Springe nei ynhâld

Guido Gezelle

Ut Wikipedy
Guido Gezelle
persoanlike bysûnderheden
fakgebiet Tsjerke[*], sjoernalistyk[*], literatuer, ûnderwiissysteem[*]
berop poëet, learkrêft[*], skriuwer, katolike pryster[*], filolooch[*], folklorist[*], geastlike direkteur[*], opfieder[*], curate[*], politike sjoernalist[*], heechlearaar, prorector[*], oersetter[*], redakteur, preester, ûnderwizer, sjoernalist
lân Belgje
geslacht man
berne 1 maaie 1830
berteplak Brugge
stoarn 27 novimber 1899
stjerplak Brugge
famylje
heit Pieter Jan Gezelle[*]
mem Monica De Vriese[*]
bruorren en susters Louise Gezelle[*], Florence Gezelle[*], Romaan Gislijn Gezelle[*], Joseph Gezelle[*]
Guido Gezelle op it nei him neamde plein yn Brugge
Bertehûs Guido Gezelle

Guido Pieter Theodorus Josephus Gezelle (Brugge, 1 maaie 1830 - dêre, 27 novimber 1899) wie in Flaamske lyryske en stikeldichter, oersetter en pastoar. Hy is meast bekend om syn fynfielige gedichten oer de natoer, syn byldzjend taalgebrûk en as firtuoas taalkeunstner. O 't ruischen van het ranke riet en Het Schrijverke út de dichtbondel Vlaamsche Dichtoefeningen (1858) binne mar twa fan syn meast ferneamde wurken.

De tematyk fan syn gedichten is typysk romantysk, mei ûnderwerpen as natuer, freonskip en de dea. Hy is ferneamd om it brûken fan it West-Flaamske dialekt.

Gezelle waard berne yn Brugge yn de provinsje West-Flaanderen as soan fan Monica Devrieze en túnman Pieter Jan Gezelle. De Flaamske skriuwer Stijn Streuvels (Frank Lateur) wie in neef fan him. Gezelle waard ta preester wijd yn 1854 en wurke as learaar oan it Klein Seminarie yn Roeselare. Hy wie altyd ynteressearre yn alles wat mei Ingelsk te krijen hie en waard kapelaan yn it Ingelske kleaster yn Brugge. Hy stoar dêr yn in lyts keamerke, dêr 't it noch altyd ferbean is om yn te kommen.

Der is in museum fan syn wurk yn de buert en ek in lytse bar dy 't nei him ferneamd is.

Hy besocht in ûnôfhinklike Flaamske taal te ûntwikkeljen, min ofte mear skieden fan it algemiene Nederlânsk, dat bepaalde mear "Hollânske" aspekten hie. It Nederlânsk dat er yn syn gedichten brûkte wie sterk beynfloede troch it pleatslikee West-Flaamske dialekt. Syn wurken binne faak ynspirearre troch syn mystike leafde foar God en de Skepping. Letter waard syn poëzije assosjearre mei it literêre ympresjonisme, en hy wurdt beskôge as in foarrinner fan dy beweging.

Gezelle wie ek oersetter fan poëzij en proaza, no 't it meast bekend om syn oersetting fan Henry Wadsworth Longfellow's Song of Hiawatha, dy't yn 1886 publisearre waard. Hy hie it orizjineel al yn 1856 yn Roeselare lêzen en wie deryn ynteressearre omdat er oan de iene kant fol siet fan Amerikaanske Yndianen en oan de oare kant de beskriuwing fan kristlike misjonarissen him befoel.

Fanwegen syn taalkundige masterskip wurdt Gezelle beskôge as ien fan de wichtichste dichters fan de Nederlânske literatuer.

Gezelle en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gezelle fielde in freonskipsbân mei Fryslân en wie kenner fan de Fryske taal. Hy skreau mei Johan Winkler dy't him yn 1874 ek bekend makke yn Noard-Nederlân. Gezelle skreau in Frysk gedichtsje foar Winkler. Wurk fan Gezelle is yn it Frysk oerset troch J. J. Hof, Gerben Rypma, A. M. Wybenga en oaren. [1]

Als de ziele luistert
spreekt het al een taal dat leeft,
't lijzigste gefluister
ook een taal en teeken heeft:
blâren van de boomen
kouten met malkaar gezwind,
baren in de stroomen
klappen luide en welgezind,
wind en wee en wolken,
wegelen van Gods heiligen voet,
talen en vertolken
't diep gedoken Woord zoo zoet..
als de ziele luistert!

1859
Ut: Driemaal XXXIII kleengedichtjes

In kar:

  • Kerkhofblommen (1858)
  • Vlaemsche Dichtoefeningen (1858)
  • Kleengedichtjes (1860)
  • Gedichten, Gezangen en Gebeden (1862)
  • Longfellows Song of Hiawatha (oersetting, 1886)
  • Tijdkrans (1893)
  • Rijmsnoer (1897)
  • Laatste Verzen (1901)
  • Guido Gezelle: Verzameld dichtwerk. Redaksje Jozef Boets, mei gearwurking fan K. De Busschere e.o. Antwerpen/ Amsterdam, De Nederlandsche Boekhandel, 1980-1991. 8 dielen.
  • Johan van Iseghem: Gezelle vertaald. Een meertalige bloemlezing. Kapellen, Pelckmans, 2003. ISBN 90-289-2757-3. In kar fan gedichten mei hieltyd de Frânske, Dútske, Ingelske en/of Latynske oersetting. It foarwurd jout in koart oersjoch fan Gezelles ûntwikkeling
  • Jozef Boets: Gij ..., met uw zwart habijt en uwen bek van goud. Spreuken, gezegden en korte verzen. Kapellen, De Nederlandsche Boekhandel, 1986
  • Michel van der Plas: Mijnheer Gezelle. Biografie van een priester-dichter (1830-1899). Tielt/ Baarn, Lannoo/ Anthos, 1990 (608 s.)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Gezelle, Guido.