Iikhoarntsjes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Iikhoarntsjes
In (gewoan) iikhoarntsje.
In (gewoan) iikhoarntsje.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
Fischer von Waldheim, 1817

De iikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Sciuridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha). Dizze famylje omfettet sa'n 278 ûnderskate soarten, wêrfan't de wichtichste en bekendste groepen de beamiikhoarntsjes, grûniikhoarntsjes, fleanende iikhoarntsjes, marmotten en prêrjehûnen binne.

Iikhoarntsjes komme foar yn 'e Amearika's, Jeraazje en Afrika, en binne troch de minske yn Austraalje yntrodusearre. Biotopen fan dizze bisten rinne útinoar fan steppes oant reinwâlden, en wylst guon treflik oanpast binne oan it libjen heech yn 'e beammen, binne oaren hoalegravers, dy't noch nea in beam fan deunby sjoen hawwe. Hast alle soarten iikhoarntsjes hawwe in langwerpich lichem mei rûne foarmen en in lange plomsturt (al ûntbrekt de sturt wolris). Har gesichtsfermogen is tige goed ûntwikkele, en se binne foar it meastepart oerdeis aktyf, útsein de fleanende iikhoarntsjes, dat nachtdieren binne.

Famylje-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.