Springe nei ynhâld

Joast Hiddes Halbertsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Joast Halbertsma)
Joast Hiddes Halbertsma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Justus Hiddes Halbertsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 oktober 1789
berteplak Grou (Fryslân)
stoarn 27 febrewaris 1869
stjerplak Dimter (Oerisel)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk, Latyn
sjenre koarte ferhalen, poëzij,
wittenskiplike non-fiksje
perioade 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Rimen en Teltsjes
Lexicon Frisicum
útjouwer fa. J. de Lange
jierren aktyf 18221869
offisjele webside
Joast Hiddes Halbertsma yn
de Kanon fan de Fryske Skiednis

Joast Hiddes Halbertsma (folút: Justus Hiddes Halbertsma; Grou, 23 oktober 1789 - Dimter, 27 febrewaris 1869)[1][2][3] wie in Frysk skriuwer, dichter, dûmny, leksikograaf en taalwittenskipper.[4] Hy kaam benammen bekend te stean om 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't er mei syn broer Eeltsje skreau, en wêrfan't de earste printinge yn 1822 publisearre waard.[5][6] Neitiid waard dat wurk almar fierder útwreide, ek mei bydragen fan 'e trêde broer, Tsjalling, oant alle proaza en poëzij fan 'e bruorren Halbertsma yn 1871 postúm sammele waard en ferskynde as de ferneamde Rimen en Teltsjes.[7][8] Hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[9] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[10][11]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joast Hiddes Halbertsma waard op 23 oktober 1789 berne te Grou,[12][13][14][15] yn syn âldershûs oan 'e Kowemerk,[16] as de âldste soan út it gesin fan bakker en keapman[17][18][19] Hidde Joasts Halbertsma (1756-1809)[20][21][22] en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk)[23] Tsjallings Binnerts (1767-1809).[24][25][26][27] Hy hie trije jongere bruorren: Tsjalling (1792-1852),[28][29][30] Binnert (1795-1847),[31][32][33] en Eeltsje (1797-1858).[34][35][36] Twa letter te wrâld kommen bern stoaren al hiel jong,[37] it jonkje yn 1803,[38] en it famke yn 1805.[39] De bruorren hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren âlden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Joast krekt tweintich jier wie en de oaren noch jonger.[40][41][42] Joast, Tsjalling en Eeltsje, dy't as auteurs letter mei-inoar bekend komme soene te stean as de bruorren Halbertsma,[43][44] lieken mear op harren heit, wylst Binnert mear útskaaide nei harren mem.[45]

Ruerdtsje Binnerts kaam út in foaroansteand Grouster laach.[46][47] Har famylje wie minnistysk,[48][49] en hoewol't har man fan hûs út herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe.[50] Ut brieven fan Joast komt hja nei foarren as in betûft sakefrou, in leafhawwende mem en in djip leauwich minske.[51] Oer Hidde Halbertsma, de heit, is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie.[52] Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ôfbite.[53] Yn 1784 publisearre er yn it Nederlânsk in lang gedicht mei as titel Schrikkelijke IJsgang en Overstroominge in Gelderland.[54] Ut dat yntrigearjende wurk kin ôflaat wurde dat syn soannen har literêre oanlis net fan in frjemd hiene.[55]

Yn 1858 die Joast Halbertsma sels it ferskil tusken de famyljes fan syn âlden út 'e doeken doe't er skreau: "Men kin de Halbertsma's net ûntsizze dat se mear feardichheid en fluchheid fan begryp, mear handichheid, faasje en talint hiene as de famylje fan Ruerdsje Tsjallings; mar wat hat dat alles harren holpen tsjin 'e earmoede, dêr't de measten yn ferfallen binne, wylst de famylje fan Ruerdtsje Tsjallings oant op 'e dei fan hjoed in frij algemiene wolfeart yn 'e deftige boargerstân hanthavenje kin?"[56] Tsjin 'e oermacht fan lju dy't kalm en mei ferdrach ryk waarden, skreau er op in oar plak, wisten de Halbertsma's "har net oars as troch de satire te wreekjen."[57]

Joast Hiddes Halbertsma, skildere troch Willem Bartel van der Kooi, yn 1828.

Oplieding, beropping en gesin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mem Ruerdtsje wie de driuwende krêft efter it trochlearen fan har soannen.[58][59] Sa bewurkmastere se dat Joast earst in jier nei de Frânske skoalle yn Ljouwert gie, en dêrnei fan 1801 oant 1806 ûnderwiis folge oan 'e Latynske skoalle,[60][61] dêr't er les krige fan rektor Valentinus Slothouwer.[boarne nedich] Op oanstean fan syn mem en fan 'e minnistyske predikant Jan Brouwer fan Ljouwert keas Joast Halbertsma foar in oplieding yn 'e teology.[62] Dêrta studearre er fan 1807 oant 1813 oan it Doopsgesind Seminaarje yn Amsterdam,[63][64][65][66] dêr't er kolleezjes folge fan û.o. perfester Rinse Koopmans,[67] en him behalven yn teology ek ferdjippe yn 'e Noardgermaanske talen.[68] Yn 1814 krige er in oanstelling as dûmny te Boalsert, dêr't er oant 1821 bleau.[69][70][71][72][73] Dêrnei stied er fan 1822 oant syn emeritaat yn 1856 yn it Oeriselske Dimter.[74][75][76][77][78]

Halbertsma troude op 10 maaie 1816[79] mei Johanna Iskjen Hoekema (1794-1847), in dûmnysdochter út Warkum dy't út in begoedige boargerlaach kaam.[80][81] Troch syn frou krige Halbertsma de state Westerein, ûnder Warkum, yn besit, dêr't er by 't simmer wol gauris in pear wiken mei syn gesin fakânsje hold.[82] Ofsjoen dêrfan bleau er fan 1822 ôf syn hiele fierdere libben yn Dimter te wenjen.[83] Halbertsma en de frou krigen fiif soannen út in goed mar net probleemleas houlik,[84] wêrfan't Petrus, Hidde en Tsjalling trochlearden yn taalkunde of medisinen, wylst Watse en Binnert seeman waarden.[85] As heit ûnderfûn Halbertsma gâns leed: syn soan Petrus kaam al yn 1851 te ferstjerren yn in psychiatrysk sikehûs, en hy belibbe ek noch dat Binnert yn 1861 stoar, wylst Hidde yn 1865 de hân oan himsels sloech.[86]

Halbertsma wie yn syn studintetiid sterk foarme troch syn kunde oan 'e begoedige en ynfloedrike Amsterdamske keapman Jeronimo de Vries, dy't in nasjonale keunst foarstie, [ ynspirearre op 'e Gouden Iuw. Dêrmei gied er yn tsjin modernere opfettings, lykas dy fan Hiëronymus van Alphen en Johannes Klinker.[87] Foar Halbertsma, dy't earst Fries en dêrnei pas Nederlanner wie, betsjutte dat in oriïntaasje op nasjonale Fryske ideälen.[88][89] Dêrút kaam fuort dat er him letter yn syn libben twa doelen stelde.[90] Yn it foarste plak wie it him te dwaan om it behâld fan 'e Fryske taal troch dy wer as skriuwtaal te brûken nei't er trije iuwen lang hast allinnich mar as sprektaal brûkt wie.[91][92][93] Yn it ferlingde dêrfan woed er de Friezen ek wer yn har eigen taal oan it lêzen krije (oars hie it skriuwen yn it Frysk ommers ek net folle sin) en it Fryske taaleigen fêstlizze yn in wurdboek, dat it earste Frysk wurdboek ea wurde soe.[94] En yn it twadde plak woed er ferneamde Friezen út it ferline foar it fuotljocht bringe om 'e lju út syn eigen tiid ta foarbyld te tsjinjen.[95]

Joast Hiddes Halbertsma, tekene troch in ûnbekende keunstner, om 1835 hinne.

Om syn earste doelstelling te ferwurklikjen, moast Halbertsma mei syn skriuwwurk trochkringe yn it deistich libben fan it Fryske folk.[96] Dat slagge him troch mei syn broer Eeltsje oan it skriuwen fan folksliteratuer te gean.[97] De steat en maatskiplike status fan it Frysk fan dy dagen kin ôflêzen wurde oan it feit dat Halbertsma en syn bruorren, wylst se omraak krewearren foar it brûken fan it Frysk as skriuwtaal foar poëzij en proaza, foar harren ûnderlinge briefkerij ta it Nederlânsk ferfoelen, en dat dat har blykber net as nuver oankaam.[98] Om't Halbertsma syn libben lang as besoarger fan it wurk fan Eeltsje fungearre, wie harren literêre wurk fan it begjin ôf oan oaninoar keppele.[99] De taalkundige en frisist Foeke Buitenrust Hettema omskreau Halbertsma sadwaande letter as de 'ympressario' fan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling.[100] Yn 1822 waard harren iere wurk bondele ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, in boekje mei 36 siden dêr't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene.[101] Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive, ier stoarne skriuwer út earder tiid 'Gabe Skroar', in boeresoan dy't oer de side rûn en dêrom skroar waard.[102][103] Dat personaazje hat foar 't neist in skepping fan Eeltsje west.[104] Jin te ferskûljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal.[105][106]

