Nop Maas
Norbert Maria Hubert (Nop) Maas (Hoensbroek, 1 desimber 1949) is in Nederlânsk literatuerhistoarikus.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maas studearre oan de Katolike Universiteit Nymwegen en waard dêr nei syn doktoraaleksamen (1975) universitêr dosint by de fakulteit Nederlânsk. Nei't er de universiteit (1989) ferlitten hie wijde er him folslein oan it skriuwen fan boeken, yn 't earstoan fral oer 19e-iuwske auteurs. Teffens wie er belutsen by de tydskriften Maatstaf, Spiegel Historiael, Over Multatuli, De Parelduiker, Tirade en by útjouwerijen, lykas de Vaderland-reeks fan útjouwerij Vriendenlust (1983-1989).
Maas promovearre 1988 oan de Frije Universiteit op de njoggentjinde-iuwske skriuwer Marcellus Emants mei syn proefskrift Marcellus Emants' opvattingen over kunst en leven in de periode 1869-1877. Fanôf de jierren njoggentich hie er hieltyd mear omtinken foar modernere auteurs. Hy besoarge ferskate briefwikselingen fan Gerard Reve, earst Brieven aan Wim B. (1983), en letter de earste fiif dielen fan Reve's samle wurk. Maas skreau ek oer Karel van het Reve (waans samle wurk er yn 'e mande mei oaren besoarge) en oer Gerards eardere frou, de dichteresse Hanny Michaelis. Hy besoarge de briefwikselingen tusken Geert van Oorschot en Willem Frederik Hermans, tusken M. Vasalis en Van Oorschot en tusken Hermans en Reve. As bestjoerslid by it Nederlânsk Letterkundich Museum, beskreau er de skiednis dêrfan yn Werken voor de eeuwigheid (2004).
Fierders wie er dwaande mei de skiednis fan it stripferhaal (De archeologie van het Nederlandse stripverhaal, 1997) en mei seksualiteit yn it ferline (Seks!... in de negentiende eeuw, 2006).
Oktober 2009 ferskynde by útjouwerij G.A. van Oorschot diel I (De vroege jaren 1923 - 1962) fan syn biografy yn trije dielen fan Gerard Reve ûnder de titel Gerard Reve. De kroniek van een schuldig leven. Yn dat boek wurdt ûnder mear de earste ferhâlding fan Reve mei de sjongster Tine Fratermanan oan it jlocht brocht. Diel II (De 'rampjaren' 1962 - 1975) folge yn maart 2010. Diel III (De late jaren 1975 - 2006) soe neijier 2010 ferskine, mar de útjefte waard fanwege beswieren fan Reve's eardere partner Joop Schafthuizen tsjin holden. Maas hat him mei opset sin beheind ta referearjen oan skreaune teksten en benei altyd ôfsjoen fan tsjûgenissen út oare boarnen. Nei in útspraak fan de rjochter op 26 juny 2012 koe it boek dochs ferskine.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Nop Maas yn de DBNL