Springe nei ynhâld

Toverboek

Ut Wikipedy

In toverboek, of mei in lienwurd út it Frânsk grimoire, is in boek wêryn't in tsjoender saken oangeande syn beoefening fan tsjoenderij opskreaun hat. Men kin dan tinke oan resepten foar toverdranken, útlis hoe't talismans en amuletten makke wurde moatte, de krekte teksten fan beswarrings om betsjoenings te dwaan of demoanen op te roppen, en de juste teksten foar it oplizzen of ûntlêstgjen fan ferflokkings. Toverboeken binne sterk ferbûn mei de teürgy, in foarm fan tsjoenderij dy't û.m. it oproppen fan en opdrachten jaan oan boppenatuerlike wêzens omfiemet, lykas demoanen en godheden.

In toverboek kin in soarte fan persoanlik notysjeboekje wêze, dat inkeld as helpmiddel foar de tsjoender sels bedoeld is, mar it kin ek in magysk hânboek wêze dat skreaun is foar in breder publyk. Sa'n publyk wie lykwols beheind ta lju dy't in beskate foarkennis besieten om 'e yllustraasjes, diagrammen, figueren en magyske symboalen yn it boek te ûntsiferjen. Hoewol't toverboeken tsjintwurdich benammen bekend binne út âlde leginden en myten en út moderne fantasyliteratuer, binne der histoarysk wiere 'toverboeken' bekend, skreaun troch algemisten en oare lju dy't it okkulte bestudearren. De measte toverboeken wiene pseudepigrafen, dy't skreaun wiene ûnder de falske namme fan in faak bekend persoan, soms sels in paus.

Oant fier yn 'e iermoderne tiid (teminsten oant yn 'e njoggentjinde iuw) sirkulearre soksoarte literatuer foar it meastepart yn 'e foarm fan manuskripten. Dat hie te krijen mei it tsjustere karakter fan sokke wurken, dat tsjin 'e tried fan 'e kristlike, Westerske maatskippij yn gie, en sinsuer ferwachtsje koe fan geastlike en wrâldske autoriteiten as dy der lucht fan krigen. De ierste histoaryske toverboeken datearje út 'e Lette Midsiuwen. Sa is in ier en ynfloedryk foarbyld de út it Arabysk fertaalde Picatrix út 'e tolfde iuw.

Yn 'e Renêssânse wiene toverboeken fan ynfloed op 'e him ûntjaande wittenskip, en rekke de 'tsjoenderij' en oare okkulte kennis út 'e boeken fermongen mei astrology, hermetisme en neoplatonisme. Toverboeken oefenen fierders in frij sterke ynfloed út op 'e symbolyk dy't te'n grûnslach leit oan 'e frijmitselders en soartgelikense organisaasjes, lykas de Hermetyske Oarder fan de Gouden Dage. Geandewei it tiidrek fan 'e Ferljochting ferdwûnen toverboeken sa njonkelytsen út it algemien bewustwêzen om't wittenskippers se as in foarm fan pseudowittenskip begûnen te sjen. Om 1900 kamen se lykwols wer wat yn 'e belangstelling te stean troch in oplibbing fan it okkultisme. Nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't der gjin sinsuer mear op sokke útjeften rêste, ferskynden hast alle bekende toverboeken út it ferline yn drukte foarm.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.