Encyclopedie van Friesland

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Encyclopedie van Friesland is in Nederlânsktalige ensyklopedy oer de provinsje Fryslân út 1958.

Neist in ensyklopedysk gedielte hat it in kompendiumpart oer ûnder oaren it Frysk, it lânskip, skiednis, literatuer en kultuer. Haadredakteur wie: J.H. Brouwer. Hy waard bystien troch de redaksjerie: J.J. Kalma, W. Kok, M. Wiegersma. It boek is útjûn troch Elsevier út Amsterdam.

Feiten fan nei 1954 steane yn de twadielige Encyclopedie van het hedendaagse Friesland (966 siden) dy't yn 1975 útbrocht waard troch Van Seijen út Ljouwert. De haadredaksje bestie út Gerben Abma en Klaas Jansma. De einredaksje lei by Gerben Abma.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]