Springe nei ynhâld

Unbeäntwurde leafde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnbeäntwurde leafde)
Dante werpt in langjende blik op Beatrice Portinari (yn giel), wylst dy him straal foarbyrint mei frouwe Vanna (yn read), op it skilderij Dante en Beatrice, troch Henry Holiday.

Unbeäntwurde leafde of iensidige leafde is leafde of ferealens dy't men fielt foar in persoan dy't deselde gefoelens net foar jin koesteret. Dêrby is it mooglik dat de persoan dy't it objekt fan 'e leafde is, syn of har leafhawwer ôfwiisd hat. Mar it kin likegoed wêze dat sa'n persoan hielendal net iens beseft dat soks spilet, mei't dejinge dy't him/har leafhat dat foar him/har ferburgen hâldt. Soms stjoert dejinge dy't fan in ôfstân immen leafhat dy persoan presintsjes ta, lykas in boeket reade roazen of in doaske bonbons. As sa'n leafhawwer (noch) net wissernôch is om 'e eigen namme te neamen, docht hy/sy der soms in kaartsje by mei de tekst "fan in geheime bewûnderer". Soks kin it tsjinstelde effekt hawwe, mei't dejinge dy't 'bewûndere' wurdt, benammen as it om in frou giet, dêrtroch faak it ûnoangename gefoel kriget temûk begnúfd te wurden. Sa'n gefoel is net alhiel sûnder basis, want ôfhinklik fan 'e geastlike gesteldheid fan 'e bewûnderer kin sok hâlden en dragen soms yndie útrinne op in gefal fan stalking.

Unbeäntwurde leafde is yn 'e Westerske kultuer in faak foarkommend ûnderwerp yn films, boeken en lieten. Foar dejingen dy't ûnbeäntwurde leafde koesteret kin it ûnfermogen om oan in djip emosjoneel ferlet te foldwaan ferfelende gefolgen hawwe. Men kin depressyf reitsje, in gefoel fan minderweardichheid krije, en flugge gemoedswikselings ûnderfine fan depresje nei eufory en wer werom. Oer de fraach oft ûnbeäntwurde leafde better is as hielendal gjin leafde binne de mienings ferdield. De Kanadeeske psychiater Eric Berne seach bygelyks net folle positive kanten oan ûnbeäntwurde leafde, wylst de Dútske filosoof Friedrich Nietzsche ûnbeäntwurde leafde krekt ûnmisber fûn foar de goede ûntwikkeling fan 'e minsklike psyche.

Yn 'e measte gefallen sil ûnbeäntwurde leafde nei ferrin fan tiid út himsels oergean, benammen as men (bgl. nei in ôfwizing) de persoan dy't men leafhat net mear moetet. As it om in kollega op jins wurk giet, kin it dreech wurde, net allinnich foar dejinge dy't leafhat, mar ek foar de ôfwizer, dy't faak ek gefoelens as somberens, frustraasje en skuld trochmakket. De Romeinske dichter Ovidius skreau yn syn Remedia Amoris dat ûnbeäntwurde leafde it fluchst oergiet as men jin oerjout oan reizgjen, gehielûnthâlden en bûtendoaraktiviteiten, en dêrby, iroanysk genôch, dichters safolle mooglik út 'e wei giet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.