Alpita de Jong

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Aaltje Pietertje (Alpita) de Jong (Grins, 15 oktober 1962) is in Nederlânsk letterkundige, esseïst en oersetter.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong waard grutbrocht yn de Rânestêd, mar thús waard Frysk sprutsen. Se studearre Algemiene Literatuerwittenskip en Italjaanske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Leien. Dêrnei hat se har op literêr mêd ynearsten benammen talein yn it oersetten út it Italjaansk, earst yn it Nederlânsk en letter yn it Frysk.

Sûnt 1998 is se redaksjelid fan it Frysk literêr tydskrift HJIR. It hifkjen fan de kopij fan hjoeddeistige Fryske skriuwers har foarnaamste taak. Dêrneist publisearret se sels ek geregeldwei (meast essees) yn dit tydskrift.

Yn 2000 brocht se by útjouwerij Contact in histoaryske blomlêzing fan Frysk proaza út: Fries stamboek. 500 jaar proza uit Friesland. Yn datselde jier kaam by útjouwerij Frysk en Frij in bondel mei Italjaanske ferhalen yn it Frysk fan har út, Under de minsken.

Yn 2009 promovearre hja oan de Universiteit fan Amsterdam; it proefskrift Knooppunt Halbertsma gie oer de kontakten fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) mei bûtenlânske letterkundigen, sa as Jacob Grimm, Joseph Bosworth, en Rasmus Rask, en de gearhing far harren ideeën oer taal mei de politike-maatskiplike tastân yn de ferskate lannen en regio's yn de iere 19e iuw.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2000 - Fries stamboek: 500 jaar proza uit Friesland (gearstalling)
  • 2009 - Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789 - 1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving
  • 2018 - Joost Halbertsma 1789-1869. Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Een biografy. Grou, 2018 (Utjouwerij Louise), ISBN 978-9 49 15 36 502.

Oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2000 - Under de minsken: njoggen ferhalen (út it Italjaansk)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: