Georgia
Steat Georgia State of Georgia | |
---|---|
flagge | wapen |
Wisdom, Justice, Moderation (Ingelsk, "Wiisheid, Rjochtfeardichheid, Moderaasje") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | GA |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1788) |
haadstêd | Atlanta |
grutste stêd | Atlanta |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 10.097.343 (2014) |
befolkingstichtens | 65,4 / km² |
oerflak | 153.909 km² (2,6% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Peach State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
webside | www.georgia.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Georgia. Foar oare betsjuttings, sjoch: Georgia (betsjuttingsside).
Georgia (útspr.: ['ʤɔ:ɹʤa], likernôch "dzjôrdzja"), offisjeel de Steat Georgia (Ingelsk: State of Georgia), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Georgia, byneamd de Peach State (de "Pjiskesteat"), leit yn it súdeasten fan it lân, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Atlanta, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 10 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 8e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Georgia mei krapoan 154.000 km² de 24e steat. Georgia stiet bekend om syn hjitte, neare klimaat, syn natoerskientme en syn skiednis as ien fan 'e oarspronklike steaten fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Georgia is ferneamd nei kening George II fan Grut-Brittanje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Georgia hat in oerflak fan 153.909 km², wêrfan't 2,6% út wetter bestiet. Dêrmei is it de grutste Amerikaanske steat beëasten de rivier de Mississippy kwa lânoerflak, hoewol't it Michigan, Floarida en Wiskonsin foargean litte moat as ek it wetteroerflak meirekkene wurdt. Georgia leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat grinzget yn it noardeasten oan 'e steat Súd-Karolina, yn it noarden oan Noard-Karolina en Tennessee, yn it westen oan Alabama en yn it suden oan Floarida. Yn it súdeasten hat Georgia in likernôch 175 km lange kustline oan 'e iepen Atlantyske Oseaan.
De grins mei Súd-Karolina folget (fan noardwest nei súdeast) de rin fan 'e rivieren de Chattooga, de Tugaloo en de Savannah. De súdlike helte fan 'e westgrins mei Alabama folget de rin fan 'e rivier de Chattahoochee, en yn it uterste súdeasten folget de grins mei Floarida de rin fan 'e rivier de St. Mary's. Fierders besteane de grinzen fan Georgia foar it meastepart út rjochte linen. De grutste rivier is de Savannah, dy't by de stêd Savannah yn 'e Atlantyske Oseaan útmûnet.
It noardlike en noardwestlike part fan Georgia makket diel út fan 'e Appalachen, it grutste berchtme yn Noard-Amearika nei de Rocky Mountains. Wat fierder nei it súdeasten oft men komt, wat leger oft it lân leit, oant it der tsjin 'e grins mei Floarida alhiel ûnder strûpt yn it útstruten Okefenokee-moeras. It heechste punt yn 'e steat is Brasstown Bald, in berchtop yn 'e Appalachen op 1.458 m boppe seenivo, en it leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit. Foar de Atlantyske kust leit by de hiele kustline fan Georgia lâns in rige barriêre-eilannen dy't de See-eilannen hjitte. Der binne yn Georgia gjin federale Yndianereservaten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e prehistoarje waard Georgia bewenne troch ferskate kultueren fan Yndiaanske terpebouwers. Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers it gebiet oandiene, waard de kust bewenne troch de Jamassy (Yamassee), wylst it binnenlân fierhinne yn 'e hannen wie fan 'e Kriik (Creek), twa nau besibbe Muskogeeske folken. It bercheftige noarden hearde ta it domein fan 'e Irokeeske Sjeroky (Cherokee).
De earste Jeropeaan dy't Georgia oandie, wie mooglik de Spanjert Juan Ponce de León, op syn syktocht nei de Boarne fan de Ivige Jonkheid. Yn 1526 besocht Lucas Vázquez de Ayllón yn Georgia in koloanje te stiftsjen. Nei alle gedachten wie dat op it eilân dat no St. Catherine's hjit. Oan it begjin fan 'e achttjinde iuw krigen de Ingelsen fanút harren koloanje Súd-Karolina wei Georgia stevich yn 'e hannen. De Britske koloanje Georgia, wêrfoar't kening George II fan Grut-Brittanje yn 1732 in oarkunde ferliende, waard op 12 febrewaris 1733 fysyk yn besit nommen troch James Oglethorpe. Dêrmei wie it de lêste fan 'e oarspronklike Trettjin Koloanjes. Georgia waard bestjoerd troch de saneamde Bewâldfierders foar de Stifting fan de Koloanje Georgia yn Amearika, dy't in yngewikkeld plan foar de kolonisaasje fan it gebiet opstelden dat it Oglethorpe Plan kaam te hjitten. Dat stelde it gebiet foar as in soarte fan agrarysk paradys foar eigenerfde boeren, dêr't slavernij net tastien wie.
Yn 1742 diene de Spanjerts ûnder de Oarloch om Jenkins' Ear fanút Spaansk-Floarida in ynfal yn Georgia. Tsien jier letter, yn 1752, draaide it Britske regear de jildkraan ticht dy't de koloanje geande hold, mei as gefolch dat de bewâldfierders gjin oare kar hiene as om 'e koloanje oer te dragen oan 'e Britske Kroan. Georgia waard dêrnei in kroankoloanje, mei in gûverneur dy't oansteld waard troch de kening. Slavernij, in ynstitút dat de bewâldfierders twa desennia lang bûtendoar witten hiene te hâlden, waard dêrtroch yn Georgia legaal.
Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) wie Georgia ien fan 'e oarspronklike Trettjin Koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin 'e Britske oerhearsking, al wie de animo foar de rebûlje yn Georgia it leechst fan al dy koloanjes. Nettsjinsteande dat ûndertekenen fertsjintwurdigers fan it regear fan Georgia yn 1776 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring. Yn febrewaris fan it jiers dêrop waard de earste grûnwet fan Georgia troch it koloniale parlemint ratifisearre. Under de oarloch waard der yn Georgia mar amperoan fochten. Nei't de jonge Feriene Steaten harren ûnôfhinklikheid feilichsteld hiene by de Frede fan Parys, wie Georgia op 2 jannewaris 1788 de fjirde steat dy't de Amerikaanske Grûnwet ratifisearre.
Yn 1829 waard der yn 'e Appalachen fan noardlik Georgia goud ûntdutsen, wat ta de Georgiaanske Goudkoarts late. De tafloed fan blanke kolonisten sette it steatsregear en de Amerikaanske federale oerheid ûnder druk om 'e Sjeroky Naasje syn lân te ûntnaderjen. Yn 1830 waard troch presidint Andrew Jackson de Wet op de Yndiaanske Ferwidering ûndertekene, dy't de deportaasje mooglik makke fan 'e Sjeroky en de rest fan 'e saneamde Fiif Beskaafde Stammen út it súdeasten fan 'e Feriene Steaten wei nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma).
De Sjeroky fochten dy wet oan en krigen yn 'e rjochtsaak Worcester v. Georgia gelyk fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, mar dy útspraak waard troch Jackson en it regear fan Georgia wollens en mienens negearre. Doe't opperrjochter John Marshall it fûnis foarlêzen hie, utere Jackson de wurden: "John Marshall hat syn beslút nommen; lit er no ek mar sjen dat it neilibbe wurdt." Yn 1838 stjoerde Jackson syn opfolger, presidint Martin Van Buren, it Amerikaanske Leger om 'e Sjeroky byinoar te driuwen en mei geweld fan harren lân te heljen. Hja waarden neitiid twongen om oer it kweaferneamde Trail of Tears ("Paad fan Triennen") nei it Yndiaanske Territoarium te marsjearjen, wêrby't 4.000 Sjeroky ûnderweis omkamen.
Op 19 jannewaris 1861 skate Georgia him ôf fan 'e Feriene Steaten, wêrnei't it trije wiken lang in de facto ûnôfhinklike republyk foarme. Op 8 febrewaris hearde Georgia mei Súd-Karolina, Mississippy, Floarida, Alabama en Louisiana ta de seis oprjochtsjende lidsteaten fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Under de dêropfolgjende Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) ûntjoech Georgia him meitiid ta in wichtich front yn 'e striid, dêr't û.m. de Slach by Chickamauga en de Slach by Kennesaw Mountain plakfûnen.
Yn 1864 folge de slepende Slach om Atlanta, wêrby't dy stêd 107 dagen troch de Noardlike troepen belegere waard, oant de ferdigeners úteinlik op 1 septimber belies jaan moasten. De pleatslike Súdlike befelhawwer, generaal John Bell Hood, liet foar syn ôftocht alle iepenbiere gebouwen yn 'e brân stekke en alle guod dat de Noardliken mooglikerwize helpe kinne soe, ferrinnewearje. Nei't boargemaster James Calhoun de stêd de oare deis oan 'e Noardlike generaal William Tecumseh Sherman oerjûn hie, liet dy de befolking op 7 septimber evakuëarje, wêrnei't er hiel Atlanta platbaarne liet, útsein inkeld de tsjerken en de sikehuzen.
Neitiid fierde Sherman syn ferneamde Mars nei de See út, wêrby't er yn desimber 1864 in brede stripe lân fan Atlanta nei de havenstêd Savannah yn 'e jiske lei. Yn totaal sneuvelen 18.253 Georgiaanske soldaten yn 'e Boargeroarloch, wat rûchwei ien op 'e fiif wie fan al dyjingen dy't tsjinst nommen hiene. Under it Tiidrek fan de Weropbou, nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch, wie Georgia op 15 july 1870 de lêste Súdlike steat dy't wer ta de Amerikaanske Uny talitten waard. Fanwegen it belang fan Atlanta as spoarknooppunt waard yn 1868 de steatshaadstêd fan Georgia derhinne ferpleatst út Milledgeville wei.
Doe't blanke Demokraten yn 1877 de macht wer yn 'e hannen krigen yn it Steatskongres fan Georgia, yntrodusearren se in belestingtaryf dêr't men oan foldwaan moast om stimme te meien. Dat wie in útsochte maatregel om hast alle nei de ôfskaffing fan 'e slavernij befrijde swarten en ek it meastepart fan 'e earme blanken har kiesrjocht te ûntnimmen. Oare soartgelikense maatregels folgen, wêrmei't de swarten, dy't yn 1900 46,7% fan 'e Georgiaanske befolking útmakken, bûten spul set waarden. Fanwegen diskriminaasje en earmoede teagen fan 1913 oant 1940 ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing hûnderttûzenen swarten út Georgia wei, om yn 'e yndustrystêden fan it noarden, lykas Philadelphia, New York, Detroit, Cleveland en Chicago, in better libben te sykjen. Under de Twadde Afro-Amerikaanske Folksferhuzing folge tusken 1945 en 1970 nochris sa'n migraasjeweach, wêrby't doe fral ek de stêden oan 'e westkust, lykas Los Angeles en San Francisco, ta de bestimmings hearden.
Yn 'e 1950-er en 1960-er jierren stried de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging foar lykberjochtiging foar Afro-Amerikanen. Dêrby kamen de swarte aktivisten geregeldwei yn botsing mei de hearskjende blanke politike elite. Boppedat fierde de rasistyske Ku Klux Klan in kampanje fan yntimidaasje en geweld tsjin 'e Afro-Amerikanen. Pas yn 'e rin fan 'e jierren sechstich, doe't it federale regear yn Washington, D.C. de Súdlike steaten lykberjochtiging fan alle ynwenners oplei, kaam oan 'e ynstitúsjonalisearre diskriminaasje in ein.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Georgia bestiet bestjoerlik út 159 countys, it grutste oantal fan alle Amerikaanske steaten útsein Teksas (dat der 254 hat). Oant 1931 hie Georgia 161 countys, mar oan 'e ein fan dat jier waarden Milton County en Campbell County anneksearre troch Fulton County. De steatshaadstêd, Atlanta, leit yn Fulton County, it noardwesten fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Georgia bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Algemiene Assimblee fan Georgia, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 56 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 180 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Georgia, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Georgia 14 sitten.
It politike lânskip fan Georgia wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Oarspronklik sloegen de Demokraten yn Georgia lang foar master op, mar sûnt de Amerikaanske politike omwikseling fan 'e 1950-er en 1960-er jierren, wêrby't de Demokraten almar progressiver waarden en de (oarspronklik progressive) Republikeinen wat langer wat konservativer, hawwe yn Georgia de Republikeinen de macht fêst yn 'e hannen. It plattelân fan 'e steat is noch altyd uterst konservatyf, mar troch de oanhâldende groei fan 'e befolking fan Atlanta en foarstêden, dêr't men folle progressiver is, ferwachtet men dat de Demokraten om 2025 hinne wer kâns meitsje sille om Georgia by Amerikaanske presidintsferkiezings te winnen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bruto steatsprodukt fan Georgia bedroech yn 2010 $403 miljoen. Yn 2011 kaam it bruto steatsprodukt per lid fan 'e befolking op $35.979 út. As Georgia in ûnôfhinklik lân wie, soe it dêrmei it 28e plak ynnimme op 'e ranglist fan 'e grutste ekonomyen fan 'e wrâld. Der binne in stikmannich grutte en bekende bedriuwen yn 'e steat fêstige (benammen yn Atlanta), wêrûnder de doch-it-selskeatling Home Depot, de pakketbesoarchtsjinst UPS, de frisdrinkenprodusint Coca-Cola, de loftfeartmaatskippij Delta Airlines en de ynternasjonale nijsstjoerder CNN.
It plattelân fan Georgia is noch fierhinne in agrarysk gebiet, dêr't benammen pinda's, maïs en soajabeane ferboud wurde. De steat is fierders ek wrâlds topprodusint fan pekannuten, dy't fral yn 'e súdwestlike kontrei om Albany hinne ferboud wurde. De krite fan Gainesville, yn it noardeasten fan 'e steat, is in sintrum fan plomfeehâlderij. De wichtichste agraryske útfierprodukten fan Georgia binne hinne- en kalkoenefleis, aaien, pinda's, pekannuten, pjisken, katoen, rogge, kowefleis, bargefleis, suvelprodukten, hout (fral dinnehout), tabak en grienten.
Op it mêd fan 'e yndustry moat fral de tekstylyndustry neamd wurde, dy't sterk konsintrearre is yn 'e stêden Rome, Columbus, Augusta en Macon en by de snelwei Interstate 75 lâns tusken Atlanta en Chattanooga, oare kant de grins mei Tennessee. It stedsje Dalton lit him derop foarstean de 'flierbedekkingshaadstêd fan 'e wrâld' te wêzen. Behalven flierbedekking en flierkleden wurde yn 'e tekstylyndustry fan Georgia ek klean, bêdrêding, handoeken, ensfh. makke.
Ek de Amerikaanske Striidkrêften drage flink by oan 'e ekonomy fan Georgia, mei't de steat ien fan 'e grutste militêre ynfrastruktueren hat fan alle Amerikaanske steaten. Sa binne der û.m. fêstige de legerbases Fort Benning, Fort Gordon en Fort Stewart, de loftmachtbases Moody en Robins, it Lânmachtfleanfjild Hunter, de Loftreservebasis Dobbins, de Mariniersbasis Albany, de Marinedûkboatbasis Kings Bay, it Kustwachtloftstasjon Savannah en it Kustwachtstasjon Brunswick.
It toerisme, ta einbeslút, is ek fan grut belang foar de ekonomy fan Georgia. Allinnich al de histoaryske binnenstêd fan Savannah lûkt jiers mear as 11 miljoen besikers. Atlanta, mei û.m. it Coca-Colamuseum World of Coke, it Georgia Aquarium, de dieretún Zoo Atlanta, de CNN-studio's en it hûs dêr't de fermoarde minskerjochte-aktivist Martin Luther King syn bernetiid trochbrocht, kriget rom 4 miljoen toeristen yn 't jier.
