Nieuwe Encyclopedie van Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân ('Nije Ensyklopedy fan Fryslân', NEF) is de nijste ensyklopedy oer Fryslân en de Friezen dy't yn 2016 ferskynde. It wurk waard yn it Nederlânsk skreaun.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inisjatyf ta it gearstallen fan de nije ensyklopedy kaam fan Buro Varenius, it kultuerhistoarysk ûndersyks- en publisiteitsburo fan Meindert Schroor en de Provinsje Fryslân yn 1999. De foarige ensyklopedy, Encyclopedie van Friesland, wie fan 1958 (mei in oanfolling yn 1975) en bot ferâldere. De provinsjes Grinslân (1999) en Drinte (2003) hiene al in modernere ensyklopedy en it waard tiid dat ek Fryslân in aktualisearre ferzje krige. It projekt wie in gearwurking fan Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) en Buro Varenius, Meindert Schroor waard de haadredakteur.

It projekt soe yn 2009 al klear wêze, mar it waard 2016. De papieren edysje hat fjouwer dielen fan 3152 siden, mei goed 10.000 lemmas en 1100 fotoos, tabellen en grafiken. It wie it doel dat der ek in digitale ferzje komme soe, mar dy is er anno 2016 noch net.

Redaksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De heechlearaaren Reinier Salverda, Yme Kuiper en Johan Frieswijk wiene de klankboerdgroep.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: