Wylde knyn

Ut Wikipedy
Wylde knyn
Oryctolagus cuniculus Tasmania 2.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje: hazzen en kninen (Leporidae)
skaai: Jeropeeske kninen (Oryctolagus)
soarte
Oryctolagus cuniculus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
Fersprieding fan 'e wylde knyn (read is lânseigen; rôs is útlânsk).

De wylde knyn (Latynske namme: Oryctolagus cuniculus), om ûnderskie te meitsjen mei oare kninesoarten ek wol Jeropeeske knyn of Jeropeeske wylde knyn neamd, is in hazze-eftige dy't yn in grut part fan kontinintaal Jeropa (wêrûnder Fryslân) en op 'e Britske Eilannen rûnom foarkomt. Troch opsetlike yntroduksje troch de minske komt er no ek foar yn oare dielen fan 'e wrâld, benammen yn Austraalje, dêr't er him ûntjûn hat ta in pleachdier. Behalven in bistesoart foarmet de wylde knyn ek it monotypysk (út ien soarte besteand) skaai fan 'e Jeropeeske kninen (Oryctolagus) binnen de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae). It mantsje hjit yn it Frysk in raam, en it wyfke in ei of mot.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemiene fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Djip yn 'e prehistoarje kaam de wylde knyn yn hiele Jeropa foar, mar ûnder de lêste iistiid loek er him werom nei it westlike Middellânske-Seegebiet. Nei it ferdwinen fan it lâniis wûn er syn âlde territoarium ynearsten net werom, mei't er yn 'e oerbosken net goed út 'e fuotten koe en om't de Pyreneeën boppedat syn opmars tsjinkearden. Yn 'e Midsiuwen waard er troch de minske oeral útset as jachtwyld, mar resint ûndersyk hat útwiisd dat er úteinlik, sij it folle letter, syn hjoeddeiske fersprieding yn Jeropa ek op eigen krêft berikt hawwe soe.

Hoe dan ek, yn Jeropa wurdt de wylde knyn as lânseigen beskôge op it Ibearysk Skiereilân en yn súdwestlik en westlik Frankryk (Bretanje dêrby ynbegrepen). Yn oare dielen fan Jeropa komt er dus ek al sûnt de Midsiuwen foar, mar wurdt er frjemdernôch noch altiten beskôge as in eksoat. Ta dy gebieten hearre: de Britske Eilannen, de Benelúks, noardlik en eastlik Frankryk, Dútslân, Denemark, noardeastlik Itaalje, Korsika, Sardynje, Sisylje, de Baleären, Kreta, Syprus, Sloveenje, Hongarije, Transsylvaanje, Slowakije, Tsjechje, Poalen, Litouwen, eastlik Eastenryk, it uterste westen fan 'e Oekraïne en Wyt-Ruslân, súdlik Sweden en de Finske Ålâneilannen.

Bûten Jeropa is de wylde knyn lânseigen yn it Atlasberchtme fan Marokko en Algerije. As eksoat komt er ek foar yn noardlik Sily, yn it Argentynske Fjoerlân, oan 'e súdpunt fan Súd-Amearika, op 'e Britske Falklâneilannen, yn hiele Austraalje, útsein it uterste noarden en noardwesten, en yn Nij-Seelân. Fral yn Austraalje, dêr't er troch de Britske kolonisten ek wer as jachtwyld útset is en dêr't er suver gjin natuerlike fijannen hat, hat dat laat ta in wiere kninepleach, en wurde der jiers kaptalen útjûn om 'e populaasje yn 'e besnijing te hâlden.

