Maatstaf (tydskrift)

Ut Wikipedy

Maatstaf wie in literêr tydskrift dat yn Nederlân fan 1953 oant 1999 ferskynde, earst by útjouwerij Bert Bakker-Daamen en fan 1969 ôf oan by De Arbeiderspers.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De útjouwer Bert Bakker naam it inisjatyf ta it útjaan fan Maatstaf en hie ek de redaksje. Rillegau spile Maatstaf in foaroansteande rol yn de Nederlânske literêre wrâld, mei geregeldwei bydragen fan skriuwers en dichters út alle generaasje. Under oaren skreaune Annie Salomons, Adriaan Roland Holst, Simon Vestdijk, Gerrit Achterberg, Lucebert, Ed. Hoornik, Theun de Vries, Hendrik de Vries, Hans Vlek en Hans van de Waarsenburg stikken yn it blêd. Yn 1964 wie Maatstaf mei goed 4000 abonnees it grutste literêre tydskrift yn Nederlân en it iennige dat gjin subsydzje krige.

Yn 1969 naam Bert Bakker ôfskied as redakteur en waard de útjefte oernaam troch De Arbeiderspers[1]. Maatstaf hie yn 1969 noch 3100 abonnees, en kaam ûnder de redaksje fan Martin Ros, Theo Sontrop, Gerrit Komrij, William D. Kuik en Mensje van Keulen. Skriuwers lykas Maarten 't Hart en F.B. Hotz debutearren yn it blêd.

Tsjin de ein fan de tweintichste iuw kaam Maatstaf, dat wilens wol oerheidssubsydzje krige, ûnder druk te stean. Neffens it Literêr Produksjefûns, dat it jaan fan subsydzje beöardielde, liet jiergong 1998 "geen visie, samenhang en redactioneel beleid" sjen. Teffens wie it fûns fan betinken dat "het niveau van de opgenomen creatieve bijdragen laag" wie. Sadwaande waard de subsydzje fan 25.000 gûne it jier ynlutsen. De Arbeiderspers besleat doe te stopjen mei it blêd, hoewol't de doetiidske redaksje poer wie (Mirjam Rotenstreich, Esther Jansma, André Klukhuhn, Ilja Leonard Pfeijffer en Janita Monna).[2].

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lidy van Marissing: 28 interviews. Meulenhoff, Amsterdam, 1971.
  2. Onno Blom: Opheffing van Maatstaf wekt woede van redactie. Trouw, 6 oktober 1999.