De earste printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, út 1822, hie in oplaach fan 200 eksimplaren.[107][108][109][110][111][112] Dy waarden lykwols net ferkocht, mar op kosten fan Halbertsma ferspraat ûnder kunde fan sines yn hiel Fryslân.[113][114][115] Dêrmei makke er in fraach nei mear fan soksoarte lektuer wekker dy't earder net bestien hie.[116][117][118] De ferhalen en gedichten wiene nammentlik hiel wat oars as de lêzers fan doe wend wiene, net allinnich wat de taal oangie, mar fral ek op it mêd fan 'e skriuwstyl. De eksimplaren fan it boekje giene faak hiele famyljes troch, en net selden waarden de stikjes oerskreaun ear't it bondeltsje trochjûn waard.[119][120]

In twadde, útwreide printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, mei 237 siden, ferskynde yn 1829, folge troch in trêde, tige útwreide printinge yn 1834, mei krapoan 500 siden op grutter formaat.[121][122][123][124] Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836 (De Noarger Rún oan Gabe Skroar), 1840 (Twigen út in Alde Stamme), 1854 (Leed en Wille en de Flotgerzen) en 1858 (De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd).[125][126] Tsjin 'e ein fan syn libben wurke Halbertsma noch mei oan 'e gearstalling fan in diel fan Rimen en Teltsjes, dêr't alle literêre wurk fan 'e bruorren Halbertsma yn gearbrocht waard. Dêrfoar skreau er sels ek noch nij wurk, lykas it koarte ferhaal It Grouwe Pak.[127]

As skriuwer fielde Halbertsma sterk oan wêr't it folk ferlet fan hie, mar tagelyk wied er in wat ôfstanlik en ferstanlik skriuwer, by wa't de poëzij yn 'e knipe kaam, benammen as men dy mei de fersen fan syn broer Eeltsje ferliket, dat in folle gefoelsmjittiger skriuwer wie.[128] Nettsjinsteande dat falle gedichten as Sibbel fan De Ryp en Nacht der ek tsjintwurdich noch yn.[129] Halbertsma syn koarte ferhalen wiene lykwols nammenste skerper, eat dat te tankjen wie oan syn linich taalgebrûk, syn libbene skriuwstyl, en it feit dat er wegere in blêd foar de mûle te nimmen, sadat der in rûchhouwerige, gekoanstekkerige en út en troch grimmitige sfear út syn proaza azemet.[130][131] Syn stof swile Halbertsma rûnomwei gear, û.m. út Dútske en Frânske folksferhalen, dy't er dan op ûnneifolchbere wize bewurke en nei Fryslân ferpleatste.[132][133] Hy wie in non-konformist, dy't him lang net by in elk bemind makke mei syn faak skerpe oardielen oer it wurk fan oaren.[134] Boppe-al wie de skriuwer Halbertsma in essayist en satirist, dy't graach aktuële politike en maatskiplike fraachstikken yn syn wurk bemjuksje mocht.[135][136] Ut 'e ferhalen fan lju dy't him koene of metten, komt er nei foarren as in skerpsinnich en tige warber man fan grutte leardheid dy't it smout opsizze koe.[137]

It Boalserter Nut, dat ferskynde yn De Lapekoer, wie Halbertsma syn earste grutte ferhaal; lykas faak yn it wurk fan Halbertsma bestiet dat út in ramtferhaal dêr't ferskate min of mear losse ûnderdielen yn ferarbeide sitte, lykas it essay It Jild.[138] Miswier en De Twadde Jûn binne ek grutte ramtferhalen, en De Skearwinkel fan Joutebaas is in trijedielige gearspraak, dêr't him dan wer it yntrigearjende Heksershol as folslein op himsels steand ûnderdiel út losmakket.[139] De iennichste kear dat Halbertsma op eigen manneboet, dus alhiel sûnder meiwurking fan Eeltsje, wat publisearre, wie yn 1837, doe't er Oan Eölus útbrocht,[140] in ferhaal dat ynjûn is troch in grutte stoarm út 1830, en wêryn't in wynhoas alderhanne tinzen en motiven rûnomwei as dwarljend blêdte gearblazen hat.[141] Dat stik moat miskien sjoen wurde as in oanwizing dat Halbertsma gruttere literêre aspiraasjes koestere as dat er yn De Lapekoer ûnderbringe koe.[142]

Joast Hiddes Halbertsma op in foto fan 3 augustus 1861.

