Mearke

Ut Wikipedy
Hans Christian Andersen

In Mearke is in soarte fan folksferhaal dat faak oan bern ferteld wurdt en meastentiids giet oer hekse, kabouters, elfkes, trollen, dwergen, reuzen en oare fantasijwêzens. Ek geane sy faak oer prinsen, prinsessen en keningen.

Yn mearkes kin ek in moraal ferstoppe sitte. Dat lêste is faak it gefal mei de ferhalen fan de bruorren Grimm en in soad ferhalen fan Hans Christian Andersen. In mearke hat almeast in goed ein, mar soms rint it min ôf mei de haadpersoan, fral mei wa't him earder yn it ferhaal min holden en droegen hat.

De ferhalen fan de bruorren Grimm binne optekene út de mûle fan de fertellers. It giet hjir om mearkes dy't fan generaasje op generaasje oerlevere binne. De measte mearkes fan Andersen en oare moderne skriuwers binne troch harren sels optocht. Yn Fryslân hawwen de bruorren Joast en Eeltsje Halbertsma mearkes, sêgen en teltsjes by inoar sammelje, dy't publisearre binne yn Rimen en Teltsjes.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]