Springe nei ynhâld

Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Provinsjale Bibleteek)
Buma Bieb (2020)

De Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân wie fan 1852 ôf oant 2002 in bibleteek yn Ljouwert.

Dizze biblioteek, troch 'en dei de PBF neamd, wie in provinsjale ynstelling dy't opset waard om ûnder oaren it behear fan twa wichtige boekekolleksjes te fersoargjen, nammentlik de biblioteek fan de Universiteit fan Frjentsjer en dy fan it Hof fan Fryslân.

In opfallend ûnderdiel fan de PBF foarme de Buma-Biblioteek mei in rike kolleksje op it mêd fan de klassike taal en âldheid. De boeken kamen út in troch de provinsje akseptearre legaat fan Lieuwe Annes Buma. Dêryn stie ek de ferplichting ta ynstânhâlden fan in iepenbiere biblioteek op it mêd fan de Grykske en Romeinske taal- en letterkunde. Begjin santiger jierren wienen dat 48000 bannen. De útliening wie frij. It bestjoer lei by Deputearre Steaten fan Fryslân. De oanwinsten waarden twa kear jiers publisearre yn listen mei oanwinsten. De Buma-biblioteek waard yn septimber 1966 ûnderbrocht by de Provinsjale Bibioteek. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw waard de kolleksje Fuks oan de biblioteek skonken.

De PBF wie in wittenskiplike stúdzjebiblioteek dêr't men telâne koe foar gâns ûnderwerpen: taal- en letterkunde, (keunst)skiednis, sosjale en rjochtswittenskippen, filosofy en teology. Bysûnder omtinken wie der foar de taal, skiednis en kultuer fan de Fryske lannen. Dêrnjonken bea de Fukskolleksje literatuer oer Hebriuwske/Joadske taal- en letterkunde.

De PBF wie yn 2002 ien fan de fúzjepartners fan Tresoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: