Omnivoar

Ut Wikipedy

In omnivoar of allesiter is in organisme dat sawol plantaardich as dierlik materiaal brûkt om him mei te fieden. De term komt út it Latyn, fan omnis ("alles") en -vorus ("iter"). De oantsjutting "omnivoar" wurdt brûkt om alles ûnder te beflappen fan karnivoaren (fleisiters) dy't op syn minsten foar 5% planteguod frette, oant herbivoaren (plante-iters) dy't op syn minsten foar 5% dierlik materiaal frette. Organismen dy't inkeld dea of ôfstoarn organysk (plantaardich sawol as dierlik) materiaal ta har nimme, wurde detrivoaren of detritivoaren neamd. Omnivoaren binne yn 'e regel op it mêd fan iten minder spesjalisearre as karnivoaren of herbivoaren, en kinne har dêrtroch faak better oanpasse oan feroarings yn har habitat. De bekendste omnivoar is fansels de minske. Oare bekende omnivoaren, lykas de brune rôt, de hûsmûs en sels de waskbear, hawwe har oanpast oan it libjen yn minsklike biotopen as de grutte stêd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.