Gerard Reve

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gerard Reve yn 1969

Gerard Reve, folút Gerard Kornelis van het Reve (14 desimber 1923, Amsterdam - 8 april 2006, Zulte), wie in Nederlânsk skriuwer en dichter. Mei Harry Mulisch en Willem Frederik Hermans wurdt er ta de saneamde Grutte Trije fan de neioarlochske Nederlânske skriuwers rekkene. Guonts dy't it wurk fan Jan Wolkers of Hella S. Haasse heech hawwe sprekke leaver oer 'De Grutte Fjouwer' of 'Grutte Fiif'.

De avonden[bewurkje seksje | edit source]

Gerard Reve makke namme mei syn earste roman, De avonden (De jûnen) út 1947. De roman beskriuwt de lêst tsien dagen fan 1946 sjoen troch de eagen fan Frits van Egters. Reve docht sels neat as mei in soad detail beskriuwe wat der bart, mar der ûntstiet in swiere sfear trochdat de haadpersoan frij synysk is oar it froede fermidden dêr't er yn libbet.

Persoanlik[bewurkje seksje | edit source]

Om de persoan fan Gerard Reve wie mear as ien kear wat te dwaan. Hy makke der in grut ferhaal fan dat er katolyk waard, mar yn de selde tiid joech er god yn syn wurk in ynkarnaasje as ezel. Dat er homofyl wie hat er ek ferskate kearen dúdlik witte litten.

Húshâlding Van het Reve om 1929 hinne. Lofts sit Gerard.

Reve wie fan 1948 oant 1959 troud mei Hanny Michaelis[1]. Se rekken mei inoar yn'e kunde yn 1947 by de útrikking fan de Reina Prinsen Geerligspriis, dy't dat jier takend wie oan Reve, en wêrby't Michaelis in earfolle fermelding krige. Yn 1963 makke se de (autorisearre) oersetting fan Reve's bondel The acrobat and other stories ûnder de titel Vier wintervertellingen. It houlik waard ûntbûn doe't Reve derfoar keas om foar syn homoseksualiteit út te kommen en mei in man fierder woe. Michaelis en Reve bleaune wol tige goede freonen.

Earebetoan[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1998 waard er Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Yn 2001 waard Reve de Priis fan de Nederlânske Letteren takend, mar kening Albert fan Belgje wegere dy út te rikken. Reve hat de priis fan immen fan de Taaluny oerlange krigen.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Huize Het Gras yn Greonterp.
  • Terugkeer (1940; poëzij)
  • De Avonden (1947; roman)
  • Werther Nieland (1949; novelle)
  • De ondergang van de familie Boslowits (1950; novelle)
  • The Acrobat and Other Stories (1956; ferhalen)
  • Moorlandshuis (1960; toaniel, nea publisearre en útfierd)
  • Tien vrolijke verhalen (1961; ferhalen)
  • Commissaris Fennedy (1962; toaniel)
  • Vier Wintervertellingen (1963; ferhalen)
  • Op weg naar het einde (1963; roman)
  • Zes Gedichten (1965; poëzij)
  • Gezicht op Kerstmis en andere geestelijke liederen (1965)
  • Nader tot U (1966; roman)
  • Veertien etsen van Frans Lodewijk Pannekoek voor arbeiders verklaard (1967)
  • A Prison Song in Prose (1968)
  • Uit de Kunst. Brieven aan Simon Carmiggelt. (1970; brieven)
  • Vier Pleidooien (1971; taspraken)
  • De Taal der Liefde (1972; roman)
  • Onze Vrienden (1972)
  • Credo (1973)
  • Lieve Jongens (1973; roman)
  • Lekker Kerstbrood (1973)
  • Het Zingend Hart (1973)
  • Het Lieve Leven (1974; brieven)
  • Rietsuiker (1974)
  • Een Circusjongen (1975; roman)
  • Ik had hem lief (1975; brieven)
  • Brieven aan kandidaat-katholiek A. (1976; brieven)
  • Drie toespraken (1976; taspraken)
  • Oud en Eenzaam (1978; roman)
  • Een eigen huis (1979; ferhalen, gedichten, taspraken)
  • Scheppend Kunstenaar (1979)
  • Moeder en Zoon (1980; roman)
  • Brieven aan Wimie (1980; brieven)
  • De Vierde Man (1981; roman)
  • Drie woorden (1981)
  • Brieven aan Josine M., 1959-1975 (1981; brieven)
  • Brieven aan Bernard S. (1981; brieven)
  • Brieven aan Simon C. (1982; brieven oan Simon Carmiggelt)
  • Zeergeleerde Vrouwe (1982; brieven)
  • Album Gerard Reve (1983; fotobiografy)
  • Wolf (1983; roman)
  • Brieven aan Wim B. (1983; brieven)
  • Brieven aan Frans P. (1984; brieven)
  • De stille vriend (1984; novelle)
  • Schoon schip, 1945-1984 (1984; ferhalen, gedichten, artikels)
  • Brieven aan geschoolde arbeiders (1985; brieven)
  • Roomse heisa (1985; essays)
  • Brieven aan Ludo P., 1962-1980 (1986; brieven)
  • Klein gebrek geen bezwaar. Een keuze uit zijn brieven. (1986; brieven)
  • Verzamelde Gedichten (1987; poëzij)
  • Het geheim van Louis Couperus (1987; rede)
  • Zelf schrijver worden (1987; taspraken)
  • Bezorgde Ouders (1988; roman)
  • Brieven aan mijn lijfarts (1991; brieven)
  • Ik had hem lief (1992; roman)
  • Brieven van een aardappeleter (1993; brieven)
  • Op zoek (1995; novelle)
  • Zondagmorgen zonder Zorgen (1995; koarte stikken en brieven)
  • Het boek van violet en dood (1996; roman)
  • Ik bak ze bruiner (1996; mearkes, mei tekeningen fan Theo van den Boogaard)
  • Brieven aan Matroos Vosch, 1975-1992 (1997; brieven)
  • Thom Hoffman: 23 Brieven aan Frits van Egters over het maken van De avonden. & Gerard Reve: 7 Brieven aan Thom Hoffman (1997; brieven)
  • Met niks begonnen. Correspondentie met Willem Nijholt (1997; brieven)
  • Het hijgend hert (1998; roman)
  • Gezicht op Kerstmis en andere geestelijke liederen (1998)
  • Zalig Pasen (2001)
  • Brieven aan Bram P. (2003; brieven)
  • Gerard Reve - Geert van Oorschot. Briefwisseling 1951-1987 (2005; brieven)
  • Moedig Voorwaarts - Brieven aan Bert en Netty de Groot 1974-1997 (2007; brieven)
  • Verscheur deze brief. Ik vertel veel te veel- Correspondentie met Willem Frederik Hermans 1948-1987 (2007 (1 septimber); brieven)
It grêf fan Reve

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nop Maas: Gerard Reve. Kroniek van een schuldig leven, deel 1: De vroege jaren 1923 - 1962. Van Oorschot, Amsterdam, 2009. ISBN 978-90-282-4122-0