Bretanje

Ut Wikipedy
Bretanje
flagge wapen
polityk
soarte gebiet skiereilân en
   histoaryske provinsje
lân Frankryk
regio Bretanje (regio)
Lân fan de Loire
departemint Côtes-d'Armor
Finistère
Ille-et-Vilaine
Loire-Atlantique
Morbihan
haadplak Nantes
grutste plak Nantes
sifers
ynwennertal 4.498.420 (2012)
oerflak 34.023 km²
befolkingstichtens 132,2 / km²
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 48°00′ N 3°00′ W
webside www.bretagne.com (regio)
Dizze side giet oer it skiereilân en de histoaryske provinsje Bretanje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bretanje (betsjuttingsside).

Bretanje (Bretonsk: Breizh, útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis"; Gallo: Bertaèyn of Bertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj"; Frânsk: Bretagne, útspr.: [bʀəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj"), is in skiereilân, histoaryske provinsje en kulturele regio yn it westen fan Frankryk, dy't fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. Yn it noarden wurdt it begrinzge troch It Kanaal, yn it westen troch de Keltyske See en yn it suden troch de Golf fan Biskaje. Bretanje is it heitelân fan 'e Bretonnen, in folk dat fan âlds in Keltyske taal sprekt, it Bretonsk. Sûnt de njoggentjinde iuw is it dêrmei gâns yn it neigean rekke troch de oanhâldende druk fan it Frânsk. Yn it easten fan Bretanje wurdt ek noch in oare minderheidstaal sprutsen, it Gallo; dat is in Romaanske taal dy't nau oan it Frânsk besibbe is. Bretanje hat 4,5 miljoen ynwenners en wurdt beskôge as ien fan 'e seis Keltyske naasjes.

Bretanje stie yn 'e Romeinske Tiid bekend as Armoarika, dat diel útmakke fan Galje. Nei de fal fan it Romeinske Ryk foarme it yn 'e Iere Midsiuwen it ûnôfhinklike Keninkryk Bretanje, dat yn 'e tsiende iuw oergie yn it krektlyk ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Yn 1532 kaam in ein oan 'e Bretonske ûnôfhinklikheid doe't it gebiet troch it Keninkryk Frankryk anneksearre waard. Neitiid foarme Bretanje in provinsje fan Frankryk oant yn 1789, mei de Frânske Revolúsje, alle provinsjes opheft en yn departeminten opdield waarden. Yn 1956 waard de moderne regio Bretanje oprjochte, dêr't lykwols de histoaryske haadstêd Nantes bûten holden waard. Hjoed de dei stiet Bretanje benammen bekend om syn Keltyske kultuer en syn withoefolle megalityske monuminten (lykas menhirs).

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It toponym 'Bretanje' komt fan it Frânske Bretagne, dat weromgiet op it Latynske Britannia, it "Lân fan 'e Brittanjers". Dy oantsjutting wie yn 'e Romeinske Tiid inkeld yn gebrûk foar it eilân Grut-Brittanje, wêrfan't it grutste diel doedestiden de Romeinske provinsje Brittanje (Britannia) foarme. Uteinlik giet it Latynske Britannia werom op in Gryksk wurd, Πρεττανικη, Prettanike, of Βρεττανίαι, Brettaniai. Dy oantsjuttings waarden brûkt troch Pyteäs, in ûntdekkingsreizger út 'e Grykske koloanje Massalia, dy't om 320 f.Kr. hinne de kustlinen fan 'e Britske Eilannen ferkende. Hy naam it wurd oer fan in tige gongber endonym út 'e talen fan 'e Brytoanyske Kelten, dat rekonstruëarre is as *Pritanī. It gie werom op it Oerkeltyske *Kʷritanoi, dat kaam fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *kʷer- mei de betsjutting "snije", "meitsje" (yn it Frysk bewarre bleaun as "kervje").

De Tombe fan Merlyn yn it Wâld fan Paimpont (dat it legindaryske Wâld fan Brocéliande út 'e Arthurleginden wêze soe).

De Romeinen tsjutten Bretanje oan as "Armoarika" (Armorica), wierskynlik fan it Gallyske wurd aremorika, dat "deunby de see" betsjut. It wie in tige ûnbeskate krite dêr't de hiele Atlantyske kust ta rekkene waard fan 'e mûning fan 'e Seine, by Le Havre, oant de mûning fan 'e Loire, by Nantes, en miskien sels wol oant de mûning fan 'e Garonne, by Bordeaux. In oare namme, Letavia (yn it âldere Latyn stavere as Letauia), wie oant de tolfde iuw ek foar Bretanje yn gebrûk. Dat betsjutte mooglik safolle as "útstrutsen flakte", en de hjoeddeistige Welske namme foar Bretanje, Llydaw, kaam dêrút fuort.

Nei de fal fan it Romeinske Ryk setten in protte Brytoanyske Kelten út Grut-Brittanje har yn Armoarika nei wenjen, mei as gefolch dat it gebiet tsjin 'e ein fan 'e fyfde of it begjin fan 'e sechsde iuw ek bekend kaam te stean as Britannia. Om ûnderskie te meitsjen tusken de beide 'Brittanjes' brûkten Midsiuwske skriuwers, lykas Geoffrey fan Monmouth, de term Britannia major ("Grut-Brittanje") foar it eilân, en Britannia minor ("Lyts-Brittanje") foar Bretanje. Sa kaam it eilân Grut-Brittanje oan syn hjoeddeistige namme. Yn lettere tiden, doe't it Latyn net mear as skriuwtaal brûkt waard, hoegde it ûnderskie op dy wize net mear makke te wurden, mei't de nammen fan 'e beide gebieten yn 'e sprektalen fan West-Jeropa net itselde wiene. Sa spriek men yn it Frânsk fan Brittannie foar Grut-Brittanje en fan Bretagne foar Bretanje. Krektsa makke it Ingelsk ûnderskie tusken Britain (Grut-Brittanje) en Brittany (Bretanje). Ek it Frysk ken sa'n ûnderskie tusken (Grut-)Brittanje en Bretanje.

De Bretonske Côte de Granit Rose ("Kust fan Rôze Granyt") by Trégastel.

De lânseigen namme foar Bretanje yn it Bretonsk is Breizh, dat op twa ferskillende manearen útsprutsen wurde kin. Yn it Kernevysk, it Leönaarsk en it Tregorreesk seit men fan [bʀɛjs] (likernôch: "bcheis"), stavere as Breiz, wylst men yn it ôfwikende Fanneteesk seit fan [bʀɛχ] (likernôch: "bchech"), stavere as Breih. De offisjele Bretonske stavering fan 'e namme, dy't sûnt 1941 yn gebrûk is mar nea botte populêr wurden is, kombinearret de -z fan 'e trije westlike en noardlike dialekten mei de -h út it súdlike Fanneteesk ta de saneamde Bretonske zh. Yn it Gallo, de oare lânseigen taal fan Bretanje, hat der nea in algemien akseptearre stavering west, en sadwaande wurdt de namme fan 'e regio yn dy taal skreaun as Bertaèyn of Bertègn of op ferskate oare manearen.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bretanje hat in oerflak fan 34.023 km². It is in skiereilân, dat oan 'e eastkant oan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa fêstsit en dêr grinzget oan 'e Frânske histoaryske kriten Normanje, Maine, Anzjû en Vendée (fan noard nei súd). Oan alle oare kanten wurdt Bretanje omjûn troch dielen fan 'e Atlantyske Oseaan: yn it noarden leit It Kanaal, yn it westen de Keltyske See en yn it suden de Golf fan Biskaje. Yn it noardeasten is de Golf fan Saint-Malo dat diel fan It Kanaal dat ynklamme leit tusken de noardkust fan Bretanje, de westkust fan Normanje en de súdkust fan 'e Kanaaleilannen. Oan 'e westpunt fan Bretanje hat de kust inkele djippe ynhammen, wêrfan't de Baai fan Douarmenez de grutste is. De ynhammen mei-inoar foarmje de See fan Iroise. Ek oan 'e súdkust fan it skiereilân lizze ferskate baaien, wêrûnder de Baai fan Audierne, de troch it Skiereilân fan Quiberon foarme Baai fan Quiberon, de Golf fan Morbihan, dat suver in lytse binnensee is, en de Baai fan Bourgneuf.

In sompe yn westlik Bretanje mei op 'e eftergrûn de Monts d'Arrée.

De kust fan Bretanje, is tige wyld, mei in protte kliffen en kapen. De kustline fan it skiereilân mjit yn totaal 2.860 km, wat in trêde fan 'e folsleine Frânske kustline is. By Bretanje hearre yn totaal mear as 800 ûnderskate eilannen. De grutsten binne Batz en Bréhat foar de noardkust, Ouessant, Molène, Beniguet en Sein foar de westkust, en Glénan, Croix, Belle-Île, Houat en Hoëdic foar de súdkust. Belle-Île is fierwei it grutste.

Geografysk kin Bretanje opdield wurde yn Opper-Bretanje, dat rûchwei de eastlike helte foarmet, en Neder-Bretanje, de westlike helte. It lânskip fan it skiereilân is oer it algemien heuveleftich, mei't it oerienkomt mei de westlike útein fan it Armorikaansk Massyf, in tige âld en ôfsliten berchtme dat him yn it easten útstrekt oant djip yn Normanje en it Lân fan 'e Loire. De grins mei Normanje wurdt foarme troch de rivier de Couesnon. It Armorikaansk Massyf berikt bûten Bretanje, yn it departemint Mayenne, syn grutste hichte fan 417 m, en rint dêrwei nei it westen ta oer it algemien ôf. It heechste punt fan Bretanje is de Roc'h Ruz yn 'e Monts d'Arrée fan Neder-Bretanje, mei in hichte fan 385 m. De Bretonske bocage, de opdieling fan it plattelân yn lytse fjilden dy't faninoar skaat wurde troch hege hagen, is sûnt de 1960-er jierren frijwol ferdwûn troch ruilferkaveling, om oan 'e easken fan 'e moderne lânbou foldwaan te kinnen.

In moannefisk swimt foar de kust fan Bretanje.

De measte wâlden fan Bretanje wiene yn in earder stadium ferdwûn om romte te meitsjen foar de bocage, mar inkelen besteane noch, lykas it Wâld fan Paimpont, wêrfan't wol sein wurdt dat it Wâld fan Brocéliande út 'e Arthurleginden is. Guon rotseftige of om oare redens ûnfruchtbere kriten wurde oerdutsen troch heide en heechfean. Der binne ek noch ferskate sompen, lykas de Brière, dy't diel útmakket fan in regionaal natoergebiet. In oar regionaal natoergebiet omfiemet de Monts d'Arrée en de kust fan 'e See fan Iroise, wylst dy see sels de status hat fan in biosfearreservaat fan 'e UNESCO.

Fauna en Bretonske húsdiererassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grut ferskaat oan wetterfûgels libbet oan 'e kust fan Bretanje, dêr't koloanjes ielskolfers, miuwen, alken, ginten, murren en seepappegaaien te finen binne. Sokke fûgels briede almeast op isolearre eilannen of rotsen yn see en binne sadwaande dreech waar te nimmen. Yn it binnenlân libje fûgels dy't ek op oare plakken yn Noardwest-Jeropa foarkomme, lykas wylde einen, fazanten, patrizen, houtsnippen, mosken, protters, lysters, swartkopkes, blaukopkes, readboarstkes, boeresweltsjes, gewoane toersweltsjes, ensfh.

In Bretonsk hynder.

Krekt as dat mei Cornwall, Wales en Ierlân it gefal is, lûke de kusten fan Bretanje in protte seedierte oan, wêrûnder kwabben, krabben, kreeften en alderhanne fisken, lykas seebears en de reuseftige (mar folslein ûngefaarlike) reuzehaai (dy't fan plankton libbet). Seesûchdieren, lykas de grize seehûn, de gewoane brúnfisk en ferskate soarten dolfinen komme ek oan 'e Bretonske kust foar, en itselde jildt foar de learskylpod. Yn 'e rivieren en beken fan Bretanje libje û.m. forel, Atlantyske salm, snoek, snoekbears, bears, twa soarten njoggeneagen, de swietwetterpearelmoksel en de swietwetterkreeft.

De gruttere sûchdieren, lykas de wolf en de lynks, binne yn Bretanje yn 'e iere Moderne Tiid útstoarn, mar op it skiereilân libje noch wol û.m. reeën, everswinen, foksen, hazzen, wylde kninen, harmelingen, wezelingen, bevers, otters en ferskate soarten flearmûzen. Guon eksoaten sjocht men leaver gean as kommen, lykas de út Súd-Amearika ôfkomstige beverrôt, dy't it ekosysteem oantaast, en dêrmei it ferdwinen fan 'e Jeropeeske nerts oanfiteret. Bretanje is ien fan mar in pear kriten yn West-Jeropa dêr't dy slim bedrige martereftige noch foarkomt.

Op it mêd fan domestisearre bisteguod stiet Bretanje bekend om 'e Bretonske spaniel, in steande hûn, en fierders om it Bretonske hynder, in lûkhynder, en ferskate kowerassen, wêrfan't guon op 'e râne fan it útstjerren ferkeare. It giet dêrby om 'e Bretonne pie noir, de froment du Léon, de Armoricaine en de Nantaise.

De Stiennen fan Carnac.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prehistoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bretanje hat al teminsten fan it Let-Paleolitikum ôf bewenne west troch minsken. De ierste minsklike bewenners wiene neändertalers, dy't yn it gebiet in argeologyske kultuer ûntwikkelen dy't 'Kolumbanysk' neamd wurdt. De âldste spoaren fan bewenning troch neändertalers yn Bretanje binne ûntdutsen yn Plouhinec, yn it departemint Finistère, en datearje fan likernôch 450.000 jier lyn. Homo sapiens, de moderne minske, fêstige him omtrint 35.000 jier lyn yn Bretanje, dêr't er it frijkommen plak fan 'e neändertaler ynnaam, dy't likernôch 40.000 jier lyn útstoarn wie.

Nei de lêste iistiid (dy't omtrint 12.000 jier lyn einige) rekke Bretanje tanksij it waarmer wurdende klimaat oerdutsen mei wâlden. It gebiet wie doedestiden noch mar tige tinbefolke mei lju dy't der in jager-sammelderlibbenswize op neiholden. De lânbou waard yn Bretanje yn it fyfde milennium f.Kr. yntrodusearre troch ymmigranten dy't har út it suden en easten wei op it skiereilân nei wenjen setten. De Neolityske Revolúsje (de oergong fan in jager-sammelderbestean nei in libbenswize basearre op lânbou) wie yn Bretanje gjin hommelse, radikale feroaring, mar in stadich proses dat him stap foar stap foltriek troch oanhâldende ymmigraasje fan lju fan bûtenôf dy't nije feardichheden oerbrochten oan 'e al oanwêzige befolking.

De fiif Gallyske stammen fan Armoarika.

It Neolitikum waard yn Bretanje karakterisearre troch de oprjochting fan in grut tal wichtige megalityske monuminten. It skiereilân wurdt dêrom ek wol oantsjut as in kearngebiet fan 'e megalityske kultuer fan Noardwest-Jeropa. De oanlis fan 'e âldste monuminten, saneamde stienmantsjes of cairns, waard folge troch de bou fan foarstlike grêftomben en stiennerigen. Fral yn it departemint Morbihan, oan 'e súdkust, binne in protte fan sokke monuminten konsintrerre, wêrûnder de ferneamde Stiennen fan Carnac en de Brutsen Menhir fan Er Grah, (de grutste stien ea oprjochte troch neolityske minsken), dy't ûnderdiel útmakket fan 'e megaliten fan Locmariaquer.

Aldheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Aldheid stie Bretanje by de Romeinen bekend as "Armoarika". It gebiet waard doedestiden bewenne troch fiif Keltyske stammen dy't ta de Galjers hearden: de Koeriosoliten (Latyn: Curiosolitae) yn it noarden, de Redoanen (Rhedones) yn it noardeasten, de Namneten (Namnetes) yn it súdeasten, de Feneten (Veneti) yn it suden en de Osismiten (Osismii) yn it westen. Dy stammen ûnderholden nauwe ekonomyske bannen mei de Eilânkelten fan 'e Britske Eilannen, yn it bysûnder wat de hannel yn tin oanbelange. Neffens Julius Caesar hearden de Koeriosoliten, Redoanen en Osismiten ek ta in "Armorikaanske konfederaasje", yn 'e mande mei de Oenellen (Unelli), Kaleten (Caletes), Lemovisen (Lemovices) en Ambibaren (Ambibarii). De lokaasje fan 'e Ambibaren is ûnwis, de Oenellen en Kaleten libben yn wat no Normanje is, en de Lemovices libben yn 'e Limousin, mar dat wie nei alle gedachten in skriuwflater dêr't Lexovii bedoeld wie, dy't ek yn Normanje wennen.

De ruïne fan 'e Romeinske timpel fan Mars yn Corseul.

Yn 51 f.Kr. waard Armoarika nei de ferovering fan Galje troch Julius Caesar ûnderdiel fan wat doe noch de Romeinske Republyk wie, mar dat him mei gauwens ta it Romeinske Ryk ûntjaan soe. Yn 13 f.Kr. waard it gebiet opnommen yn 'e Romeinske provinsje Lyoneesk Galje of Gallia Lugdunensis. Yn 'e folgjende iuwen waarden yn Bretanje neffens Romeinske standerts stêden en doarpen stifte. Dêrûnder wiene Condate (Rennes), Darioritum (Vannes) en Condevincum (Nantes). De Romeinen leine ek trije hearbanen oan op it skiereilân, en op it plattelân waarden filla's boud foar de húshâldings fan rike grutgrûnbesitters, dy't hast altyd Romeinen wiene. De nije ûntwikkelings hiene lykwols net in protte ynfloed op it libben fan 'e gewoane Galjers, dy't foar it meastepart libben yn lytse hutsjes. De ferearing fan 'e Gallyske goaden fan it Keltysk heidendom gie gewoan troch, hoewol't dy no gauris lykslein waarden mei Romeinske goaden. Meitiid waard de Gallyske taal ferkrongen troch it Latyn.

