Marseille
| Marseille | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | |
| Departemint | Bouches-du-Rhône | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 886.040 (2023)[1] | |
| Oerflak | 240,62 km² | |
| Befolkingsticht. | 3.682 ynw./km² | |
| Stêdekloft | 1.648.953 ynw. (2023) | |
| Hichte | 0-652 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 13001-13016 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 43°17' N 5°22' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.marseille.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Marseille (Oksitaansk : Marselha) is in stêd yn it suden fan Frankryk oan 'e Middellânske See. Der wenje 886.000 minsken yn 'e stêd (2023), sa likernôch 1,65 miljoen wenje yn 'e stêdekloft (2023). Marseille is de haadstêd fan it departemint Bouches-du-Rhône yn de regio Provâns-Alpen-Côte d'Azur.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marseille is oarspronklik om 600 f.Kr. troch Griken út Phocaea stifte ûnder de namme Μασσαλία: Massalia of Massilia. Sa waard oer de tichteby lizzende Rône ûnder oaren de hannel tusken de Griken en de Kelten ienfâldiger. Yn har hiele skiednis wie it in wichtige stêd foar de hannel tusken it Middellânske Seegebiet en West-Europa. Har steatsynrjochting (politeia) wie oligargysk, itjinge yn 'e âldheid beskôge waard as in goed funksjonearjend systeem. It wichtichste hannelsguod wiene tin, sâlt, amber, keramyk en wyn (de drúf waard troch de Griken fan Massalia yn Súd-Frankryk yntrodusearre).
Al gau nei de stifting waarden der fanút Massalia nije koloanjes stifte: Empórion (no yn Kataloanje), Nice, Monako en Monte Carlo. Fanút dy plakken fersprate de Grykske kultuer him by de rivieren en hannelswegen lâns oer Súd-Frankryk. De Grykse kultuer beynfloede de Keltyske stammen fan it binnenlân sterk. Fanút Massalia waarden ek ekspedysjes organisearre nei West-Europa om barbaarske lannen te ferkennen foar hannelsdoelen. In bekende ûntdekkingsreizger út 'e 4e iuw f.Kr. wie Pytheas (fan Massalia), dy't om it eilân Grut-Brittanje (boarne fan tin) sille en miskien sels oant Yslân en Jutlân (boarne fan amber) kommen is.
Op har hichtepunt behearske Massalia de hiele hjoeddeiske Provâns en de kuststripe fan Noardeast-Spanje. Troch konkurrinsje mei de Etrusken en Kartagers ûntstienen der faak konflikten. Yn 'e 3e, 2e en 1e iuw foar Kristus ferbûnen de Massalioten har mei it útwreidzjende Romeinske Ryk foar de ferdigening tsjin de Kartagers en sa beholden hja harren frijheid, oant se yn 'e striid tusken Caesar en Pompejus de ferliezende kant keazen. Caesar naam de stêd nei it belis fan Massilia (49 f.Kr.) yn en ûntnaam har it grutste part fan har gebieten en de politike selsstannigens. De Romeinen neamden de stêd Massilia.
Yn 'e 1e iuw krige Massilia nije ferneamdens as sintrum foar Gryksk ûnderwiis en kultuer en in soad Romeinske en Keltyske bewenners fan Galje stjoerden harren bern nei Massilia om dêr beskaving op te dwaan.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de fal fan it Westromeinske Ryk waard Massilia efterinoar beset troch de Fisigoaten, Boergonjers en Franken. Yn 'e 7e en 8e iuw hie de stêd in protte lêst fan islamityske piraten. Yn 'e midsiuwen hearsken de hartoggen fan Boergonje, it Hillige Roomske Ryk en de hartoggen fan Anjou. Marseille waard yn 'e twadde helte fan 'e 12e iuw in troch konsuls bestjoerde gemeente. Yn 1480 kaam de stêd definityf yn Frânske hannen.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1720 wie der in grutte pestútbraak yn Marseille en omkriten, de lêste fan syn soarte yn West-Europa. Yn 'e stêd stoar de helte fan de befolking.
Yn 'e 19e iuw waarden Marseille en de omlizzende Provâns in populêr plak foar keunstners en yntellektuelen. It toerisme kaam op gong en de stêd groeide sterk, ûnder oaren om't de stêd de wichtichste tagong wie foar de Noard-Afrikaanske koloanjes fan Frankryk. Yn 1906 en yn 1922 waarden der koloniale útstallings organisearre yn Marseille, dêr't miljoenen minsken op ôf kamen. Nei de dekolonisaasje gyng it oarsom: massaal stieken Noard-Afrikanen de Middellânske See oer om har yn Marseille te fêstigjen. Se fûnen ûnderkommen yn it grutte tal betonnen flatgebouwen, dy't delset waarden yn 'e histoaryske wenwiken fan 'e stêd
Ymmigraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marseille is ien fan 'e Frânske grutte stêden mei it heechste oandiel ynwenners mei in migraasje-eftergrûn. Sûnt de midsiuwen is de stêd bekend mei ymmigraasje út û.o. Piëmont, Toskane en Genua en Korsika. Sûnt de 16e iuw wiene der ek protestantske nijkommers, lykas út de Nederlannen.
Tusken 1880 en 1930 belibbe Marseille in earste grutte ymmigraasjegolf, benammen út Itaalje. It oandiel bûtenlanners yn 'e befolking naam fan 8 persint nei 18 persint yn 1901 ta; fan dy groep wie 91 persint fan Italjaanske komôf. De rappe demografyske feroaringen late ta maatskiplike ûnrêst en yn juny 1881 fûn in klopjacht mei in soad geweld plak op Italjaanske ymmigranten, mei trije deaden en ienentweintich ferwûnen as gefolch. De ûnrêst soe ûntstien wêze nei ynsidinten mei Frânske soldaten dy't út Tunis op trochtocht wie. Yn en nei de Earste Wrâldkriich folgen nije ymmigrantegroepen fanút oare lannen, bygelyks Spaanske republikeinen en likernôch 14.000 Armeenjers.
Nei de Twadde Wrâldkriich folge in twadde grutte migraasjegolf út Noard-Afrika. Tusken 1954 en 1974 fertrijefâldige it oantal ynwenners út 'e Maghreb. Nei de Algerynske selstannigens kamen dêr noch likernôch 100.000 pieds-noirs by. Der folgen noch mear immigranten lykas 7.000 ynwenners fan 'e Komoaren nei 1975.
Untwikkeling befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1793 | 1851 | 1876 | 1901 | 1926 | 1946 | 1954 | 1962 | 1982 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 108.374 | 195.258 | 318.868 | 491.161 | 652.196 | 636.264 | 661.407 | 778.071 | 874.436 |
| Jier | 1999 | 2011 | 2021 | ||||||
| Ynwenners | 795.518 | 850.636 | 873.076 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