Fersprieding yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de wylde knyn hast oeral foar, al lykje krekt Fryslân, mar ek Grinslân en it noardeasten fan Noard-Hollân, wat minder tichtbefolke te wêzen. Yn Fryslân libje wylde kninen fral op 'e sângrûnen fan 'e Wâlden, op 'e Waadeilannen, yn Gaasterlân en by de Iselmarkust lâns.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylde kninen hawwe in kopromplingte fan 35-45 sm, en in sturtlingte fan 4-8 sm. Harren earen binne 6½-7½ sm lang en se weagje 1,2-2,5 kg. De eien hawwe in wat smeller kopke as de rammen. De pelskleur kin útinoar rinne fan sânkleurich oant griisbrún, al komme oare kleuren ek foar as gefolch fan krusings mei nuete kninerassen. De wylde knyn liket frijwat op 'e hazze, mar kin dêrfan ûnderskaat wurde troch trije dingen. Yn it foarste plak is de hazze grutter fan stal; oard hawwe de earen fan 'e hazze swarte úteinen; en trêd litte hazzen by it draven de dûnkerbrune oant swarte boppekant fan 'e sturt sjen, wylst de wylde knyn dravendewei de wite ûnderkant fan 'e sturt toant.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylde kninen komme it meast foar yn drûge gebieten mei sângrûn en healiepen begroeiïng. Iepen gerslân hâlde se net fan en yn klaai kinne se gjin hoalen grave, dat yn 'e Greidhoeke en de Bouhoeke sille se net gau aardzje. Wiete of moerassige kriten ferspije se alhielendal. Mar fierders hawwe se har oanpast oan in grut ferskaat fan lânskipstypen, mei dêrûnder dunen, sânopspuitings, seediken, begroeide bermen en sleatskanten, beamwâlen, wâldsiggen, nuddelbosken, greiden, tunen, stedsparken en sels yndustryterreinen. Yn 'e bergen komme se foar oant de beamgrins.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylde kninen grave hoalen om har feilich yn deljaan te kinnen en as plak fan beskûl foar as der gefaar driget. Wat langer oft se der tahâlde, wat grutter oft sa'n hoale wurdt en wat mear gongen oft der nei ta en út wei groeven wurde, sadat it úteinlik in boarch wurdt. Yn sa'n boarch libje wylde kninen yn famyljes, dy't op syn measten út tsien eksimplaren besteane. Somtiden nimme wylde kninen ek wol âlde fokse- of dasseboargen oer. Boppegrûnsk meitsje se soms legers, ûndjippe kûltsjes yn 'e begroeiïng, dy't lytser en ûndjipper binne as dy fan 'e hazze. It territoarium fan in famyljegroep strekt him út oant in straal fan 50 m om 'e boarch hinne.

Oars as hazzen kinne wylde kninen allinne mar sprinte en binne it gjin lange-ôfstânsdravers. As se flechtsje moatte, geane se ornaris sigesaagjend op 'e tichtstbye hoale oan. De wylde knyn is eins in nachtdier, dat him benammentlik yn 'e skimer en it tsjuster oppenearret. De famyljes besteane oer it algemien út ien dominant pearke mei in stikmannich ûnderhearrige eien en rammen, dy't faak har eigen âldere jongen binne. De dominante raam, mar ek syn ei, sille nijynkommelingen besykje te ferjeien.

In wylde knyn dy't deade wurdt troch in harmeling.

De djoeitiid, as de eien jachtich wurde, rint fan jannewaris oant augustus. Nei in draachtiid fan likernôch in moanne wurde der yn 'e regel 3-7 (1-9 komt foar) jongen smiten. In folwoeksen ei kin jiers trijeris smite. By de berte binne de jongen blyn, keal en helpleas, mar al nei 10 dagen komme se foar it earst bûten en nei harren earste winter binne se geslachtsryp. As it fretten krap is of by slimme kjeld of oerbefolking kin by wylde kninen oant 60% fan 'e embryo's ôfbrutsen en wer opnommen wurde yn it lichem fan 'e mem, sadat de fuortplanting sterk ferminderet.

Wylde kninen libje yn it wyld trochinoar mar oardel jier, hoewol't se de fiif jier wol helje kinne. Yn finzenskip kinne kninen wol njoggen jier wurde. De grutste gefaren foar wylde kninen wurde oan 'e iene kant foarme troch bejaging troch rôfdieren as de foks, de harmeling, de húskat en beskate rôffûgels (en fansels de minske), wylst oan 'e oare kant epidemyske sykten lykas myksomatoaze en RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien") in swiere tol easkje.

Fretten en Lûd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Itende wylde knyn.

Wylde kninen binne plante-iters, dy't libje op gerzen, krûden en jonge leaten fan strewelleguod. Fierders frette se ek wol plantewoartels en as se der de kâns ta sjogge gewaaksen dy't troch de minske ferboud wurde, lykas slaad, koal en woartels. Winterdeis tarre se oer it algemien op beamskoars. Ek fret de wylde knyn syn eigen kjitte wol op, in ferskynsel dat kropofagy neamd wurdt.

Wylde kninen meitsje oer it generaal net in protte leven, op út en troch in pear gnoarjende lûden nei, mar as se yn panyk reitsje, kinne se in grille, hege gjalp uterje. Om alaarm te slaan, geane se rjochtop sitten en trommelje dan mei beide efterpoaten op 'e grûn om.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen syn kwetsberens foar epidemyen hat de wylde knyn de IUCN-status fan "gefoelich" krigen, wat sizze wol dat er net bedrige wurdt, mar dat syn tastân al yn 'e rekken holden wurde moat. Yn Nederlân waard er healwei de fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw foar it earst troffen troch myksomatoaze, mei as gefolch dat er doe op in soad plakken ferdwûn is. Neitiid woeks de populaasje wer oan, mar fan 1994 ôf wie der op 'e nij in weromfal. Diskear wie dêr nei alle gedachten in útbraak fan RHD debet oan. Yn 2004 wie der yn Nederlân noch mar in trêde oer fan it oantal wylde kninen fan tsien jier earder.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.