Wittenskiplik wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dochs naam syn eigen literêr wurk yn Halbertsma syn libben net it wichtichste plak yn; ynstee wie dat plak foarbeholden oan syn wittenskiplike non-fiksjeboeken.[143] Oan syn wurdboek fan it Frysk, it Lexicon Frisicum, wêrfoar't er it Latyn as ferklearjende taal brûkte, wurke Halbertsma mear as fyftich jier, mar hy krige it by lange nei net ôf. Hy sette it op nei foarbyld fan it Dútske wurdboek fan 'e bruorren Grimm, mar rekke bestrûpt yn tuskenfoegings en omwurkings en yn lange semantyske wurdferklearrings, in ûnderdiel dat benammen syn leafde hie.[144] Uteinlik bleau er hingjen by de letter F. Sadwaande bleau it wurdboek in manuskript, dat pas nei syn ferstjerren, yn 1872, yn ûnfoltôge foarm útjûn wurde soe.[145] Letter soene oaren, lykas Waling Dykstra, syn wurk dienmeitsje. It wurdboekmateriaal fan Halbertsma en Dykstra foarme letter de grûnslach foar oare Fryske wurdboeken, dy't gearstald waarden troch de Fryske Akademy, yn it bysûnder it 25-dielige Wurdboek fan de Fryske Taal (1984-2011).[146]

Fierders wie Halbertsma de driuwende krêft efter de Gysbert Japiks-betinking fan 1823,[147][148][149] dy't wol sjoen wurdt as it earste oanbegjin fan 'e Fryske Beweging. Neitiid publisearre er ûnder de titel Hulde aan Gysbert Japiks yn 1824 en 1827 yn twa dielen in wiidweidich op argivalia basearre letterkundich wurk oer de grutte santjinde-iuwske dichter.[150] Fierders ferskynde yn 1829 fan 'e hân fan Halbertsma Het Geslacht der Van Harens, wêrby't er benammen yngie op 'e libbens en it literêre oeuvre fan 'e bruorren Onno Zwier van Haren en Willem van Haren, dêr't er in grut leafhawwer fan wie.[151]

Ek skreau Halbertsma yn 1836 in biografy fan 'e Fryske dichter Jan Cornelis Pieters Salverda (1783-1836), dy't suver naturalistysk oandocht.[152] Yn 1843 ferskynde fierders fan Halbertsma it skiedkundige De Doopsgezinden en Hunne Herkomst,[153][154] en yn 1851 Aanteekeningen op het Vierde Deel van den Spiegel Historiael van Jacob van Maerlant.[155] Teffens publisearre er yn 1858 op oantrún fan prins Louis Lucien Bonaparte, dy't er yn Londen troffen hie,[156] It Ewangeelje fen Matthewes, de earste Fryske oersetting fan it bibelske Evangeelje fan Mattéus.[157][158] Dy oersetting joech by guon fan syn tiidgenoaten gâns argewaasje om't it doedestiden as fierstente reälistysk beskôge waard; tsjintwurdich docht it just modern oan, wat sjen lit dat Halbertsma syn tiid fier foarút wie.[159]

Al jong wûn Halbertsma de reputaasje in geleard man te wêzen, wêrby't er benammen as kenner fan 'e Germaanske talen te boek stie. Ek tsjintwurdich noch wurdt er op it mêd fan 'e taalwittenskip as in grut man beskôge.[160][161][162][163][164] Nei't er fan syn stúdzje yn Amsterdam weromkeard wie, fûn er yn Fryslân fia freonen út syn studintetiid, dy't hege amtlike posten beklaaiden, al rillegau oansluting by it fermidden fan 'e frysksinnige gûverneur jonker Idsert Aebinga van Humalda.[165] Letter yn syn libben hied er kunde oan grutte nammen út 'e Nederlânske literatuer, lykas Willem Bilderdijk,[166][167][168] en boppedat briefke er mei lju fan Jeropeesk formaat, wêrûnder de Deenske taalkundige Rasmus Rask,[169][170] de Ingelske dichter Robert Southey[171] en de Dútske taalgelearde en mearkeskriuwer Jacob Grimm.[172][173][174][175] Teffens waard er ynhelle as lid fan gelearde skiedkundige en taalwittenskiplike genoatskippen yn Leien,[176] Kopenhagen, Berlyn, Atene en Halle-Wittenberch.[177]

Halbertsma tidige sadwaande op in beneaming ta heechlearaar Nederlânske taal- en letterkunde, en it liek ek in pear kear dat er sa'n beneaming yn 'e wacht slepe soe, mar dat rûn alle kearen mis.[178] Dêrby spile foar 't neist syn skerpe pinne in rol,[179][180] mar der wiene ek oare redens. Yn 1830 lei er it ôf tsjin it oerskot oan gadingmakkers dat Nederlân oerspielde út 'e universiteiten fan Belgje, dat him doe krekt ôfskaat hie, en nei 1840 wie der ferlet fan lju dy't in gruttere spesjalisaasje hiene as dêr't hy oer beskikte.[181] Dat Halbertsma yn 1837 wol in earedoktoraat yn 'e letteren takend krige troch de Ryksuniversiteit Leien, wie foar him yn dizze saak mar in skrale treast.[182][183] Mei troch dizze teloarstellings balansearre Halbertsma lange tiid op it rântsje fan 'e oerspandheid, en fral yn 1839, doe't er fannijs foarbyparte waard, makke er in djippe krisis troch.[184] Pas yn 'e 1860-er jierren, doe't er al yn 'e santich wie, liket er mentaal ta rêst kommen te wêzen.[185]

