Romantyk

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de Romantykstreaming yn 'e keunst. Foar it gefoel, sjoch: romantyk (leafde).

De Romantyk wie in rjochting yn 'e Europeeske keunst, muzyk en literatuer mei gefoel en ferbylding op 'e foargrûn (ein achttjinde-, begjin njoggentjinde iuw). Dêrneist gong it benammen om de leafde en it langstme nei it ferline; nei mearkes, sêgen en âlde folksferhalen.

It wie diels in reäksje op de Yndustriële Revolúsje,[1] en ek rebûlje tsjin de aristokratyske sosjale en politike noarms fan de Ferljochting en in reäksje op de wittenskiplike rasjonalisaasje fan de natuer.[2]

De Romatyk hie teffens in grutte ynfloed op de skiedskriuwing,[3] it ûnderwiis[4] en de natuerwittenskippen.[5] Ek op de polityk hie it frijwat effekt; op it hichtepunt fan de Romantyk waard dy faak assosjearre mei liberalisme en radikalisme. Op de lange doer hat it effekt op de groei fan it nasjonalisme faaks it meast wichtich west.

De Romantyk yn de muzyk oppenearret him ûnder oare yn it wurk fan de operaskriuwer Richard Wagner. Oare ferneamde romantisy binne ûnder oaren Johann Wolfgang von Goethe, Johann Gottlieb Fichte, Caspar David Friedrich, John Keats, Johann Gottfried von Herder, Arthur Schopenhauer, Samuel Taylor Coleridge, Jean-Jacques Rousseau, William Wordsworth, William Turner, Friedrich Wilhelm Schelling, Guido Gezelle en Percy Bysshe Shelley. Yn Nederlân wurde letterkundigen as Rhijnvis Feith, Willem Bilderdijk, Multatuli en ek in politikus as Johan Rudolph Thorbecke ta de romantisy rekkene.

De meast ferneamde skriuwers út de Fryske Romantyk binne de bruorren Halbertsma, bakkerssoannen út Grou.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopædia Britannica Romanticism;. Encyclopædia Britannica Online, Britannica.com. 2010-08-24
  2. Casey, Christopher: "Grecian Grandeurs and the Rude Wasting of Old Time": Britain, the Elgin Marbles, and Post-Revolutionary Hellenism. Foundations. Volume III, nûmer 1 sjoen 2009-06-25
  3. David Levin, History as Romantic Art: Bancroft, Prescott, and Parkman (1967)
  4. Gerald Lee Gutek, A history of the Western educational experience (1987) haadst. 12 oer Johann Heinrich Pestalozzi
  5. Ashton Nichols, "Roaring Alligators and Burning Tygers: Poetry and Science from William Bartram to Charles Darwin," Proceedings of the American Philosophical Society 2005 149(3): 304–315