Yn 'e trêde iuw waard Armoarika ferskate kearen oanfallen troch Germaanske folken as de Franken en de Alemannen, en ek fan 'e see ôf troch seerôvers. Yn deselde snuorje stoarte de regionale ekonomy yn en rekken in protte grutte pleatsen ferlitten. Om 'e ynfallen tsjin te kearen waarden in protte stêden fersterke, wêrûnder Nantes, Rennes en Vannes. Yn 451 fochten Armorikanen mei yn it leger fan 'e Romeinske fjildhear Flavius Aetius dat yn 'e Slach op 'e Katalaunyske Fjilden definityf ôfweefde mei de Hunnen fan Attila en harren bûnsgenoaten. In diel fan 'e Alanen (in Iraansk folk), dat ek oan 'e kant fan Aetius fochten hie, sette him neitiid op oanwizing fan Aetius yn Armoarika nei wenjen.

Pointe du Raz, ien fan 'e westlikste punten fan sawol Bretanje as hiel Jeropeesk Frankryk.

Tsjin 'e ein fan 'e fjirde iuw, doe't de stadige fal fan it Romeinske Ryk geande wie, kamen der Brittanjers oer om har yn Armoarika nei wenjen te setten. De kolonisten kamen benammen út Wales, Cornwall en Devon, dielen fan it eilân Grut-Brittanje dêr't it it Latyn noch net slagge wie om 'e lânseigen Brytoanyske talen te ferkringen. De lânferhuzers brochten sadwaande harren eigen taal mei, dy't yn Bretanje woartelskeat en meitiid it Latyn fan it skiereilân ferdreau.

De skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûndúdlik, hoewol't it barren wol yn it ramt fan it Grutte Folkeferfarren pleatst wurde kin. Midsiuwske Bretonske, Anzjevynske en Welske boarnen lizze lykwols in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglik mytyske figuer fan Conan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen in prins dy't mei in leger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e Romeinske usurpator Magnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'e troan krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch de greven fan Anzjû, dy't harren ôfstamming weromfolgen nei in Romeinsk ofsier fan keizer Gratianus (de fijân fan Magnus Maksimus), dy't troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarika ferballe waard.

De gebieten bewenne troch de Brytoanyske Kelten yn 'e 6e iuw. De see wie foar harren net in barriêre, mar eat dat it mooglik makke om kontakten te ûnderhâlden.

It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'e fyfde en sechsde iuw, as direkt gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Histoarisy lykas Léon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fan soldaten en harren húshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'e fjirde iuw, en letter in gruttere weach fan flechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan in Keltyske taal op it skiereilân en ta it ûntstean fan in ûnôfhinklik Bretanje.

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Brittannyske ymmigranten fêstigen lytse keninkrykjes yn Bretanje dy't ferneamd wiene nei de dielen fan Grut-Brittanje dêr't se wei kamen: Domnonée (fan Dumnonia oftewol Devon), Cornouaille (fan Cornwall) en Léon (fan Caerleon). Inkeld Gwened (of yn it Frânsk Vannetais) wie in fuortsetting fan in lânseigen namme (dy fan 'e Feneten). Hoewol't de details ûndúdlik binne, is wol helder dat dy keninkrykjes bestjoerd waarden troch ûnderling besibbe dynastyen. Troch houlikspolityk waarden se ferskate kearen yn in personele uny feriene, foar't se wer útinoar foelen troch Keltyske erfeniswizânsjes. Uteinlik ûnstiene der trije keninkrykjes, Domnonée, Cornouaille en Broërec, dy't ferskate iuwen bestiene.

In nasjonalistyske print fan Nominoë, de grûnlizzer fan it Keninkryk Bretanje, út 1922.

Tusken 845 en 851 feriene Nominoë, dy't yn it hjoeddeistige Bretanje as "heit fan it heitelân" sjoen wurdt, de trije keninkrykjes ûnder syn bewâld. Katalysator foar dy definitive ienwurding wie de oanhâldende druk dy't it Frankyske Ryk op 'e Bretonske gebieten útoefene. Om dyselde snuorje hinne waard ek de kerstening fan Bretanje foltôge. Erispoë, de soan en opfolger fan Nominoë, fersloech de Westfrankyske kening Karel de Keale yn 851 yn 'e Slach by Jengland en bewissige sa de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Bretanje mei himsels as kening. Yn 867 wûnen de Bretonnen in nije oarloch fan 'e Franken en berikte harren keninkryk syn maksimale omfang, wêrby't de Kanaaleilannen en dielen fan Normanje, Maine en Anzjû der yn opnommen waarden.

Oan it begjin fan 'e tsiende iuw kaam it Keninkryk Bretanje bleat te stean oan fûleindige ynfallen fan 'e Wytsingen, dy't laten ta ferswakking. Fan gefolgen ferlear Bretanje syn eastlike besittings yn Normanje, Maine en Anzjû wer, en yn 909 moast sels it greefskip Nantes oerdroegen wurden oan greve Fûlko I fan Anzjû. Yn 914 waard de stêd Nantes lykwols ferovere en beset troch de Wytsingen. Pas yn 937 koe Nantes troch Alan II fan Bretanje befrijd wurde. Dyselde krige dêrfoar stipe fan syn peetbroer, kening Æthelstan fan Ingelân, en ek fan Æthelstan syn omkesizzer, kening Loadewyk IV fan Frankryk. Ut tank foar dy bystân, brocht Alan yn 942 hulde oan Loadewyk, wat Bretanje yn namme ta in Frânsk lien makke en yn status omleechbrocht fan in keninkryk ta in hartochdom.

De Slach by La Roche-Derrien yn 1347, ûnder de Bretonske Súksesjeoarloch.

It Hartochdom Bretanje, dat as ûnôfhinklik lân yn West-Jeropa bestie fan 939 oant 1532, wie fier fan in feriene naasje. De Bretonske eallju beskôgen inoar yn 'e regel as harren wichtichste rivalen, en skrommen net om bûnsgenoatskippen oan te gean mei útlânske machten om inoar yn 't fet te draaien. De kening fan Frankryk ûnderhold gesanten yn Bretanje dy't harren oanhâldend mei de ynterne polityk fan it hartochdom bemuoiden. En ek de Frânske kulturele ynfloed wie tige sterk. Sa ferfong it Hartochdom Bretanje al yn 'e trettjinde iuw it Latyn as offisjele taal troch it Frânsk (it Bretonsk hat nea in offisjele status hân). Al dy omstannichheden makken dat de hartoggen fan Bretanje behindich tusken de klippen troch lavearje moasten om 'e selsstannigens fan harren lân te behâlden. Se sleaten faak bûnsgenoatskippen mei òf it Keninkryk Ingelân, òf it Keninkryk Frankryk, ôfhinklik fan 'e fraach wa't op dat stuit de grutste bedriging foar harren foarme.

Yn 'e fjirtjinde iuw rekke Bretanje betize yn 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk; de Bretonske Súksesjeoarloch wurdt beskôge as in regionale sydsprantel fan dat grutte konflikt. Yn dy boargeroarloch fochten it Hûs Blois en it Hûs Montfort om 'e hartochlike troan, wêrby't de Blois' stipe waarden troch de Frânsen en de Montforts troch de Ingelsen. Yn 1364 waard de striid yn it foardiel fan 'e Montforts besljochte. Dêrnei makke it Hartochdom Bretanje foar it earst yn lange tiid in snuorje fan wiere ûnôfhinklikens troch om't Frankryk tsjin dy tiid troch de oanhâldende oarloch slim ferswakke rekke wie en gjin gesanten mear nei it Bretonske Hof ta stjoerde. Troch Ingelske diplomatike flaters ferfrjemden se de Bretonnen fan har, mei as gefolch dat Arthur, greve fan Richemont (de lettere hartoch Arthur III fan Bretanje) en syn omkesizzer Peter II fan Bretanje oan 'e Frânske kant wichtige rollen spilen yn 'e lêste stadia fan 'e Hûndertjierrige Oarloch, yn 'e Slach by Patay, de Slach by Formigny, de Slach by Castillon en de tastânkomming fan it Ferdrach fan Arras yn 1453.

It Kastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje yn Nantes.

Neitiid boaze de druk fan Frankryk lykwols al rillegau wer oan. Om Bretanje minder ôfhinklik fan Frankryk te meitsjen, rjochte hartoch Frâns II fan Bretanje yn 1460 de Universiteit fan Nantes op, de earste universiteit fan Bretanje, dêr't ûnderrjocht jûn waard yn 'e skiene keunsten, teology, rjochten en medisinen. (Foartiid moasten Bretonske studinten foar in universitêre stúdzje útwike nei Frânske universiteiten yn Angers, Poitiers of Caen.) In krúsjaal probleem fan Bretanje yn it ramt fan it behâld fan 'e selsstannigens foar Frankryk oer wie dat Frâns II allinne mar in dochter hie, Anna fan Bretanje, yn in tiid dat froulju net yn tel wiene en inkeld by hege útsûndering op 'e troan kamen. Yn 1486 befêstigen de Steaten fan Bretanje, it parlemint fan it hartochdom, by wet dat Anna de erfgenamte fan har heit wie.

Om 'e Frânske ynfloed in slach ta te bringen, gie Frâns II yn 1488 in bûnsgenoatskip oan mei de fijannen fan Frankryk: keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Ferdinand II fan Aragon en kening Hindrik VII fan Ingelân. It Bretonske leger waard fuortsterke mei Dútske, Aragoneeske en Ingelske troepen, mar dit konflikt tsjin Frankryk, dat neitiid de Dwaze Oarloch neamd is, einige yn 'e Slach by Saint-Aubin-du-Cornier yn in ferpletterjende nederlaach tsjin it leger fan kening Loadewyk XI fan Frankryk. Dat wie foar in grut part te witen oan 'e korrupsje fan it Hof fan Frâns II en oan ynterne skelen mank de Bretonske adel, fan wa't in diel oan 'e Frânske kant tsjin 'e eigen hartoch meifocht.

Anna fan Bretanje wurdt yn Bretanje ek hjoed de dei noch sjoen as in stânhêfte ferdigenster fan it Hartochdom Bretanje tsjin Frankryk.

De gefolgen wiene foar Bretanje rampsillich. Under de kêsten fan it Ferdrach fan Verger, dat Frâns II twongen wie te ûndertekenjen, moast hy himsels ûnderwerpe as in fazal fan Karel VIII fan Frankryk. Boppedat wie fan dat stuit ôf foar in houlik fan syn dochter Anna goedkarring fan 'e Frânske Kroan nedich. Doe't dyselde yn 1490 dochs úthylke waard oan Maksimiliaan I, late dat ta in nije oarloch mei Frankryk. Karel VIII belegere Rennes en liet it houlik annulearje, wat neffens it kanonyk rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke mooglik wie om't it nea konsummearre wie, mei't Anna yn Bretanje siet en Maksimiliaan oan 'e oare kant fan Frankryk yn it Dútske Ryk. Ynstee naam Karel VIII doe sels Anna ta frou (nei't er him spesjaal foar dat doel skiede litten hie fan syn earste frou). Doe't er yn 1498 kaam te ferstjerren sûnder libbene bern produsearre te hawwen, moast Anna trouwe mei syn neef en opfolger Loadewyk XII.

Anna fan Bretanje besocht om 'e nocht de ûnôfhinklikens fan Bretanje te frijwarjen, en kaam yn 1514 te ferstjerren. It Hartochdom Bretanje ferfoel doe oan 'e Frânske Kroan. Achttjin jier lang bestie der in personele uny tusken Frankryk en Bretanje, mar yn 1532 fierde Frâns I fan Frankryk formeel de anneksaasje fan Bretanje troch Frankryk troch. Under it saneamde Ancien Régime fan it Keninkryk Frankryk waarden Frankryk en Bretanje yn namme regearre as ferskillende lannen, mar dat wie in fiksje, hoewol't Bretanje wol beskate privileezjes hie dy't yn Frankryk sels net gouwen, lykas frijstelling fan 'e gabelle, in belesting op sâlt dy't tige ympopulêr wie.

De tradisjonele kriten fan Bretanje yn 'e tiid fan it Ancien Régime.

Bretanje as ûnderdiel fan Frankryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e perioade fan 'e fyftjinde oant en mei de achttjinde iuw makke Bretanje op ekonomysk mêd in gouden tiidrek troch. It skiereilân lei oan 'e hannelsrûten fan en nei Londen, Spanje en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en it ûnderfûn in ûnbidige protte foardiel fan 'e skepping fan it Frânske koloniale ryk. Havenstêden as Brest en Saint-Brieuc kamen yn dy tiid op, en Lorient, dat oarspronklik stavere waard as L'Orient (de Oriïnt), in ferwizing nei de hannel dêr't it foar bedoeld wie, waard stifte yn 'e santjinde iuw. Saint-Malo stie yn dy tiid bekend as in skûlplak foar kapers en seerôvers, wylst Brest him ûntjoech ta in marinehaven en Nantes ryk waard fan 'e Atlantyske slavehannel. It Bretonske binnenlân stie bekend om 'e produksje fan himpen tou, kanvas en linnense lekkens.

It colbertisme, in Frânske politike filosofy dy't de skepping fan in lânseigen Frânske yndustry oanfiterje woe (neamd nei de minister fan Finânsjes fan kening Loadewyk XIV, Jean-Baptiste Colbert), hie Bretanje net folle oan. Fierwei de measte keninklike fabriken waarden yn oare provinsje fêstige. Ferskate oarloggen tusken Frankryk en Ingelân laten boppedat ta de beheining fan 'e Ingelske hannel, mei as direkt gefolch dat de ekonomy fan Bretanje yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw yn in resesje belâne. Oanhâldend besykjen fan it Frânske regear yn Parys om it bestjoer fan it lân te sintralisearjen, wat it bytsje selsbestjoer oantaaste soe dat dat Bretanje noch oerhie, laten ta de Opstân fan it Stimpelpapier yn 1675 en de Gearspanning fan Pontcallec yn 1719. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw stieken in protte Bretonnen de Atlantyske Oseaan oer om harren yn Noard-Amearika nei wenjen te setten, dêr't se de Amerikaanske saak stipen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.

Bretonske opstannelingen wurde yn 1792, ûnder de Chouannerie, finzennommen troch troepen fan it revolúsjonêre regear fan Frankryk.

Nei't yn 1789 oan it Ancien Régime in ein makke wie yn 'e Frânske Revolúsje, waard de hiele bestjoerlike yndieling fan it âlde Keninkryk Frankryk oan kant reage. Dêrmei kaam ek in ein oan it bestean fan Bretanje as bestjoerlike ienheid. It skiereilân waard ynstee opdield yn fiif departeminten. Yn 1792 wie Bretanje it sintrum fan it royalistyske en roomske ferset tsjin 'e Revolúsje ûnder in yn bloed smoarde opstân dy't bekend kaam te stean as de Chouannerie. Yn 'e Napoleontyske Oarloggen waard der yn Bretanje net fochten, mar wol waarden tsientûzenen jonge manlju oproppen yn it Frânske leger te tsjinjen, fan wa't in grut tal net of ynfalide nei hûs weromkearde.

Yn 'e njoggentjinde iuw holden de minne ekonomyske omstannichheden yn Bretanje oan. Yn dy tiid ferfearen in protte Bretonnen om itende te bliuwen nei oare dielen fan Frankryk, yn 't bysûnder nei Parys. Ek oan it begjin fan 'e tweintichste iuw sette dy ûntjouwing him noch fuort. Nettsjinsteande dat wie de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in tiid fan modernisearring, wêrby't ferhurde wegen en spoarlinen oanlein waarden en stedske gebieten in flugge yndustrialisaasje ûndergiene. Nantes lei him ta op 'e skipsbou en de itensferwurkjende yndustry, fral wat sûker, eksoatyske fruchten, grienten en fisk oanbelange. Fougères ûntwikkele him ta in sintrum fan 'e Frânske glêsyndustry en skuonproduksje. En lytsere plakken, lykas Châteaubriant en Lochrist, spesjalisearren har yn 'e metaalbewurkjende yndustry. Bretanje bleau maatskiplik sjoen lykwols in tige roomsk en konservatyf gebiet.

In bombardemint fan 'e Royal Air Force op Saint-Malo ûnder de Twadde Wrâldoarloch, yn july 1942.

Nei de Napoleontyske Oarloggen begûn de flugge delgong fan 'e Bretonske taal, dy't te witen wie oan it strange frânsifikaasjebelied fan it no sterk sintralisearre Frankryk. Dat wie it lân fan 'e Frânsen, en Frânsen hearden Frânsk te sprekken. Foar minderheden en minderheidstalen wie yn Frankryk gjin romte. Skoalbern waarden bgl. op 'e skoallen yn Bretanje troch de ûnderwizers swier bestraft as se har memmetaal sprieken. It wie de bedoeling dat it Bretonsk en de Bretonske kultuer sa gau mooglik folslein útrûge wurde soene, sadat de Bretonnen yn 'e etnysk Frânske befolking assimilearre wurde koene. Ferneamd binne de buordsjes yn 'e skoallen wurden mei de tekst "Il est interdit de parler breton et de cracher par terre." ("It is ferbean om Bretonsk te sprekken en op 'e flier te spuien.") Soks waard troch de Frânske steat as frijwol itselde beskôge.

Nettsjinsteande (of miskien wol krekt troch) dy hâlding fan 'e Frânske oerheid ûntstie yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ek in oplibbing fan 'e Bretonske kultuer, dy't ferbân hold mei de algemiene Keltyske Oplibbing. Dêrút kaam de oprjochting fuort fan 'e Bretonske Regionalistyske Uny (URB) en letter ek sesesjonistyske en pankeltisistyske ûnôfhinklikheidsbewegings dy't bannen ûnderholden mei soartgelikense organisaasjes yn Ierlân, Skotlân en Wales. De oanhing fan sokke bewegings bleau lykwols altyd hiel beheind en harren ideeën berikten pas yn 'e tweintichste iuw in breder publyk. De Seiz Breur-beweging, dy't yn 1923 ûntstie, late ta in oplibbing fan 'e Bretonske keunst en literatuer, mar de bannen fan 'e beweging mei it nazisme en de kollaboraasje mei de Dútsers ûnder de Twadde Wrâldoarloch brocht it Bretonske nasjonalisme úteinlik in slimmen slach ta.

De oaljeramp mei de Amoco Cadiz, foar de kust fan Bretanje yn 1978.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch sneuvelen der 240.000 Bretonnen op it slachfjild, benammen yn 'e rinfuorgen fan it Westfront, mar berikte de striid Bretanje sels net. De Twadde Wrâldoarloch wie foar Bretanje lykwols rampsillich. It skiereilân waard yn 1940 beset troch nazy-Dútslân, dat Lorient en Saint-Nazaire brûkte as marinehavens foar de U-bootoarloch yn 'e Atlantyske Oseaan. It grutste part fan Bretanje waard nei de lânings fan 'e Alliëarden yn Normanje, op D-Day, yn augustus 1944 befrijd, mar yn Saint-Nazaire yn it súdeasten en Lorient yn it suden joegen de Dútsers harren pas oer op 10, resp. 11 maaie 1945, nei't de beide stêden folslein ferwoastge wiene troch Alliëarde bombardeminten. Ek Brest en Saint-Malo wiene yn 'e striid fierhinne mei de grûn lyk makke, wylst Nantes en Rennes slimme skea oprûn hiene.

Yn 1956 waard Bretanje op 'e nij oprjochte as bestjoerlike ienheid, yn 'e foarm fan 'e regio Bretanje. Dêr waard it departemint Loire-Atlantique, mei de âlde haadstêd Nantes, lykwols bûten holden (sjoch foar mear hjiroer: § Regio's). Nettsjinsteande dat de Frânske steat mear as hûndert jier lang alle war dien hie om 'e Bretonske taal en kultuer út te rûgjen, hie Bretanje syn eigen identiteit witten te hanthavenjen, al hoe skeind dy tsjin dy tiid ek wie. In nije kulturele oplibbing begûn yn 'e 1960-er jierren en ûntjoech him fierder yn 'e 1970-er jierren. Twatalige Bretonsk-Frânske skoallen waarden oprjochte, sjongers begûnen lieten yn it Bretonsk te sjongen en in nije generaasje Bretonsktalige skriuwers kundige him oan. Ek ûntjoech der him yn Bretanje fan dy tiid ôf in nij ekologysk bewustwêzen ûnder de befolking, dat foar in grut part fuortkaam út 'e oaljeramp mei de Amoco Cadiz yn 1978 en de oaljeramp mei de MV Erika yn 1999, dy't allebeide foar de Bretonske kust plakfûnen.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bretanje wurdt ynformeel faak opdield yn Opper-Bretanje (Frânsk: Haute-Bretagne; Bretonsk: Breizh Uhel), de eastlike, Gallotalige helte, en Neder-Bretanje (Frânsk: Basse-Bretagne; Bretonsk: Breizh Izel), de westlike, Bretonsktalige helte. Oant 1790 wie it gebiet bestjoerlik opdield yn njoggen fiskaal-militêre distrikten dy't oerienkamen mei de njoggen Bretonske bisdommen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dy distrikten waarden yn it Frânsk pays neamd en yn it Bretonsk bro, wat allebeide "lân" betsjut. De yndieling wie sa:

De histoaryske fiskaal-militêre distrikten fan Bretanje.

Yn 'e Midsiuwen wie it ûndúdlik wat no eins de haadstêd fan it Hartochdom Bretanje wie, mei't it Hartochlik Hof tige mobyl wie en oanhâldend fan lokaasje feroare. Foar it meastepart holden de hartoggen ta yn Nantes, Vannes, Rennes, Redon, Fougères, Dol-de-Bretagne, Dinan en Guérande. Al dy plakken, útsein Vannes, lizzen yn Opper-Bretanje, dus yn it net-Bretonsktalige diel fan it lân. Kwa grutte koene lykwols inkeld Nantes, Rennes en Vannes oanspraak meitsje op 'e status fan haadstêd. De hartoggen waarden tradisjoneel kroane yn Rennes, dêr't se in kastiel besieten, dat lykwols yn 'e fyftjinde iuw ferwoastge waard. Vannes wie de sit fan it Bretonske parlemint en de rekkenkeamer oant de anneksaasje fan Bretanje troch Frankryk, wêrnei't it parlemint nei Rennes en de rekkenkeamer nei Nantes ferhuze waarden. Nantes, dêr't it Kastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje stiet, hie de namme it 'permaninte' wenplak fan 'e hartoggen te wêzen. Sadwaande wurdt dy stêd oer it algemien sjoen as de histoaryske haadstêd fan Bretanje.

Departeminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Frânske Revolúsje waarden de njoggen fiskaal-militêre distrikten ôfskaft en ferfongen troch fiif departeminten: Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine, Loire-Atlantique en Morbihan. Elts fan 'e departeminten waard fierder opdield yn trije of fjouwer arrondisseminten, en de arondisseminten waarden wer opdield yn in stikmannich kantonnen, dy't bestiene út ferskate gemeenten. Fan 'e bisdommen waarden fjouwer opheft, wylst de oerbleaune fiif deselde grinzen krigen as de nije departeminten. Dy departemintale bestjoerlike yndielding bestiet tsjintwurdich noch. De departeminten en de gemeenten wurde bestjoerd troch lju dy't by ferkiezings keazen binne troch de ynwenners, mar arondisseminten en kantonnen net. Kantonnen tsjinje inkeld as kiesdistrikt foar de departemintale ferkiezings, wylst arondisseminten bestjoerd wurde troch in subprefekt dy't oansteld wurdt troch presidint fan Frankryk.

De regio Bretanje yn blau, en it departemint Loire-Atlantique, dat diel útmakket fan 'e regio Lân fan 'e Loire, yn ljochtblau.

Regio's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tweintichste iuw besocht it Frânske regear de lytse en talrike departeminten gear te kloftsjen ta gruttere bestjoerlike regio's. Bretonske nasjonalisten seagen dat as in kâns om Bretanje op 'e nij op te rjochtsjen as politike en bestjoerlike entiteit. De Frânske oerheid hie lykwols oare belangen, en liet de grinzen fan 'e nije regio's benammen ôfhingje fan ekonomyske effisjinsje. De grutte stêd Nantes lei oan 'e râne fan it histoaryske Bretanje, en hie ekonomysk sjoen mear gemien mei de Delling fan 'e Loire as mei de rest fan it skiereilân. Sadwaande waard, doe't yn 1956 de nije yndieling yn regio's syn beslach krige, besletten om Nantes en it omlizzende departemint, Loire-Atlantique, bûten it de nije regio Bretanje te hâlden en ynstee mei de histoaryske provinsjes Anzjû, Maine en in diel fan Poitou gear te bringen ta it Lân fan 'e Loire. Yn it plak fan Nantes waard Rennes de haadstêd fan 'e regio Bretanje. Yn 1972 krigen de regio's harren hjoeddeistige foech en dêrmei ek eigen bestjoerslichems en in eigen folksfertsjintwurdiging.

Bestjoerlike weriening fan Bretanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de regio Bretanje oprjochte waard, kanten guon pleatlike politisy har bot oan tsjin 'e útsluting fan Loire-Atlantique, en dy kwestje is noch altyd in hjit hingizer. Wat de weriening fan Bretanje tsjinkeart, is noch altyd itselde as yn 1956: as Nantes diel útmakke fan Bretanje, soe it de sintrale posysje fan Rennes oantaaste en in ekonomyske ymbalâns skeppe tusken Opper- en Neder-Bretanje. Boppedat soe it Lân fan 'e Loire, dêr't Nantes de haadstêd fan is, net bestean kinne sûnder dy stêd, wat betsjutte soe dat dy regio opdield wurde moatte soe oer Sintrum-Loiredelling en Poitou-Charentes.

Dit boerd, dat op 'e grins fan it departemint Loire-Atlantique mei de rest fan 'e regio Lân fan 'e Loire stiet, hjit de minsken wolkom yn "it histoaryske Bretanje".

Nettsjinsteande dat bestiet der sawol yn 'e regio Bretanje as yn Loire-Atlantique in protte stipe foar in weriening fan Bretanje. Yn 'e departemintale ried fan Loire-Atlantique is dêr sûnt 2001 in mearderheid foar, en yn 'e regionale ried fan Bretanje sûnt 2008. Guon politisy, lykas Jean-Marc Ayrault, in eardere Frânske premier en boargemaster fan Nantes, sjogge ynstee mear yn 'e skepping fan in regio fan it Grutte Westen, dy't sawol Bretanje as it Lân fan 'e Loire omfetsje moatte soe. Bretonske nasjonalisten binne dêr dan wer faaljekant op tsjin, om't dêrtroch Bretanje as in bestjoerlike ienheid wer ferdwine soe. Neffens opinypeilings is 58% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje en 62% fan 'e ynwenners fan it departemint Loire-Atlantique foarstanner fan 'e weriening fan Bretanje.

Politike tindinzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan âlds is Bretanje in strang roomsk en dêrom op polityk mêd yn hege mjitte konservatyf gebiet. Guon dielen fan it skiereilân, lykas de yndustrygebieten om Saint-Nazaire en Lorient hinne en de omkriten fan Tréguier, binne lykwols tradisjonele bolwurken fan it sosjalisme en kommunisme. Sûnt de 1970-er jierren hawwe linkse politike partijen, lykas de Sosjalistyske Partij (PS) en de Grienen, yn Bretanje gruttere oanhing en mear ynfloed krigen. Sûnt 2004 hawwe dy partijen in mearderheid yn sawol de regionale ried fan 'e regio Bretanje as de departemintale ried fan Loire-Atlantique. Wat de departeminten fan 'e regio Bretanje oangiet: Côtes-d'Armor is al sûnt 1976 yn 'e hannen fan 'e PS, en Finistère sûnt 1998. De PS en de Grienen hawwe sûnt 2004 ek in mearderheid yn Ille-et-Vilaine. Inkeld Morbihan is noch oerbleaun as bolwurk fan 'e rjochtse partijen.

It Bretonsk nasjonalisme is in lytse politike streaming sûnder folle ynfloed, hoewol't de nasjonalistyske Bretonske Demokratyske Uny (UDB) sitten hat yn 'e regionale ried fan Bretanje en yn ferskate departemintale rieden. De UDB krewearret foar de weriening fan Bretanje en grutter selsbestjoer. Foar de rest lykje de stânpunten fan dy partij sterk op dy fan 'e PS, en teffens hat de UDB in sterke ekologyske oriïntaasje. De partij is yn Jeropeesk ferbân lid fan 'e Jeropeeske Frije Alliânsje. Ekstreem-rjochtse politike partijen hawwe yn Bretanje minder oanhing as yn 'e rest fan Frankryk.

In fisktreiler út Le Guilvinec.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009 hie de regio Bretanje in bruto regionaal produkt fan 82 miljard. It wie dêrmei de op seis nei rykste fan alle Frânske regio's en produsearre 4,4% fan it bruto nasjonaal produkt fan hiel Frankryk. It bruto departemintaal produkt fan Loire-Atlantique wie datselde jiers likernôch €26 miljard, wat betsjut dat it bruto regionaal produkt fan 'e hiele histoaryske regio Bretanje om 'e €108 miljard hinne lei. It bruto regionaal produkt per lid fan 'e befolking fan 'e regio Bretanje wie yn 2009 €25.739, in bedrach dat leger lei as it bruto nasjonaal produkt per lid fan 'e befolking fan Frankryk (€29.897), mar heger as it bruto nasjonaal produkt per lid fan 'e befolking fan 'e Jeropeeske Uny (€23.500). De wurkleazens is yn 'e regio Bretanje, mei 6 oant 7% fan 'e beropsbefolking, leger as yn oare Frânske regio's.

Ofsjoen fan inkele gebieten, lykas Lorient yn it suden en Nantes en Saint-Nazaire yn it easten, hat it skiereilân Bretanje nea net folle yndustry hân. Ek hjoed de dei noch binne dêrom fiskerij en lânbou tige wichtige sektoaren fan 'e ekonomy. It skiereilân hat mear as 40.000 boerebedriuwen, wêrfan't de measten har rjochtsje op melkfeehâlderij, fetweiderij fan kij en bargen en plomfeehâlderij. De bou is benammen rjochte op 'e produksje fan nôt en grienten. De regio Bretanje is eins de grutste produsint fan grienten fan alle Frânske regio's, wêrby't it benammen giet om beantsjes, sipels, artisjokken, jirpels en tomaten. It nôt dat yn 'e regio ferboud wurdt, is yn it foarste plak bedoeld as feefoer. Wynbou is op it skiereilân beheind ta in lytse krite besuden Nantes. De fiskerij yn 'e regio Bretanje is de grutste fan alle Frânske regio's. Yn dy sektor wurkje anno 2015 likernôch 9.000 minsken. Der binne fierders mear as 60 fabriken dy't har talizze op 'e ferwurking fan fisk en seefruchten.

Locronan, yn Finistère, dat ien fan 'e moaiste doarpen fan Frankryk wêze soe.

Hoewol't de Bretonske yndustry relatyf beheind is, groeit dy sektor sûnt 1980 oanhâldend. De itensferwurkjende yndustry (benammen fan fleis en grienten) makket in trêde fan 'e sektor út. De skipsbou, sawol op kommersjeel mêd as foar de marine, is wichtich yn Saint-Nazaire, Lorient en Brest. Fleantúchbouwer Airbus hat fabriken yn Saint-Nazaire en Nantes, en autoprodusint Peugeot hat in grut fabryk yn Rennes. De regio Bretanje is fan alle Frânske regio's de op ien nei grutste produsint fan tillekommunikaasje-apparatuer en de op fjouwer nei grutste fan elektroanika. Sokke aktiviteiten binne fral konsintrearre yn Rennes, Lannion en Brest.

Fierders is it toerisme in tige wichtige sektor fan 'e ekonomy foar de Bretonske kust. It skiereilân is ien fan 'e meast besochte gebieten fan Frankryk. Trekpleisters binne de withoefolle menhirs en oare megalityske monuminten, mei yn it foarste plak de Stiennen fan Carnac. Oare wichtige megalityske plakken binne it stienmantsje fan Barnenez, de megaliten fan Locmariaquer, de menhir fan Champs-Dolent, de tumulus fan Mane Braz en de grêftombe fan Gavrinis. Ek de Keltyske kultuer fan Bretanje lûkt in protte besikers. Yn april 2019 neamde it reiskatern fan 'e Britske krante The Guardian op syn list fan 'e tweintich moaiste doarpen fan Frankryk twa plakken yn Bretanje: Rochefort-en-Terre, mei syn oerdutsen merk, tolfde-iuwske tsjerke en Midsiuwske kastiel, en Locronan, dêr't de kantoaren fan 'e Frânske Eastyndyske Kompanjy út 'e santjinde iuw noch oan it doarpsplein steane.

It Place de la République yn Rennes, de haadstêd fan 'e regio Bretanje.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting hie de regio Bretanje yn 2012 3.195.317 ynwenners, wylst it departemint Loire-Atlantique in befolking hie fan 1.303.103 minsken. It hiele skiereilân hie sadwaande 4.498.420 ynwenners, wat mear is as ea earder yn 'e Bretonske skiednis. De befolkingstichtens bedroech dêrmei yn 2012 op 132,2 minsken de km². Fan 'e fjouwer departeminten dy't de regio Bretanje foarmje, hie yn 2008 Ille-et-Vilaine de grutste befolking (967.588), folge troch Morbihan (710.034), Finistère (890.509) en Côtes-d'Armor (581.570).

De grutste stêd fan it skiereilân is Nantes, mei goed 283.000 ynwenners yn 2011. De grutste stêd fan 'e regio Bretanje is Rennes, mei in befolking fan krapoan 207.000 minsken. Oare gruttere stêden binne: Brest (142.000), Quimper (64.000), Lorient (58.000), Vannes (53.000), Saint-Malo (48.000) en Saint-Brieuc (46.000) yn 'e regio Bretanje en Saint-Nazaire (67.000) yn it departemint Loire-Atlantique. De befolking fan Loire-Atlantique groeit flugger as dy fan 'e regio Bretanje, hoewol't Rennes eins de fluchst groeiende stêd fan it hiele skiereilân is.

Bretonske froulju yn tradisjonele dracht, mei de opfallende bigouden-mûtsen, dy't in kultureel ikoan fan Bretanje foarmje.

Etnisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte mearderheid fan 'e befolking fan it skiereilân Bretanje bestiet út Bretonnen, in Keltysk folk, dat binnen it Frânske steatsbestel in etnyske minderheid foarmet. Neffens in opinypeiling út 2008 identifisearre doe 89,4% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje him as Bretonsk: 50% fielde him likefolle Bretonsk as Frânsk; 22,5% fielde him mear Bretonsk as Frânsk; 15,4% fielde him mear Frânsk as Bretonsk; en 1,5% fielde him Bretonsk en hielendal net Frânsk. Net mear as 9,3% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje bestie út oare etnyske groepen; dêrby gie it foar it meastepart om etnyske Frânsen. Yn deselde opinypeiling joech 51,9% fan 'e respondinten oan dat Bretanje mear selsbestjoer binnen Frankryk krije moast, wylst 31,1% fûn dat de status quo hanthavene bliuwe moast, en 4,6% fûn dat Bretanje in ûnôfhinklik lân wurde moast. De rest fan 'e lju hie gjin miening oer de politike status fan Bretanje.

Ut in opinypeiling út 2012 dêr't net inkeld de regio Bretanje, mar ek it departemint Loire-Atlantique yn meinommen wie, die bliken dat 48% fan 'e respondinten himsels yn it foarste plak mei Frankryk ferbûn fielde, wylst 37% himsels yn it foarste plak mei Bretanje ferbûn fielde, en 10% mei Jeropa. Ut deselde opinypeiling kaam ek nei foarren dat de Bretonske identiteit sterker is ûnder de jongerein: fan 'e minsken jonger as 35 jier fielde 53% him yn it foarste plak mei Bretanje ferbûn, wylst fan 'e lju fan boppe de 65 58% him yn it foarste plak mei Frankryk ferbûn fielde. Der bliek datoangeande ek in konneksje te bestean mei it stimgedrach en de maatskiplike klasse fan 'e respondinten: lju dy't op linkse politike partijen stimden, fielden faker in sterke bân mei Bretanje ynstee fan mei Frankryk, en itselde gou foar wurknimmers. Lju dy't op rjochtse partijen stimden en wurkjouwers fielden har faker sterker ferbûn mei Frankryk.

Neder-Bretanje (mei de Bretonske dialekten yn kleur) en Opper-Bretanje (yn griistinten). De kaart lit it opskowen fan 'e taalgrins fan it Bretonsktalige mei it Gallotalige diel fan Bretanje sjen sûnt it jier 900.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iennichste offisjele taal fan Frankryk is it Frânsk, en dat wurdt hjoed oan 'e dei yn Bretanje troch it grutste part fan 'e befolking sprutsen as memmetaal. Dy sitewaasje is lykwols in frij resinte ûntwikkeling dy't fuortkomt út 'e fûleindige frânsifisearringspolityk fan 'e Frânske steat, mei't it Frânsk oant yn 'e njoggentjinde iuw yn hiele Bretanje frijwol ûnbekend wie.

De lânseigen talen fan Bretanje binne it Bretonsk yn it westen en it Gallo yn it easten, wynst yn it Pays de Retz, yn it súdwesten fan Loire-Atlantique, it oan it Gallo besibbe Poitevynsk sprutsen wurdt. De taalgebieten fan it Bretonsk en it Gallo wurde faninoar skaat troch in taalgrins dy't sûnt de Midsiuwen almar fierder nei it westen ta opskood is, yn it neidiel fan it Bretonsk. Op 't heden rint dy taalgrins fan Plouha oan kust fan It Kanaal mei in flauwe S-bocht fan noard nei súd dwers troch Bretanje nei it Rhuys-skiereilân oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje. It Bretonsktalige diel fan Bretanje, oftewol de útein fan it skiereilân, wurdt Neder-Bretanje neamd, wylst it Gallotalige diel Opper-Bretanje hjit. De beide talen ferhâlde har ta-inoar lykas it Frysk en it Stedsk of lykas it Skotsk en it Skotsk-Gaelysk. Beide binne yn 2004 troch de folksfertsjintwurdiging fan 'e regio Bretanje erkend as langues de Bretagne ("talen fan Bretanje"). Dat is lykwols inkeld in symboalyske erkenning, mei't de Frânske oerheid noch altyd tige ôfwizend stiet foaroer help oan of erkenning fan minderheidstalen.

Twatalige beweiwizering yn Quimper, mei it Frânsk boppe en it Bretonsk ûnder.

Bretonsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bretonsk is in Keltyske taal dy't yn 'e mande mei it Welsk fan Wales en it Kornysk fan Cornwall de taalgroep fan 'e Brytoanyske talen foarmet. Dat it in fuortsetting fan it Gallysk út 'e Aldheid wêze soe, is in misferstân. It Gallysk stoar út yn 'e Romeinske Tiid, wêrnei't yn 'e fyfde en sechsde iuw ymmigranten fan it eilân Grut-Brittanje, dy't de wyk namen foar de Angelsaksyske ynvaazje, harren Eilânkeltyske Brytoanysk yn Bretanje yntrodusearren. Yn 'e Midsiuwen begûnen de adel en de geastlikheid Frânsk te sprekken en waard it Bretonsk de taal fan 'e gewoane man, benammen op it plattelân.

Yn 'e njoggentjinde iuw waard ek de gewoane befolking fia it ûnderwiis oan it Frânsk bleatsteld, wêrby't de Frânske steat aktyf besocht it Bretonsk út te rûgjen (sa't it dat mei alle minderheidstalen prebearre). Hoewol't it Bretonsk mids tweintichste iuw yn Neder-Bretanje noch rûnom sprutsen waard, kaam it der al raar foar te stean om't âldelju de taal net mear oerdroegen oan harren bern. Yn 'e 1970-er jierren ûntstie yn reäksje dêrop in taaloplibbing wêrby't pleatslike autoriteiten it brûken fan it Bretonsk begûnen oan te fiterjen en twatalige skoallen iepene waarden. It persintaazje skoalbern dat Bretonske lessen folget, is tusken 2006 en 2012 mei 33% omheech gien nei 14.709.

De Lann-Bihoué, in militêre kapel fan 'e Frânske Marine tarist mei tradisjonele Bretonske doedelsekken.

Yn 1950 wiene der noch mear as in miljoen minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hiene, mar yn 2007 wie dat tal sakke nei 226.000 minsken, oftewol 4,7% fan 'e ynwenners fan it skiereilân Bretanje. Fan 'e Bretonsksprekkers wie boppedat 61% âlder is as 60 jier. Neffens gegevens út 1999 spriek doe noch 12% fan alle folwoeksenen yn Bretanje Bretonsk, mar dêrby wiene twadde-taalsprekkers meirekkene.

It Bretonsk hat trije nau besibbe dialekten: Kernevysk (Cornouillais) yn 'e krite om Quimper hinne, Leönaarsk (Léonard) yn 'e omkriten fan Saint-Pol-de-Léon en Tregorreesk (Trégorrois) yn 'e neite fan Tréguier. Dy trije dialekten foarmje in dialektkontinuum en rinne stadich yninoar oer. De grins mei it fjirde dialekt fan it Bretonsk, it Fanneteesk, dat om Vannes hinne sprutsen wurdt, is folle abrupter. It Fanneteesk wykt frij sterk ôf en is mar amper ûnderling fersteanber mei de oare trije dialekten.

Gallo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Gallo (of Gallo-Bretonsk) is in Romaanske taal, dy't mei it Frânsk en ferskate oare streektalen yn noardlik en westlik Frankryk en súdlik Belgje (lykas Waalsk, Pikardysk en Normandysk) de Oïlaanske taalkloft foarmet. It Gallo is datoangeande eins in wat frjemde ein yn 't byt, mei't it fanwegen syn taalgebiet in frij sterke Keltyske ynfloed ûndergien hat. Oars as it Bretonsk wurdt it Gallo faak weiset as in dialekt fan it Frânsk, of, minder noch, as in ynkorrekte wize fan Frânskpraten.

In seldsum boerd yn it Gallo (ûnder).

Oant yn 'e njoggentjinde iuw wist it Gallo him goed te hanthavenjen, mar fan dy tiid ôf ûndergie it itselde frânsifisearringsbelied dêr't ek it Bretonsk slachtoffer fan waard. Oars as by it Bretonsk yn 'e tweintichste iuw it gefal wie, kaam der foar it Gallo gjin ommekear oangeande it taalferfal en it gebrek oan prestiizje. Krektoarsom, it Gallo hat tsjintwurdich net inkeld te lijen ûnder de oanhâldende druk fan it Frânsk, mar ek fan 'e taaloplibbing fan it Bretonsk, dat dêrtroch terrein wint yn gebieten dêr't foarhinne Gallo sprutsen waard. Dêrby komt noch it probleem dat it Gallo altyd in sprektaal en nea in skriuwtaal west hat, en dat de ferskate rivalisearjende staverings dy't derfoar ûntwikkele binne, faak frijwol net nei te kommen binne, sels foar lju foar wa't it Gallo har memmetaal is. De taaloerdracht fan âldelju op bern is foar wat it Gallo oangiet, ekstreem leech.

Der wurdt rûsd dat der noch goed 28.000 sprekkers fan it Gallo binne. It is in streektaal dy't op net-ferplichte basis op guon skoallen ûnderwiisd wurdt, benammen yn it departemint Ille-et-Vilaine. Oan 'e oare kant kenne in protte lju yn Loire-Atlantique, dêr't it gebrûk fan it Gallo hielendal net stimulearre wurdt troch de pleatslike autoriteiten, it wurd "Gallo" net iens, lit stean dat se in idee hawwe fan 'e stavering of de publikaasjes yn en oer de taal.

Byldhouwurken fan 'e krusiging fan Jezus binne yn in protte Bretonske doarpen te finen.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan âlds wie Bretanje ien fan 'e meast religieuze dielen fan Frankryk, mei eins mar ien foarm fan religy: it roomsk-katolisisme. De kerstening fan Bretanje begûn oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid en waard yn 'e achtste iuw foltôge troch sindelingen fan 'e Britske Eilannen, ûnder wa Gildas. Bretanje hat mear as 300 hilligen, hoewol't de measten dêrfan saneamde folkshilligen binne, dy't net offisjeel erkend wurde troch de Roomsk-Katolike Tsjerke. De beskermhillige fan Bretanje is de hillige Anna, mar Ivo fan Kermartin, in trettjinde-iuwske preester dy't yn it Bretonsk bekendstiet as Sant-Erwan en yn it Frânsk as Saint-Yves, is populêrder. Syn hjeldei, 19 maaie, is de nasjonale feestdei fan Bretanje.

Mei't offisjele statistiken oangeande religieuze denominaasje yn Frankryk by wet ferbean binne, besteane der gjin offisjele sifers oer de ferdieling fan 'e Bretonske befolking nei religy. Opinoar folgjende opinypeilings hawwe lykwols sûnt de 1960-er jierren in stadige sekularisaasje fan it skiereilân sjen litten, dy't syn woartels hie yn 'e urbanisaasje fan it gebiet nei de Twadde Wrâldoarloch. Neffens in opinypeiling út 2006 hat inkeld it departemint Morbihan noch in befolking dy't foar mear as twatrêde diel (70%) roomsk is. Loire-Atlantique en Côtes-d'Armor hearden yn 2006 al ta de minst roomske departeminten fan Frankryk, mei mar sa'n 50% roomsen, wylst Ille-et-Vilaine en Finistère dêrtuskenyn sieten mei krapoan 65% roomsen. De rest fan 'e befolking bestiet yn alle fiif departeminten yn grutte mearderheid út agnosten en ateïsten. Inkeld Ille-et-Vilaine en Loire-Atlantique hawwe in islamityske minderheid dy't it neamen wurdich is, fan 1%, resp. 3%.

In reliëf fan 'e Ankoù yn Ploudiry.

Folkloare[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan 'e bekendste wêzens út 'e Bretonske folkloare is de Ankoù, in tsjinner fan 'e Dea dy't gauris misbegrepen wurdt as de personifikaasje fan 'e Dea sels. Ofbyldings fan 'e Ankoù binne yn Bretanje oeral te finen. Hy wurdt soms foarsteld as in skrinkelman bewuoalle yn in lykklaad mei in Bretonske mûtse op, en soms as in echte, ferstoarne minske, te witten: de lêste deade fan it jier, dy't tawijd is oan it lieden fan 'e oare ferstoarnen nei de Dea ta. De Ankoù, dy't ek wol omskreaun wurdt as de 'risper fan 'e Dea', doarmet by nacht om mei in opholden seine, dy't er foar him út smyt om syn "rispinge" te folbringen (d.w.s. om lju dy't er tsjinkomt, dea te meitsjen). Soms is er geandefoets, mar ornaris reizget er yn in wein, de karrig an Ankoù, dy't lutsen wurdt troch twa oksen en in meager hynder. Twa legere tsjinners, dy't krekt sa klaaid binne as de Ankoù, lade de "rispinge" yn 'e wein. Foarhinne leaude men yn Bretanje dat as jin it kreakjen fan 'e karrig an Ankoù hearre koene, dat in foartsjirmerij wie dy't betsjutte dat jins dea nei-oan wie.

It wapen fan Bretanje: in fjild fan harmeling.

Symboalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wapen en flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bekendste symboal fan Bretanje en de Bretonske identiteit is de flagge fan Bretanje. De earste Bretonske flagge wie in wapenbanier, basearre op it wapen fan Bretanje. Dat is apart om't it neffens de wetten fan 'e heraldyk mar ien kleur (tinktuer) hat, hoewol't de measte minsken dy't ûnbekend binne mei de heraldyk dat net sa sjen sille. It is nammentlik in fjild fan harmeling: wyt mei in weromkearend swart patroantsje, dat de pels fan in harmeling foarsteld (dy't winterdeis wyt is mei in swart puntsje oan 'e sturt). De heraldyk omfettet ferskaten fan sokke pelswurken, dy't as ien kleur sjoen wurde. It by it wapen hearrende biedwurd fan Bretanje is "Potius Mori quam Fœdari" ("Leaver Dea as Earferlies").

Doe't men op in stuit de flagge mei in fjild fan harmeling as te aristokratysk begûn te sjen, waard de Kroaz Du, it "Swarte Krús", ynfierd as alternative, mear religieus tinte flagge fan Bretanje. Dat wie in wyt fjild mei in swart krús, feitliks in folslein negatyf byld fan 'e flagge fan Cornwall (dy't bestiet út in swart fjild mei in wyt krús). Yn 'e Kroaz Du waarden de kleuren fan 'e harmelingbanier kombinearre mei it krús fan it kristendom.

De Gwenn ha Du, de flagge fan Bretagne.

Yn 1923 waard lykwols in nije flagge ûntwurpen, de Gwenn ha Du (it "Wyt en Swart"), dy't basearre wie op 'e Amerikaanske flagge. Dat is in flagge dy't bestiet út in kanton (lofterboppehoeke) fan harmeling, oanfolle mei njoggen horizontale swarte en wite streken oer de rest fan 'e flagge. De fiif swarte streken steane foar de oarspronklike Bretonsktalige bisdommen en fiskaal-militêre distrikten, en de fjouwer wite streken symbolisearje de oarspronklike Gallotalige bisdommen en fiskaal-militêre distrikten. Sûnt de 1920-er jierren is de Gwenn ha Du tige populêr wurden en tsjintwurdich sjocht men de flagge oeral yn Bretanje, en by grutte sporteveneminten, lykas de Tour de France, ek yn oare dielen fan Frankryk.

Folksliet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bretonske folksliet (dat gjin offisjele status hat) is Bro Gozh ma Zadoù ("Ald Lân fan Us Foarâlden"), dat oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw skreaun waard. Yn 'e meldij en it ûnderwerp is in dúdlike ynfloed te bespeuren fan sawol it Welske folksliet Hen Wlad fy Nhadau as it Kornyske folksliet Bro Goth agan Tasow.

Galettes (Bretonske pankoeken) servearre mei bakt aai en woarst.

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare symboalen fan 'e Bretonske identiteit binne de Keltyske triskelion, de menhirs en oare megalityske monuminten en regionale gerjochten lykas galettes (Bretonske pankoeken). In gongbere ôfkoarting fan Breizh, de Bretonske namme foar Bretanje, is BZH. Bretonske nasjonalisten en oaren dy't har sterk mei Bretanje ferbûn fiele, plakke gauris in BZH-sticker op 'e efterkant fan harren auto, hoewol't dat yn Frankryk by wet ferbean is. De ynternetekstinsje .bzh is in goedkard top level domain fan it ynternet, dat bedoeld is foar websiden dy't te krijen hawwe mei de Bretonske kultuer en talen.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bretanje hat in feroarlik seeklimaat, mei delslach yn alle jiertiden, mar it measte by 't hjerstmis, winterdeis en yn 'e maityd. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan rom boppe de 30 °C hielendal net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter nachts sakje kin oant –10 °C. De waarmste moanne is juny, mei (yn Quimper, oan 'e súdkust) in trochsneed temperatuer oerdeis fan 35,9 °C. Dochs is Bretanje dan ornaris noch ien fan 'e koelste dielen fan Frankryk. De kâldste moanne is jannewaris, mei in trochsneed temperatuer oerdeis (yn Quimper) fan 9,4 °C. It temperatuerferskil tusken simmer en winter bedraacht op 'e measte plakken trochinoar likernôch fyftjin graden. Oan 'e kust is it waar winterdeis oer it algemien mylder as yn it binnenlân. Quimper kriget jiers 1.248,6 mm delslach. De Monts d'Arrée krije, nettsjinsteande har beheinde hichte, folle mear rein as de rest fan it skiereilân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.