Merlyn

Ut Wikipedy
Merlyn
In yllustraasje fan Merlyn troch Howard Pyle foar The Story of King Arthur and His Knights (1903).
In yllustraasje fan Merlyn troch Howard Pyle foar
The Story of King Arthur and His Knights (1903).
persoanlike bysûnderheden
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Keltysk
berop/amt tsjoender
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
kening Arthur, Lânselot,
Guinevere, Morgan le Fay,
Frouwe fan de Mar
attributen toverstêf, mantel,
punthoed
geastlike heit Geoffrey fan Monmouth
ûntstean ±1136

Merlyn is in legindarysk persoan dy't ferneamd waard as de hoftsjoender fan kening Arthur yn 'e arthurleginden en de Welske poëzij út 'e Midsiuwen. Yn 'e foarm dêr't er yn bekend waard, ferskynde er foar it earst yn 'e Historia Regum Britanniæ, in wurk dat omtrint 1136 skreaun waard troch Geoffrey fan Monmouth. Sa't er dêr yn foarsteld waard, wied er in amalgaam fan eardere histoaryske en mytyske figueren. Geoffrey kombinearre nammentlik besteande ferhalen oer Myrddin Wyllt, in profeet en bard út Hen Ogledd dy't alhiel gjin bân mei kening Arthur hie, mei ferhalen oer de Romeinsk-Brittannyske oarlochslieder Ambrosius Aurelianus, dêr't Arthur wierskynlik op tebekgiet, om in personaazje te foarmjen dat er Merlyn Ambrosius neamde (Welsk: Myrddin Emrys).

De Merlyn fan Geoffrey waard daliks tige populêr, benammen yn Wales. Lettere auteurs wreiden de beskriuwing fan him út om ta in folsleiner persoansbyld te kommen. Neffens syn tradisjonele biografy soe Merlyn de soan fan in minsklike frou en in demoanyske ynkubus wêze. Hy ûntjout him ta in wize, en brûkt manipulaasje, politike yntriizjes en de magyske krêften dy't er fan syn boppenatuerlike heit urven hat om 'e berte fan Arthur te bewurkmasterjen. Yn 'e wurken fan lettere auteurs tsjinnet er Arthur as hoftsjoender en is er in soarte fan mentor foar de ridders fan 'e Rûne Tafel, oant er behekst en foar ivich finzenset (of yn guon ferzjes fermoarde) wurdt troch de Frouwe fan de Mar. Hy soe begroeven lizze yn it magyske wâld Brocéliande.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske nammefoarm Merlyn, it Nederlânske Merlijn, it Ingelske Merlin en alle oare farianten binne ferbasterings fan 'e Welske foarm Myrddin (útspr.: ['mɪrðɪn], likernôch "mir-thin"). De omsetting fan 'e de Welske dd (útsprutsen as de stimhawwende th fan it Ingelske this) ta in l komt fan 'e latinisearre foarm Merlinus, dy't Geoffrey fan Monmouth brûkte om eltse likenis foar te kommen mei it Anglo-Normandyske wurd merde (fan it Latynske merda), mei de betsjutting "stront". Neffens keltisist A.O.H. Jarman soe de namme Myrddin, dy't Geoffrey fan Monmouth oernaam fan 'e persoan fan 'e profeet Myrddin Wyllt, úteinlik weromgean op Caerfyrddin, de Welske namme foar it stedsje Carmarthen. Dat kontrastearret mei de populêre folksetymology dy't hawwe wol dat Carmarthen nei Myrddin Wyllt neamd is. Yn it echt komt de namme Caerfyrddin lykwols fan 'e eardere Romeinske namme fan it plak, Moridunum, dat wer in ferbastering wie fan it noch eardere Brytoanyske Moridunon, dat "seefort" betsjut.

Merlyn yn in yllustraasje troch Louis Rhead, út 1923.

De oarspronklike Merlyn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike Merlyn fan Geoffrey fan Monmouth is foar in grut part basearre op 'e legindaryske bard en profeet Myrddin Wyllt. Dy syn namme betsjutte "Myrddin de Wylde", en hy waard yn lettere Latynske boarnen dy't beynfloede wiene troch it wurk fan Geoffrey soms ek Merlinus Caledonensis (Merlyn fan Skotlân) neamd. Hy soe yn Hen Ogledd wenne hawwe, it hjoeddeistige Noard-Ingelân sa't dat wie doe't it noch troch de Welsen bewenne waard, foàr de Angelsaksyske ferovering. Myrddin Wyllt hie neat te krijen mei kening Arthur; neffens de Welske poëzij wied er in sechsde-iuwske bard dy't sljochtsinnich rekke nei't er tsjûge west hie fan 'e ferskrikkings fan 'e oarlochfiering, en doe de beskaving, sa't dy doe wie, ûntflechte om as wyldeman yn 'e bosken te libjen. Geoffrey brûkte Myrddin Wyllt al foar syn ierst oerlevere wurk, de Prophetiæ Merlini ("Profesijen fan Merlyn"), wêrfan't er bewearde dat dêryn de wiere wurden fan 'e sljochtsinnige bard fêstlein wiene.

In oare wichtige persoan dy't Geoffrey brûkte foar de gearstalling fan syn Merlyn wie Emrys (Aldwelsk: Embreis), in fiktyf personaazje dat basearre wie op 'e histoaryske fyfde-iuwske Romeinsk-Brittannyske oarlochslieder Ambrosius Aurelianus (Welsk: Emrys Wledig). Dyselde waard neamd yn ien fan Geoffrey syn wichtichste boarnen, de ier-njoggende-iuwske Historia Brittonum fan Nennius. Ambrosius Aurelianus wurdt wol beskôge as de histoaryske persoan dy't oanlieding jûn hat ta it ûntstean fan it legindaryske personaazje fan kening Arthur. Neffens Nennius begûn it ferhaal fan Ambrosius doe't de Brittannyske kening Vortigern besocht en bou in toer. Dy stoarte lykwols hieltyd yn ear't de bou foltôge wie. Syn riedslju fertelden him doe dat de iennichste oplossing wie om it fûnemint te besprinzgjen mei it bloed fan in bern dat te wrâld kommen wie sûnder heit. Ambrosius soe sa'n bern west hawwe, mar doe't er by kening Vortigern helle waard, brocht er de wiere reden foar it ynstoarten fan 'e toer oan it ljocht: it fûnemint wie lein op in plak dêr't in ûndergrûnske mar wie, en yn dy mar libben twa draken, dy't oanhâldend striid mei-inoar leveren (in metafoar foar de striid fan 'e Ketyske Brittanjers tsjin 'e ynfallende Angelsaksen).

Yn syn Historia Regum Britanniæ fertelt Geoffrey dat ferhaal op ferfraaide wize wer, mar jout er it heitleaze bern de namme Merlyn Ambrosius (Welsk: Myrddin Emrys). Dat nije personaazje hold er apart fan 'e lettere skiednis fan Ambrosius Aurelius, dy't er ek yn syn wurk opnaam. Geoffrey pleatste it ferhaal yn Carmarthen (Welsk: Caerfyrddin). Wylst Ambrosius Aurelianus neffens Nennius de soan fan in Romeinske konsul wie, soe Merlyn neffens Geoffrey berne wêze út 'e seksuële omgong tusken in prinsesse en in ynkubusdemon. Dat soe ferklearje moatte wêrom't Merlyn tsjoene koe. De namme fan Merlyn syn mem wurdt yn 'e regel weilitten, mar neffens de âldste ferzje fan 'e Proaza-Brut soe hja Adhan hjitten hawwe. It ferhaal oer de toer fan Vortigern waard troch Geoffrey fierhinne ûnferoare oernommen, wêrby't de ûndergrûnske draken, in witenien en in readenien, de Saksen en de Keltyske Brittanjers fertsjintwurdigje, en de útkomst fan harren lêste gefjocht in faai teken is foar de takomst. Op dat punt follet Geoffrey it ferhaal oan mei in lange seksje fan 'e profesijen fan Merlyn, dy't er oernaam út syn eardere Prophetiæ Merlini.

Dêrnei komt Merlyn yn noch twa oare ferhalen fan 'e Historia Regum Brittaniæ foar. Yn it earste ferhaal bout Merlyn de stiennerûnte fan Stonehenge as in begraafplak foar Ambrosius Aurelianus, wêrby't er guon stiennen dêrhinne oerbringt út 'e Preseli-heuvels fan súdlik Wales en oaren alhiel út Ierlân wei. Yn it twadde ferhaal soarget Merlyn der mei syn magy foar dat de nije Brittannyske kening Uther Pendragon it kastiel Tintagel ynglûpe kin om syn soan Arthur oan te setten by Igraine, de frou fan syn fijân. Dêrnei ferdwynt Merlyn út 'e Historia Regum Brittaniæ, en hy is gjin mentor foar de jonge Arthur lykas yn it wurk fan lettere skriuwers.

Nimue lêst út in toverboek wylst se de smoarfereale Merlyn finzen hâldt yn The Beguiling of Merlin, fan Edward Burne-Jones (1874).

Geoffrey skreau wer oer Merlyn yn syn trêde boek, de Vita Merlini ("It Libben fan Merlyn"), dat er basearre op 'e ferhalen oer de oarspronklike, sechsde-iuwske Myrddin. De nije ferhalen spilen lang nei de tiid dat Merlyn Ambrosius noch libbe hawwe koe as er in normale minsklike libbensspanne hân hie. Yn dy ferhalen oerlibbet Merlyn Arthur en trout er mei in frou dy't Gwendolen hjit (Geoffrey neamde har yn it Latyn Guendoloena, en basearre har op Gwenddoleu ap Ceidio). As troud man bringt Merlyn syn libben troch mei it bestudearjen fan 'e stjerren út syn mei santich finsters tariste wente yn 'e ôfhandige wâlden fan Rhydderch, dêr't er gauris opsocht wurdt troch syn tsjeppe suster Ganieda (basearre op 'e Myrddin Wyllt syn suster Gwendydd), dy't keninginne fan Kumbria wurden is.

Merlyn as in histoaryske persoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Myrddin Wyllt oer it algemien net as in histoaryske persoan beskôge wurdt, soe hy (en dêrmei de Merlyn fan Geoffrey fan Monmouth) neffens histoarikus Nikolaj Tolstoj op in histoaryske persoan basearre wêze kinne. As dat sa is, giet it nei alle gedachten om in druïde dy't libbe yn wat no súdlik Skotlân is. Tolstoj syn teory is basearre op it feit dat iere ferwizings nei Myrddin Wyllt en Merlyn Ambrosius harren beskriuwe mei skaaimerken dy't de moderne wittenskip, mar net de wittenskip fan 'e tiid wêryn't de boarnen skreaun waarden, werom ken as druïdysk. De ymplikaasje is dat sokke skaaimerken fanwegen har doetiidske ûnbekendheid net betocht wêze kinne troch Midsiuwske skriuwers, mar oernommen wêze moatte fan in echte persoan. As dat wier is, soe de hypotetyske Merlyn likernôch in iuw nei de hypotetyske histoaryske Arthur libbe hawwe, yn 'e sechsde iuw.

In lettere ferzje fan 'e Annales Cambriæ, dy't wol de "B-tekst" neamd wurdt, en dy't datearret fan 'e ein fan 'e trettjinde iuw en beynfloede waard troch it wurk fan Geoffrey fan Monmouth, hat foar it jier 573 it lemma opnommen dat nei "de Slach by Arfderydd, tusken de soannen fan Eliffer en Gwenddolau de soan fan Ceidio, wêryn't Gwenddolau sneuvele, Merlyn sljochtsinnich waard." Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat Merlyn neamd wurdt yn noch de ierste ferzje fan 'e Annales Cambriæ (de "A-tekst", skreaun omtrint 1100), noch in lettere kopy (de "C-tekst", skreaun oan 'e ein fan 'e trettjinde iuw).

Lettere ferzjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate desennia nei Geoffrey fan Monmouth, omtrint 1200, fertelde Robert fan Boron it ferhaal fan Merlyn op 'e nij yn syn gedicht Merlyn, dêr't er boppedat nije ferfraaiïngs oan taheakke. Fan it oarspronklike gedicht binne mar inkele regels oerlevere, mar in werfertelling yn proazafoarm wûn neitiid populariteit en waard opnommen yn ferskate ridderromans dy't wol oerlevere binne. Yn 'e ferzje fan Robert is Merlyn it bern dat in demon oanset hat by in minsklike faam mei de bedoeling dat it jonkje de Antykrist wurde sil. Dat plan wurdt dwerseide as de mem ûnder har swierwêzen te bycht giet by de preester Blaise, dy't derfoar soarget dat de poppe fuortendaliks nei de berte doopt wurdt. Dêrtroch wurdt er befrijd fan 'e ynfloed fan Satan.

Nettsjinsteande dat behâldt Merlyn, neffens Robert, troch it erfskip fan syn demoanyske heit in boppenatuerlike kennis fan it ferline en it hjoed. Dat wurdt oanfolle troch God, dy't him dêropta in profetyske kennis fan 'e takomst skinkt. Robert leit de klam op Merlyn syn fermogen om fan stal te wikseljen, op syn grapmeitsjende persoanlikheid en op syn bân mei de Hillige Graal, oer de syktocht wêrnei't er profetearret. Foar syn gedicht waard Robert ynspirearre troch Wace syn Roman de Brut, dat eins in Anglo-Normandyske adaptaasje fan 'e Historia Regum Britanniæ fan Geoffrey fan Monmouth is. It gedicht Merlyn makke oarspronklik diel út fan in syklus fan gedichten fan Robert dy't it ferhaal fan 'e Hillige Graal fertelden, de beker dêr't it bloed fan Jezus Kristus yn opfongen waard. Dy soe troch de folgelingen fan Joazef fan Arimatéa nei Brittanje brocht wêze en nei de ferneamde kweeste weromfûn wêze troch Parsival, in ridder fan 'e Rûne Tafel.

It gedicht fan Robert waard yn 'e trettjinde iuw werskreaun en útwreide yn proaza as de Estoire de Merlin, in tekst dy't ek bekend stiet as de Fulgaat-Merlyn of de Proaza-Merlyn. Dat dokumint heart ta de grutte Lânselot-Graal, ek bekend as de Fulgaatsyklus, wêryn't (yn 'e Proaza-Lânselot) útholden wurdt dat Merlyn eins nea doopt wie. De ferhalen oer Merlyn waarden fierder útwreide yn 'e Suite du Merlin (ek bekend as de Merlyn-Kontinuaasje of de Huth-Merlyn) fan 'e Post-Fulgaat. Dêryn wurde de withoefolle iere oarloggen fan kening Arthur beskreaun en de rol dy't Merlyn dêryn spile. Noch wer in oare útwreiding, dy't skreaun waard nei de Fulgaatsyklus, wie it Livre d'Artus, wêryn't Merlyn op 'e nij as stalferwikselder fanwegen komt. Alle neamde wurken waarden letter fertaald yn en adaptearre ta oare talen. Yn 't bysûnder wie de Suite du Merlin de boarne foar de iere dielen fan it ynfloedrike Ingelsktalige wurk Le Morte d'Arthur, fan Thomas Malory.

Lettere Midsiuwske wurken behannelje de leginde fan Merlyn ek. Ien dêrfan, Les Prophéties de Merlin, dat datearret fan likernôch 1276, befettet lange profesijen fan Merlyn dy't foar it meastepart te krijen hawwe mei alfde-iuwske en trettjinde-iuwske Italjaanske skiednis en polityk. Guon fan dy profesijen docht Merlyn nei syn eigen ferstjerren yn 'e foarm fan in geast. De profesijen wurde ôfwiksele mei ferhalen oer de dieden fan Merlyn en mei ferskate arthurleginden dêr't Merlyn sels hielendal net yn foarkomt. De ierste Ingelsktalige roman oer Merlyn is Of Arthour and of Merlin, dy't basearre waard op 'e ûnderskate kroniken en op 'e Frânsktalige Lânselot-Graal. By it kear op kear werfertellen fan 'e arthurleginden, kaam wat it personaazje fan Merlyn oangie bytiden de klam te lizzen op syn profetyske aspekten, wylst er oare kearen mear foarsteld waard as in tsjoender en/of as in mentor en adviseur fan 'e jonge Arthur.

Bradamante by de Tombe fan Merlyn, in skilderij út 1820 fan Alexandre-Évariste Fragonard.

Yn sokke ferhalen is de learling fan Merlyn faak Arthur syn healsuster Morgan le Fay, dy't soms ek foarsteld wurdt as Merlyn syn minneresse, en oare kearen as immen foar wa't Merlyn in ûnbeäntwurde leafde koesteret. Ek tusken de ferhalen wêryn't se in relaasje ûnderhâlde, besteane grutte ferskillen. Sa is it yn guon ferhalen in gleie âlde Merlyn dy't in (hast) ûnskuldige Morgan ferliedt en har dêrmei sûnder erch yn 'e rjochting fan har needlot triuwt, wylst it yn oare ferhalen in ambisjeuze en ûnskrupuleuze Morgan is dy't in âlde en wifkjende Merlyn ferliedt om 'e kennis te bemachtigjen dy't inkeld hy har jaan kin. Yn tsjinstelling ta de sitewaasje yn modernere literêre wurken binne Merlyn en Morgan yn gjin inkele Midsiuwske tekst ea fijannen. Krekt oarsom: Merlyn hâldt safolle fan Morgan dat er yn 'e Merlyn-Kontinuaasje sels foar har tsjin Arthur liigd om har te rêden.

Yn 'e Lânselot-Graal en lettere ferzjes fan 'e ferhalen feroarsaket Merlyn úteinlik syn eigen fal trochdat er sin kriget oan in oare froulike learling fan sines, in tinerfanke mei de namme Viviane. Dyselde wurdt yn oare werfertellings faak oars neamd (lykas Nimue yn Malory syn Le Morte d'Arthur) of foarsteld as de Frouwe fan de Mar, in soarte fan fee, mar it is ien-en-itselde personaazje. It lot fan Merlyn en de motiven fan Viviane/Nimue/ensfh. wurde yn elts ferhaal oars foarsteld. Soms wurdt er foar ivich finzenset, en soms wurdt er troch har deade. As er finzenset wurdt, kin dat wêze yn in grot (lykas yn 'e Lânselot-Graal-syklus) yn in hoale ûnder in grut rotsblok (lykas yn Le Morte d'Arthur), yn in ûnsichtbere toer, of yn 'e stamme fan in beam. Yn ien ferzje set Viviane him yn it betsjoende wâld Brocéliande finzen yn muorren fan lucht, dy't der foar him útsjogge as in toer, mar foar oaren as dize. Nei't se him fêstset of út 'e wei romme hat, ferfangt Viviane/Nimue him yn guon teksten (lykas Le Mort d'Arthur) as de hoftsjoender en adviseur fan Arthur.

Yn 'e Prophéties de Merlin wurdt jierrenlang troch ferskate partijen om 'e nocht nei it grêf fan Merlyn socht. Yn 'e Post-Fulgaat-syklus wit kening Bagdemagus de stien te finen dêr't Merlyn ûnder finzen sit. Hy praat mei Merlyn, mar it rotsblok is sa swier dat der gjin beweging yn te krijen is. It legindaryske wâld Brocéliande, dêr't it grêf fan Merlyn wêze soe, wurdt gauris identifisearre mei it echte Wâld fan Paimpont, yn Bretanje. Oare plakken dêr't Merlyn begroeven lizze soe, binne Drumelzier yn it Skotske Tweeddale, Carmarthen yn súdwestlik Wales en it eilantsje Ynys Enlli foar de Welske kust. Dy lêste beide lokaasjes wurde ek yn it algemien mei Merlyn assosjearre, bygelyks yn it trettjinde-iuwske Welsktalige manuskript dat bekendstiet as it Swarte Boek fan Carmarthen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.