Mei om't er taalkundich sa goed ûnderlein wie, is Halbertsma ek wol neamd as auteur fan it beruchte Oera Linda Bók,[186] in ferfalske wurk dat yn 1867 opdoek en dat yn neibeard Aldfrysk skreaun wie. It soe in iere skiednis fan Fryslân en de Friezen west hawwe, en waard in skoft lang as autentyk beskôge ear't de moard útkaam.[187] It wurdt lykwols folle wierskynliker achte dat de wiere auteur fan it Oera Linda Bók de provinsjaal bibletekaris Eelco Verwijs wie, mei wa't Halbertsma goed befreone wie,[188][189] of mooglik de skriuwer François Haverschmidt of de skipstimmerman en autodidaktysk frijtinker Cornelis over de Linden.[190] As Verwijs de skriuwer wie, is it net ûnmooglik dat Halbertsma him stilswijend of sels iepentlik advys jûn hat oer hoe't er it it bêste oanpakke koe.[191]

Búste fan Joast Hiddes Halbertsma yn syn wen- en stjerplak Dimter
troch Henk Visser (1917-1991)

Nei syn emeritaat as predikant, op 26 oktober 1856,[192] dat Halbertsma sels oanfrege hie om't er syn ropping net mear fan herten útoefene,[193] loek er him werom yn syn boppewente, dêr't er fan dy tiid ôf almar fierder feriensume doe't syn famyljeleden en freonen by him weistoaren.[194] Syn bûtenlânske kontakten fia briefkerij bleane wol yntakt.[195] Joast Hiddes Halbertsma kaam op 27 febrewaris 1869 yn syn wenplak Dimter te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 79 jier.[196][197][198][199] Tsjin dy tiid hied er 22 jier widner west.[200] Hy waard oerlibbe troch syn soannen Watse en Tsjalling.[201] Yn 1947 waard Dr. Joast Halbertsma-priis, de heechste provinsjale ûnderskieding foar histoarysk (en letter mear algemien wittenskiplik) non-fiksjewurk op it mêd fan Fryslân, nei him ferneamd.[202]

Nei it ferstjerren fan alle trije bruorren Halbertsma waard harren proaza en poëzij ûnder tafersjoch fan 'e bibletekaris en argivaris Gerben Colmjon en de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff[203][204] gearbrocht en yn 1871 troch útjouwerij fa. J. de Lange te Dimter publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes.[205][206][207][208][209] Dat wurk wurdt no beskôge as it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer,[210] en hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[211] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[212][213] De ynfloed fan Joast Hiddes Halbertsma op 'e neikommende Fryske literatuer hat withoegrut en fan ûnskatbere wearde west.[214][215] Yn 1949 skreau auteur en literatuerkritikus Anne Wadman dat de Halbertsma's "it Fryske folk in literêr monumint [jûn hiene], dêr't it syn eigen folkslibben yn [...] wjerspegele seach."[216] Ek hjoed de dei steane de Rimen en Teltsjes noch op it earste plak fan 'e ranglist fan Fryske literêre klassikers.[217]

Under reizen nei Ingelân, Skotlân en Ierlân, yn 1852 en 1853, rekke Halbertsma ûnder de yndruk fan it grutte oantal museä en âldheidkundige kabinetten dêre.[218][219] Dat joech him it idee yn om syn eigen wichtige samling âldheden (foar in oansjenlik part út Hylpen[220] en fierders fral út ôfgravings fan âlde terpen)[221] oer te dragen oan 'e Provinsje Fryslân. Yn 1853 waard út syn samling it Kabinet fan Aldheden fan Fryslân foarme, dat yn 1881 it Frysk Museum waard.[222][223][224][225][226]

Ek skonk Halbertsma, foar in diel noch by syn libben, syn omfangrike biblioteek fan wittenskiplike boekwurken oan 'e provinsje, dy't neitiid yn 'e Provinsjale Bibleteek kamen te stean, en noch altyd by Tresoar yn te sjen binne.[227][228] In grutte samling brieven skreaun troch en oan Halbertsma, wêrûnder hûnderten oan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling, bleau lang yn famyljefermidden bewarre, oant se yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw yn brûklien jûn waarden oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dat yn 2002 opgie yn Tresoar.[229]

Oer Joast Hiddes Halbertsma binne in stikmannich anekdoates bekend dy't him tekenje as in rûch, eigensinnich en non-konformistysk man. Efter syn pastorij yn Dimter hied er in hinneloop. By it fuorjen fan 'e hinnen naam Halbertsma stiiffêst in skeppe mei, groef in gat yn in sânbulte, struide dêr it foer yn en smiet it gat wer ticht. Dan liet er de hinnen los en begûn it spektakel. De bisten klauden krekt salang dat se har foer fûn hiene. Dûmny plachte dan te sizzen: "In minske moat arbeidzje foar syn brea, ek de hinnen moatte har foer net samar foar it opppikken fine. Labor sanat!"[boarne nedich]

  • 1822 – De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1829 – De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma; útwreide ferzje)
  • 1830 – In Nij Liet op Grouster Merke (gedicht)
  • 1831 – In Skotsk Miel (koart ferhaal)
  • 1834 – Foeke Sjoerds (koart ferhaal oer Foeke Sjoerds)
  • 1834 – Grêfskrift fan in Wynsûper op Him Selme (gedicht)
  • 1834 – De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma; fierder útwreide ferzje)
  • 1834 – Sûn Ferstân (koart ferhaal)
  • 1835 – De Skearwinkel fan Joutebaas (ramtferhaal mei ferskate koarte ferhalen en gedichten; mei Eeltsje Hiddes Halbertsma en Tsjalling Hiddes Halbertsma; hjirfan is it ferhaal It Heksershol yn it Nederlânsk oerset as Het Heksershol, troch Theun de Vries)
  • 1836 – De Noarger Rún oan Gabe Skroar (koart ferhaal mei in gedicht troch Eeltsje Hiddes Halbertsma; mei kommentaar fan Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1836 – De Treemter fan it Sint-Anthonygasthûs (koart ferhaal fan Eeltsje Hiddes Halbertsma, mei kommentaar fan Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1837 – Oan Eölus (koart ferhaal)
  • 1837 – Eölus, Grewa fan Stoarm en Onwaar (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1840 – Twigen út in Alde Stamme (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1841 – Oan Petrus, Doe't er Doktor Waard (gedichten troch Eeltsje Hiddes Halbertsma en Ferdinand Hanthal, mei kommentaar fan Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1854 – Leed en Wille en de Flotgerzen (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1871 – It Grouwe Pak (koart ferhaal)
  • 1871 – Rimen en Teltsjes (mei Eeltsje Hiddes Halbertsma en Tsjalling Hiddes Halbertsma)
  • 18?? – De Geboarteleppel (koart ferhaal)
  • 18?? – De Fûgel fan Bearn-poep (koart ferhaal)
  • 18?? – De Bear op Reis (koart ferhaal)
  • 1824 – Hulde aan Gysbert Japiks (diel 1)
  • 1827 – Hulde aan Gysbert Japiks (diel 2)
  • 1829 – Het Geslacht der Van Harens
  • 1834 – Friesche Spelling en Proeve van Vergelijking tusschen de Boven Ontworpene Spelling en Die van Gysbert Japicx
  • 1836 – Friesic: Ancient and Modern Friesic Compared with Anglo-Sacon
  • 1836 – Jan Cornelis Pieters Salverda (biografy fan Jan Cornelis Pieters Salverda)
  • 1836 – De Toenemende Wansmaak van de Nederlanders voor het Toneel
  • 1840 – Letterkundige Naoogst (diel 1)
  • 1843 – Het Buddhisme en Zijn Stichter
  • 1843 – De Doopsgezinden en Hunne Herkomst
  • 1845 – Letterkundige Naoogst (diel 2)
  • 1846 – De Tongvallen in Nederland
  • 1851 – Aanteekeningen op het Vierde Deel van den Spiegel Historiael van Jacob van Maerlant (oer de Spiegel Historiael fan Jakob fan Maerlant)
  • 1858 – It Ewangeelje fen Matthewes (oersetting fan it Evangeelje fan Mattéus)
  • 1861 – Levensberigten der in Dit Jaar Afgestorvene Medeleden: Bericht wegens Rinse Posthumus, in Leven Kerkleeraar bij de Hervormde Gemeenten van Waaxens en Brantgum in Friesland (yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde; nekrology fan Rinse Posthumus)
  • 1869 – Biografie van Deventer (bitende beskriuwing fan stêd en ynwenners)
  • 1872 – Lexicon Frisicum (ûnfoltôge wurdboek)
  • 1969 – Kent Gij Halbertsma van Deventer? In Tal Net Utjowne Hânskriften (blomlêzing fan nea earder publisearre wurk)

Biografyen fan Joast Hiddes Halbertsma

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Anne Dykstra, J.H. Halbertsma als Lexicograaf, Ljouwert, 2011 (Afûk), ISBN 978-9 06 27 38 762.
  • Alpita de Jong, Joost Halbertsma 1789-1869: Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Een biografie, Grou, 2018 (Utj. Louise), ISBN 978-9 49 15 36 502.
  • J.J. Kalma, et al., red., Joast Hiddes Halbertsma, Brekker en Bouwer, Drachten, 1969 (Drukkerij J. Laverman N.V.), sûnder ISBN.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Breuker 1993, s. 588.
  2. Breuker 2016, s. 1126.
  3. Rademaker-Helfferich.
  4. Breuker 1993, s. 587-591.
  5. Breuker 1993, s. 594.
  6. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  7. Breuker 1993, s. 603-606.
  8. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  9. Breuker 1993, s. 594-596.
  10. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  11. Jensma, s. 197.
  12. Breuker 1993, s. 588.
  13. Breuker 2016, s. 1126.
  14. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  15. Rademaker-Helfferich.
  16. Wiersma, s. 7.
  17. Breuker 1993, s. 587.
  18. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  19. Wiersma, s. 7.
  20. Breuker 1993, s. 587.
  21. Rademaker-Helfferich.
  22. Terpstra, s. 317.
  23. Wiersma, s. 7.
  24. Breuker 1993, s. 587.
  25. Rademaker-Helfferich.
  26. Terpstra, s. 317.
  27. Wiersma, s. 7-8.
  28. Breuker 1993, s. 591.
  29. Terpstra, s. 316.
  30. Wiersma, s. 7.
  31. Breuker 1993, s. 587.
  32. Terpstra, s. 316.
  33. Wiersma, s. 7.
  34. Breuker 1993, s. 592.
  35. Terpstra, s. 316.
  36. Wiersma, s. 7.
  37. Terpstra, s. 316.
  38. Wiersma, s. 7.
  39. Wiersma, s. 7.
  40. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  41. Terpstra, s. 317.
  42. Wiersma, s. 8-9.
  43. Hemminga, s. 56.
  44. Jensma, s. 197.
  45. Breuker 1993, s. 587.
  46. Breuker 1993, s. 587.
  47. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  48. Breuker 1993, s. 587.
  49. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  50. Breuker 1993, s. 587.
  51. Wiersma, s. 8.
  52. Wiersma, s. 8.
  53. Wiersma, s. 8.
  54. Wiersma, s. 8.
  55. Wiersma, s. 8.
  56. Breuker 1993, s. 587.
  57. Breuker 1993, s. 587.
  58. Breuker 1993, s. 587.
  59. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  60. Breuker 1993, s. 588.
  61. Rademaker-Helfferich.
  62. Breuker 1993, s. 588.
  63. Breuker 1993, s. 588.
  64. Rademaker-Helfferich.
  65. Terpstra, s. 317.
  66. Wiersma, s. 9.
  67. Breuker 1993, s. 590.
  68. Rademaker-Helfferich.
  69. Breuker 1993, s. 588.
  70. Breuker 2016, s. 1126.
  71. Rademaker-Helfferich.
  72. Terpstra, s. 317.
  73. Wiersma, s. 9.
  74. Breuker 1993, s. 588.
  75. Breuker 2016, s. 1126.
  76. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  77. Rademaker-Helfferich.
  78. Terpstra, s. 317.
  79. Rademaker-Helfferich.
  80. Breuker 1993, s. 588.
  81. Rademaker-Helfferich.
  82. Breuker 1993, s. 588.
  83. Breuker 1993, s. 588.
  84. Rademaker-Helfferich.
  85. Breuker 1993, s. 588.
  86. Breuker 1993, s. 588.
  87. Breuker 1993, s. 588.
  88. Breuker 1993, s. 588-589.
  89. Breuker 2016, s. 1126.
  90. Breuker 1993, s. 589.
  91. Boelens et al., s. 116.
  92. Breuker 1993, s. 589.
  93. Wiersma, s. 11.
  94. Breuker 1993, s. 589.
  95. Breuker 1993, s. 589.
  96. Breuker 1993, s. 589.
  97. Wiersma, s. 11.
  98. Boelens et al., s. 116.
  99. Breuker 1993, s. 593.
  100. Wiersma, s. 11.
  101. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  102. Breuker 1993, p. 597.
  103. Twerda, p. 297.
  104. Breuker 1993, p. 597.
  105. Breuker 1993, s. 597.
  106. Twerda, s. 297.
  107. Breuker 1993, s. 594.
  108. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  109. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  110. Terpstra, s. 313.
  111. Twerda, s. 297-298.
  112. Wiersma, s. 5, 11.
  113. Breuker 1993, s. 594.
  114. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  115. Twerda, s. 298.
  116. Breuker 1993, s. 594.
  117. Hemminga, s. 56.
  118. Twerda, s. 298.
  119. Terpstra, s. 313.
  120. Wiersma, s. 11.
  121. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  122. Terpstra, s. 313.
  123. Twerda, s. 298.
  124. Wiersma, s. 5, 11.
  125. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  126. Bruorren Halbertsma 1958, s. 589-594.
  127. Breuker 2016, s. 1127.
  128. Dykstra en Oldenhof, s. 38-40.
  129. Terpstra, s. 318.
  130. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  131. Breuker 2016, s. 1126.
  132. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  133. Twerda, s. 297.
  134. Terpstra, s. 317.
  135. Breuker 2016, s. 1127.
  136. Twerda, s. 297.
  137. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  138. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  139. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  140. Breuker 1993, s. 591.
  141. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  142. Breuker 1993, s. 591.
  143. Breuker 1993, s. 590.
  144. Breuker 2016, s. 1127.
  145. Breuker 2016, s. 1127.
  146. Fryske Akademy, Andere Taaldiensten en Links
  147. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  148. Rademaker-Helfferich.
  149. Wiersma, s. 10-11.
  150. Breuker 2016, s. 1127.
  151. Breuker 2016, s. 1127.
  152. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  153. Breuker 2016, s. 1127.
  154. Rademaker-Helfferich.
  155. Breuker 2016, s. 1127.
  156. Rademaker-Helfferich.
  157. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  158. Terpstra, s. 317.
  159. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  160. Breuker 1993, s. 589-590.
  161. Jensma, s. 197.
  162. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  163. Rademaker-Helfferich.
  164. Terpstra, s. 317.
  165. Breuker 1993, s. 589.
  166. Breuker 1993, s. 590.
  167. Jensma, s. 197.
  168. Terpstra, s. 317.
  169. Breuker 1993, s. 590.
  170. Rademaker-Helfferich.
  171. Rademaker-Helfferich.
  172. Breuker 1993, s. 590.
  173. Jensma, s. 197.
  174. Rademaker-Helfferich.
  175. Terpstra, s. 317.
  176. Rademaker-Helfferich.
  177. Breuker 1993, s. 590.
  178. Breuker 1993, s. 590.
  179. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  180. Rademaker-Helfferich.
  181. Breuker 1993, s. 590.
  182. Breuker 2016, s. 1126.
  183. Rademaker-Helfferich.
  184. Breuker 1993, s. 590.
  185. Breuker 1993, s. 590.
  186. Breuker 1993, s. 589.
  187. Schroor, s. 1957.
  188. Breuker 1993, s. 589.
  189. Breuker 2016, s. 1957.
  190. Breuker 2016, s. 1957.
  191. Breuker 1993, s. 589.
  192. Rademaker-Helfferich.
  193. Rademaker-Helfferich.
  194. Rademaker-Helfferich.
  195. Rademaker-Helfferich.
  196. Breuker 1993, s. 588.
  197. Breuker 2016, s. 1126.
  198. Rademaker-Helfferich.
  199. Terpstra, s. 317.
  200. Breuker 1993, s. 588.
  201. Breuker 1993, s. 588.
  202. Breuker 2016, s. 1127.
  203. Breuker 1993, s. 604.
  204. Wiersma, s. 5.
  205. Breuker 1993, s. 603-606.
  206. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  207. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  208. Terpstra, s. 313.
  209. Wiersma, s. 5.
  210. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  211. Breuker 1993, s. 594-596.
  212. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  213. Jensma, s. 197.
  214. Boelens et al., s. 116.
  215. Rademaker-Helfferich.
  216. Wadman, s. 14.
  217. Jensma, s. 197.
  218. Breuker 1993, s. 589.
  219. Twerda, s. 298.
  220. Breuker 2016, s. 1126.
  221. Twerda, s. 298.
  222. Breuker 1993, s. 589.
  223. Breuker 2016, s. 1126.
  224. Rademaker-Helfferich.
  225. Schroor, s. 873.
  226. Twerda, s. 298.
  227. Breuker 1993, s. 589.
  228. Breuker 2016, s. 1126.
  229. Breuker 2016, s. 1126.

boarnen


oare literatuer

  • Breuker, Pieter, J.H. Halbertsma, Gysbert Japicx en de Fryske Dialekten, Ljouwert, 1973 (Fryske Akademy), sûnder ISBN.
  • Boschma, Cornelis, De Collectie van J.H. Halbertsma in het Fries Museum, yn: De Vrije Fries, 1969, s. 17-32.
  • Dykstra, Anne, J.H. Halbertsma als Lexicograaf, Ljouwert, 2011 (Afûk), ISBN 978-9-06-27-38-762.
  • Jong, Alpita de, Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving, Hilversum, 2009 (Uitgeverij Verloren), ISBN 978-9-08-70-41-342.
  • Jong, Alpita de, Joost Halbertsma 1789-1869: Triomfen en Tragedies van een Uitmiddelpuntig Man: Een biografie, Grou, 2018 (Utjouwerij Louise), ISBN 978-9-49-15-36-502.
  • Kalma, J.J., et al., red., Joast Hiddes Halbertsma, Brekker en Bouwer, Drachten, 1969 (Drukkerij J. Laverman N.V.), sûnder ISBN.