Albert Buursma

Ut Wikipedy

Albert Buursma (1960) is in histoarikus.

Buursma studearre Skiednis oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Publisearret en ûntwikkellet projekten, benammen op it mêd fan de regionale skiednis fan Noard-Nederlân. Dat betreft ûnder mear eksposysjes oer Sicco Mansholt (Veendam 2008, De Haach en Brussel 2009, Lier 2010) en presintaasjes foar Waadlân Grinslân (ûnder mear yn Fjouwerhuzen (De Marne), Sâltkamp en Lauwerseach). Hy skreau ek trije boeken oer Westerwâlde. De meast resinte is Westerwolders over vroeger. Een eeuw Westerwolde in interviews (2007). Tegearre mei dr. H. Boels fersoarge hy de Kanon fan Grinslân (2008). Yn 2009 promovearre er op it proefskrift Dese bekommerlijke tijden. Armenzorg, armen en armoede in de stad Groningen 1594-1795. Yn 2012 wurket er ûnder mear oan in boek oer roomsk-katolike soarch yn Grins. Hy siet yn de redaksje fan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân dy't yn 2016 ferskynde.