Fierders stiet yn Warm Springs it saneamde Lytse Wite Hûs, de simmerresidinsje fan presidint Franklin D. Roosevelt, wylst yn Plains it Jimmy Carter Library and Museum fêstige is, wijd oan presidint Jimmy Carter en dy syn regear, dy't yn Georgia hikke en tein wie. Yn Augusta wurdt elts jier yn april it Masters Tournament holden, ien fan 'e wichtichste golftoernoaien fan 'e wrâld. Ek Covington kriget in protte toeristen, mei't dêr (foar in diel) de bekende tillefyzjesearje út 'e 1980-er jierren The Dukes of Hazzard opnommen is.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Georgia yn 2014 10.097.343 ynwenners, wat in groei fan 4,2% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 65,4 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de steatshaadstêd Atlanta, mei 456.000 ynwenners yn 2014. Oare gruttere stêden binne: Columbus (201.000), Augusta (197.000), Macon (154.000), Savannah (144.000), Athens (120.000), Sandy Springs (102.000), Roswell (94.000), Johns Creek (83.000) en Albany (76.000).
Etnisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Georgia doe sa: 55,9% blanken; 30,5% swarten; 8,8% Latino's; 3,2% Aziaten; 0,3% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Blanke Georgianen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei (yn 2011) as grutste oarsprongsgroepen Ingelsen (8,1% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (8,1%) en Dútsers (7,2%). De See-eilannen, foar de kust fan Georgia, wurde bewenne troch de See-eilânkreoalen (of Gullah), in subgroep fan 'e Afro-Amerikanen, dy't dêr harren eigen taal en kultuer ûntwikkele hawwe. Georgia hat gjin federaal erkende Yndianestammen. Wol binne der yn Georgia fjouwer stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:
- de Georgiaanske Stamme fan Eastlike Sjeroky (N.B.: der besteane twa oare stammen sûnder erkenning dy't deselde namme drage)
- de Georgiaanske Kokeneshv Natsjês Naasje
- de Neder-Muskogy Kriik Stamme fan Georgia
- de Stammeried fan de Sjeroky fan Georgia
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal fan Georgia is it Ingelsk, dat as sadanich yn 'e steatsgrûnwet fêstlein is. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie it Ingelsk doe foar 87,4% fan 'e befolking fan Georgia de memmetaal. Oare wichtige memmetalen yn 'e steat wiene it Spaansk (7,4%), it Koreaansk (0,5%), it Fjetnameesk (0,44%), it Frânsk (0,42%), it Sineesk (0,38%) en it Dútsk (0,29%). Mank in lyts part fan 'e lânseigen befolking yn it noarden en noardwesten fan Georgia wurdt noch Sjeroky sprutsen. Op 'e See-eilannen, foar de Georgiaanske kust, wurdt it See-eilânkreoalsk sputsen, de kreoalske taal fan in subgroep fan 'e Afro-Amerikanen.
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2010 83% fan 'e befolking fan Georgia út kristenen, wêrûnder 71% protestanten en 12% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene de Súdlike Baptistekonvinsje mei rom 1.759.000 leden; de Feriene Metodistyske Tsjerke mei krapoan 620.000 leden; de Tsjerke fan God (Cleveland, Tennessee) mei goed 175.000 leden; en de Nasjonale Baptistekonvinsje, FSA mei sa'n 173.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen 13% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene: it joadendom (1%) en de islaam, it boedisme en it hindoeïsme (allegear 0,5%).
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Georgia hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte, neare simmers (benammen yn it leechlân dat it meastepart fan it grûngebiet fan 'e steat beslacht) en mylde winters. Simmerdeis binne yn Atlanta temperatueren oerdeis fan 32 °C hiel normaal, wylst it kwik by 't winter sakket oant 10-15 °C oerdeis. Rekôrtemperatueren yn Georgia wiene 44,4 °C, op 24 july 1952 yn Louisville, en –27,2 °C op 27 jannewaris 1940 yn it noarden fan Floyd County. Delslachhoemannichten rinne útinoar fan 1.143 mm yn 'e midden fan 'e steat oant 1.905 mm yn it noardeasten.
Georgia is ien fan 'e Amerikaanske steaten dy't it faakst troffen wurde troch tornado's, hoewol't dat oer it algemien mar swakke eksimplaren binne ferlike mei dy dêr't westliker steaten mei te krijen hawwe. Mei syn Atlantyske kustline is Georgia fierders kwetsber foar orkanen, dy't gauris by de kust lâns skampe út it Karibysk Gebiet wei ûnderweis nei it noarden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |