Eduard Douwes Dekker

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Multatuli)
Eduard Douwes Dekker
skriuwer
Eduard Douwes Dekker, Multatuli
Eduard Douwes Dekker, Multatuli
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eduard Douwes Dekker
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 maart 1820
stoarn 19 febrewaris 1887 (66 jier)
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Ferhalen, parabellen, aforismen
bekendste
  wurk(en)
Max Havelaar
jierren aktyf 1859-1876
offisjele webside
Profyl yn de DBNL

Eduard Douwes Dekker (Amsterdam, 2 maart 1820 - Nieder-Ingelheim, 19 febrewaris 1887) wie in Nederlânsk skriuwer en frijmitselder, skûlnamme Multatuli (= ik haw in soad lijen hân). Syn roman Max Havelaar of de koffiveilingen der Nederlandsche Handelmaatschappy wurdt troch in soad minsken as it bêste Nederlânske boek fan 'e 19e iuw beskôge. Hy hat ek toanielstikken, pamfletten (somtiids yn brieffoarm) en aforismen.

Douwes Dekker groeide op yn Amsterdam en teach yn 1838 mei syn heit nei Batavia yn Nederlânsk-Ynje (it tsjintwurdige Yndonesië), dêr't er yn 1839 in baan as amtner krige. Dêr seach er al de wantastannen ûnder ferantwurdlikens fan it Nederlânske koloniaal bewâld.

Syn debútroman, de ramtroman Max Havelaar, hikkelet op basis fan syn eigen ûnderfiningen de behanneling fan de ynlânske befolking troch Nederlânske en Nederlânsk-Yndyske bestjoerders. De fan 1862 oant 1877 ferskynde sân bondels mei 1282 nûmere Ideen befetsje foar it meastepart essayistyske aforismen, mar ek de roman Woutertje Pieterse en it toanielstik Vorstenschool binne yn dy samling te finen.

Sawol de persoanlikheid as de skriuwstyl fan Douwes Dekker hie grutte ynfloed op wichtige skriuwers út generaasjes nei him, ûnder oaren de Tachtigers, Nescio, Willem Elsschot, E. du Perron, Hermans en Karel van het Reve. Ynternasjonaal waard er ek lêzen, mei bekendheid yn Yndonesië en de Sovjet-Uny, mar foaral yn Dútslân: in soad wurk fan him waard yn it Dútsk oerset om 1900-1910 hinne en dat wie in boarne fan ynspiraasje foar de feministyske beweging dêre. Karl Marx en Sigmund Freud wurdearren him, en besochten him sels yn it Hollânsk te lêzen.

Yn juny 2002 waard Max Havelaar troch de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde útroppen ta it wichtichste Nederlânsktalige letterkundige wurk fan alle tiden. Yn 2004 einige Multatuli op it 34e plak yn de ferkiezing fan De grutste Nederlanner.

Priuwke út Max Havelaar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stikje út it lêste diel fan Max Havelaar:
"..het was mij niet te doen om goed te schrijven...ik wilde zó schrijven dat het gehoord werd. En, evenals iemand die roept: "houdt den dief!" zich weinig bekommert over den styl zyner geïmproviseerde toespraak aan 't publiek, is het ook my geheel om 't even, hoe men de wyze zal beoordelen, waarop ik myn "houdt den dief!" heb uitgeschreeuwd."

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utjefte fan 1891
Stânbyld fan Multatuli op in plein oan de Singel yn Amsterdam.

Samle wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1876 - Bloemlezing door Heloize (troch M. Douwes Dekker-Hamminck Schepel)
  • 1900 - Verzamelde Werken (tsien dielen)
  • 1919 - Bloemlezing uit Multatuli's werken (in kar út syn wurk, mei in ynlieding fan J. van den Berg)
  • 1937 - Bloemlezing (gearstald en ynlaat troch Julius Pée)
  • 1950-1995 - Volledige Werken (25 dielen) (redaksje Garmt Stuiveling en Hans van den Bergh)
  • 1955 - Barbertje moet hangen, Verhalen, parabelen, aforismen (Gearstald en ynlaat troch Garmt Stuiveling)
  • 1973 - Bloemlezing uit de werken van Multatuli (Gearstald en ynlaat troch G.W.Huygens, basearre op de blomlêzing troch Heloïse út 1876)
  • 1974 - De roeping van de mens. Een keuze uit zijn gehele werk door C. Bij

Brieven en oare publykaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1890 - Brieven van Multatuli, Het Ontstaan van Max Havelaar 1859 (oardere troch M. Douwes Dekker - Hamminck Schepel)
  • 1890 - Brieven van Multatuli, Max Havelaar verschenen (Oardere en bewurke troch M. Douwes Dekker - Hamminck Schepel)
  • 1891-1896 - Multatuli, Brieven. Bijdragen tot de Kennis van zijn Leven (redaksje: M. Douwes Dekker -Hamminck Schepel) (tweede herziene druk in 1912)
  • 1907 - Briefwisseling tusschen Multatuli en S. E. W. Roorda van Eysinga' (útjûn troch M. Douwes Dekker - Hamminck Schepel)
  • 1937 - Multatuli en zijn zoon: brieven van Multatuli aan J. van der Hoeven (útsocht en ynlaad troch Menno ter Braak)
  • 1941 - Multatuli, Reisbrieven aan Mimi en andere bescheiden (redaksje: J. Pée)
  • 1942 - Brieven van Multatuli aan Mr Carel Vosmaer, R.J.A. Kallenberg van den Bosch en Dr Vitus Bruinsma. Documenten (redaksje: J. Pée)
  • 1944 - Keur uit de brieven van Multatuli (redaksje: J. Pée)
  • 1947 - Briefwisseling tusschen Multatuli en G.L. Funke (redaksje: G.L. Funke [jr.])
  • 1947 - Brieven aan J. Waltman Jr. (ynlieding troch en oantekeningen fan Henri A. Ett)
  • 1948 - Multatuli-literatuur. Lijst der geschriften van en over Eduard Douwes Dekker (troch A.J. de Mare) (ferlykje ek Maatstaf, 1970, 677-773)
  • 1948 - Twee brieven uit Menado (ynlieding troch en oantekeningen fan Henri A. Ett)
  • 1979 - Liefdesbrieven (besoarge, oantekeningen en neiwurd toch door Paul van 't Veer) (ISBN 90-295-3205-X)
  • 1987 - Multatuli-literatuur 1948-1977. Lijst der geschriften van en over Eduard Douwes Dekker (troch P.C. van der Plank)
  • 2001 - "Men moet van myn gestreken lans, een vlaggestok maken": brieven van Multatuli en Tine Douwes Dekker aan de redersfamilie Smit (ynlieding en oantekeningen troch Chantal Keijsper et al.) (ISBN 90-76314-70-5)
  • 2006 - Woutertje Pieterse (bewurke en ynkoarte troch Ivo de Wijs) (ISBN 90-76347-61-1)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit is mar in lytse seleksje fan it wurk dat oer Multatuli ferskynd is.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]