's binne de Lumby Stamme fan Noard-Karolina, út súdeastlik Noard-Karolina, mei 55.000 leden, en de Eastlike Troep fan Sjeroky Yndianen, út westlik Noard-Karolina, dy't sa'n 13.000 leden telt.

De skyline fan Charlotte, de grutste stêd yn 'e Karolina's.

Histoarysk en kultureel sjoen meitsje de Karolina's diel út fan it gruttere gebiet fan it Amerikaanske Suden. Dy krite waard fan âlds karakterisearre troch grutte katoen- en tabaksplantaazjes en it behâld fan it ynstitút fan 'e slavernij doe't dat yn 'e noardlike steaten al in heale iuw ôfskaft wie. Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch besocht it Suden him tusken 1861 en 1865 fan 'e Feriene Steaten ôf te skieden ûnder de namme fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika (of koartwei "de Konfederaasje"). Dêrby naam Súd-Karolina, dat nei it steatsembleem op syn flagge ek wol de Dwerchpalmsteat neamd wurdt, it foartou, mei de Besjitting fan Fort Sumter, yn 'e haven fan Charleston, op 12 april 1861.

Yn 'e tweintichste en ienentweintichste iuw is fral Súd-Karolina ien fan 'e konservatyfste, men soe sels sizze kinne reäksjonêrste, Amerikaanske steaten bleaun. Sa wie it de iennichste Amerikaanske steat dêr't it oant fier yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw ûnmooglik wie om te skieden, en noch altyd bestiet in grut part fan 'e Súdkarolynske befolking út fûnemintalistyske kristenen. Noard-Karolina, dêrfoaroer, waard lange tiid beskôge as de meast progressive steat fan it Suden, al kin dat tsjintwurdich net mear sein wurde. Lykwols binne de beide Karolina's yn polityk opsjoch de beide meast opinoar lykjende fan alle Amerikaanske steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.