Kalkoen

Ut Wikipedy
Kalkoen
kalkoen (Meleagris gallopavo)
kalkoen (Meleagris gallopavo)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: goes- en hineftigen (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
famylje: fazantfûgels (Phasianidae)
ûnderfamylje: kalkoenfûgels (Meleagridinae)
skaai: kalkoenen (Meleagris)
soarte: kalkoen (Meleagris gallopavo)
Linnaeus, 1758

De kalkoen (wittenskiplike namme: Meleagris gallopavo) is ien fan de twa soarten fan it skaai fan de kalkoenen (Meleagris). De kalkoen is de grutste soarte fan de famylje fan de fazantfûgels (Phasianidae) en fan it skift fan de hineftigen (Galliformes).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Folwoeksen kalkoenmantsjes wurde 1 m heech en kinne 10 kg weage. De wyfkes binne wat lytser (90 cm) en folle lichter: likernôch 4 kg. De fearren binne donkerbrún oant swart, mei in metaalglâns by de mantsjes. De keale kop is ljochtblau, en de hals en kiel binne bleekread. Kalkoenen kinne 10 oant 12 jier âld wurde.

Versprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kalkoenen komme fan Súd-Kanada oant Meksiko foar. Se libje yn bosken mei strewiel. Ferwyldere ynfierde populaasjes komme in Austraalje, Nij-Seelân, en ferspried yn Jeropa foar.

Belang foar de minske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it oankommen fan de Jeropeanen libbe der tsientallen miljoenen kalkoenen yn Noard-Amearika. Yndianen brûkten it fleis, mar ek de fearren. Yn Meksiko en it Súdwesten fan de Feriene Steaten waarden de kalkoenen al tûzen of mear jier troch de Yndianen domestiseare oant ‘húskalkoenen’. De Spanjerts brochten de húskalkoen ek nei Jeropa. Yn de hiele wrâld wurde der tsjintwurdich jierliks sa’n 460 miljoen kalkoenen produsearre, wêrfan de helte yn de Feriene Steaten.

Bedriging en beskerming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de tsientallen miljoenen wylde kalkoenen om 1500 hinne, wiene der healwei de tweintichste iuw noch mar sa’n 130.000 oer, foaral as gefolch fan de grutskalige ûntbosking. Dêrnei waarden in soad beskermingsmaatregels nommen en ein tweintichste iuw wiene der wer 3 oant 5 miljoen wylde kalkoenen yn Noard-Amearika.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Skaai: kalkoenen (Meleagris), 2 soarten
    • kalkoen (Meleagris gallopavo)
      • Meleagris gellopavo silvestris, S-Kanada, M,E Feriene Steaten
      • Meleagris gellopavo osceola, Florida
      • Meleagris gellopavo intermedia, Teksas, NE-Meksiko
      • Meleagris gellopavo mexicana, N-Meksiko
      • Meleagris gellopavo merriami, W Feriene Steaten
      • Meleagris gellopavo gallopavo, S-Meksiko
    • paukalkoen (Meleagris ocellata), monotypysk (gjin ûndersoarten)