Hânskrift (dokumint)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Manuskript)
Miroslav Evangeelje
Muzykskrift út Jena

Skrift of hânskrift is in sammelnamme foar dokuminten dy’t mei de hân skreaun binne. Dat kinne dokuminten wêze dy’t (fier) fóár de útfining fan de boekprintkeunst skreaun binne, dokuminten dy’t skreaun binne by en koart nei de útfining fan de boekprintkeunst, en dokuminten dy’t nettsjinsteande de oerhearskjende posysje fan printe wurken dochs mei de hân skreaun waarden. It materiaal dêr’t de tekst op skreaun is, hjit de drager. Yn it gefal fan hânskriften is dat benammen papyrus. Hânskriften binne der yn ferskate formaten: boek (codex), rôle of ek losse fellen.

Hânskrift fersus (modern) manuskript[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letterlik is in manuskript in mei de hân skreaune tekst. Meast wurdt dêr in tekst fan in noch net publisearre boek mei bedoeld. Dat wurdt ek wol de kopij neamd. In typte mar net printe tekst hjit in typoskrift. In soad útjouwers ferwachtsje dat de nei har opstjoerde ‘typoskripten’ masinaal mei in tekstbewurker opmakke binne en neame dat dochs faak in 'manuskript'. Eins wurdt de term ‘manuskript’ dan ferkeard brûkt. Koartsein: in 'hânskrift' is altyd in 'manuskript', mar in manuskript yn de hjoeddeistige foarm lang net altyd in 'hânskrift' yn de werklike betsjutting fan it wurd.

Manuskripten en typoskriften kinne wichtich wêze foar de letterkundige of histoaryske bestudearring fan in tekst, benammen troch de ferskillen tusken hânskreaune en printe tekst. Se wurde ek wol sammele; sa brocht it hânskrift fan de roman De Avonden fan Gerard Reve op in feiling yn 1996 160.000 gûne op, omrekkene goed 94.000 euro’s fan 2008.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn it âlde Egypte makken se hânskriften, meast op papyrus. De bibleteek fan Aleksandrië is dêr in treflik foarbyld fan. Yn de westerske wrâld waarden hânskriften oant de 13e iuw benammen op perkamint skreaun. Fan de 13e iuw ôf waard faker foar papier keazen.

As de tekst mei de hân opsierd is (yn tsjinstelling ta printe fersiering, bygelyks houtsneden), ha jo it oer ferluftige hânskriften. Dekoraasje yn midsieuske hânskriften hie net allinnich as doel it opkreazjen of yllustrearjen, mar ek - by mankearjen oan lêshelpen lykas ynhâldstafels en sidenûmers - om de tekst te strukturearjen. By hânskriften prate jo nammers net oer siden, mar folio’s (rekto en ferso).

Yn de Westerske midsiuwen waarden hânskriften benammen kopiearre yn kleasters en (yn de lettere midsiuwen) yn profesjonele ateliers yn de stêden. De persoan dy’t it model of [[lizzer (register)|lizzer) ôfskreau, is de kopiïst. De reade titels (rubriken) waarden oanbrocht troch de rubrikator. De ferluftiger of miniaturist brocht de dekoraasje oan. Troch it brûkte materiaal en de fracht oan oeren dy’t yn de produksje fan in hânskrift sitten gie, wiene (en binne) hânskriften tige kostber.

De styl en de kwaliteit fan it skrift fariearre neigeraden it tiidrek, de kontekst en de mjitte fan lúkse fan it hânskrift. De dissipline dy’t de ferskate skriftstilen bestudearret (bygelyks de karolingyske minuske, is de paleografy. As it hânskrift yn codex-formaat is, kinne de fysike skaaimerken fan it boek (bygelyks de drager of de bining bestudearre wurde troch koadikologen. De dekorative eleminten wurde troch keunsthistoarisy bestudearre. De ynhâld fan de tekst(en) is wer foer foar filologen.

In soad skriften út de âldheid giene foar ivich ferlern as it iennichste of lêste eksimplaar ferdwûn troch sliten, stellerij of brân. Fan de wurken fan wichtige auteurs dêr’t wol fraach nei wie waarden geregeld kopyen makke en der binne wolris hûnderten hânskriften bekend. Yn 2014 is berekkene dat der yn Jeropa yn de midsiuwen alve miljoen hânskreaune boeken skreaun binne, op perkamint of fan de tolfde iuw ôf op papier. Ferspraat oer de hiele wrâld binne der yn iepenbiere en priveebibleteken noch 700.000 oer.[1]

Inkelde sjenres hânskriften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibelske hânskriften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bibel is troch ferskate minsken yn de rin fan sawat 1500 jier ta stân kommen. De oarspronklike hânskriften fan de Bibel, de saneamde autografa binne ferlern gien. Der is dus bygelyks gjin orizjinele brief mear dy’t troch de apostel Pauls sels skreaun is. Wol binne de oarspronklike hânskriften hieltyd kopyearre. Oerskriuwe wie yn de âldheid de gebrûklikste wize fan fermannichfâldigjen fan brieven en dokuminten. Fan de Bibel is yn de rin fan de tiid in grutte hoemannichte hânskriften fûn. De tekstwittenskip fan de Bibel besiket út de ferskate hânskriften, op basis fan opstelde regels, sa soarchfâldich mooglik de oarspronklike tekst te efterheljen. Utsoarte bliuwt dat wurk dat mei fragen en kar út tangele sit. Troch de fynst fan de Deade Seerôlen binne wer mannich hânskriften fan it Alde Testamint beskikber kommen. It wie opmerklik dat dy nij fûne hânskriften winlik amper ôfwykten fan de al beskikbere hânskriften. Oer it generaal giene se mei it oerskriuwen blykber tige sekuer te wurk.

It âlde hânskrift fan it Nije Testamint is út sawat 125 nei Kristus. It is in part út it Evangeelje neffens Johannes (Joh. 18: 31-33 en Joh. 18:37-38). Dat hânskrift stiet wittenskiplik bekend ûnder de koade P52. De tekst is skreaun op papyrus. Der binne op ’t heden sa’n 3300 Grykske hânskriften fan it Nije Testamint beskikber. Dat is mear as fan hokker klassike tekst út de âldheid ek mar.

Profane literatuer opslein yn hânskriften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hiele middelnederlânske literatuer is ús oerlevere troch hânskreaune produksjes. De produkten waarden tsjin betelling de rigel makke troch ienmansbedriuwkes fan beropskopiïsten yn saneamde skriuwhúskes. Soks late ta sammelhânskriften. Yn dy tiid wie it sammelhânskrift de produksje-ienheid fan literatuer en net de tekst as sadanich. Earst de drukparse sil de ôfsûnderlike tekst as op himsels steande ienheid fêstigje.

Acrostichon Anthonis de Roovere yn in 15e iuwsk hânskrift (Iepenbiere Bibleteek Brugge, Ms. 711)

As motivaasje foar it hânmjittich fêstlizzen fan sprutsen teksten gou sterk dat jo oer in krekte tekst beskikke koene om út de holle leare te kinnen. Literêre teksten yn de folkstaal bestiene ommers oant foarhinne foar de omjouwing allinnich as rymjende klank en lûd mei in ritme en metrum. Se waarden mûnling oerlevere as in foarm fan orale skiednis.

Bekende foarbylden fan sammelhânskriften binne de Manesse Codex, it Gruuthuse-hânskrift, it Geraardsberchske hânskrift en it Hulthemske hânskrift. In wier keunstwurk is it midsiuwske profane manuskript De Graal fan Rochefoucauld, keunstich ferluftige mei miniatueren.

Muzykhânskriften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it ûntstean fan de muzyknotaasje yn syn âldste foarm ôf yn de 9e iuw mei it neumeskrift ferskine hânskriften mei muzyk. Dy foarmje, njonken teksten dêr’t sprake fan muzyk yn is, de iennichste boarnen foar it bestudearjen fan de klassike muzykmuzykskiednis]] oant it ferskinen fan de Odhecaton yn 1501, it earste printe muzykboek.

Universiteitsbibleteken en oare erfguodbibleteken ha meast in aparte ôfdieling foar it bestudearjen fan hânskrifen en âlde printingen.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Link[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geïllustreerde powerpointpresentatie Openbare Bibliotheek Brugge over de productie en het gebruik van handschriften (in dit geval in boekvorm) in de westerse middeleeuwen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Buringh, Eltjo (2014) 'The role of medieval cities in book production: quantitative analyses' in: Uses of the written word in Medieval Towns: Medieval Urban Literacy II (pp. 119-177) (Utrecht studie in medieval literacy 28, Turnhout)