Springe nei ynhâld

Eksoat

Ut Wikipedy
De Sineeske wolhânkrabbe is in eksoat dy't ek yn Fryske binnenwetters foarkomt.

In eksoat (ek wol in ynvasive eksoat neamd) of in útlânske soarte is in plante- of bistesoarte dy't fan oarsprong net yn in beskaat gebiet foarkomt, mar dêr (ornaris) troch de minske yntrodusearre is, itsij mei sin of by ûngelok. Foarbylden fan eksoaten binne: de wylde knyn yn Austraalje, it everswyn yn Noard-Amearika en de muskesrôt en de Sineeske wolhânkrabbe yn Nederlân. Sokke soarten rjochtsje gauris swiere ekologyske skea oan, mei't se yn harren nije om-en-by faak gjin natuerlike fijannen hawwe (dy't har populaasjegroei yn 'e besnijing hâlde) of om't it plantelibben der net tsjin harren opwoeksen is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.