De Jonkerboer

Ut Wikipedy
De Jonkerboer
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm koart ferhaal
skreaun 1856
1e publikaasje 1858, Ljouwert
oarspr. útjwr. Wopke Eekhoff
bondel oarspronklik apart útjûn
(no: Rimen en Teltsjes)

De Jonkerboer is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dy't it, neffens syn eigen koarte foarwurd, yn maaie 1856 skreau. Utjouwer Wopke Eekhoff tekene dêrby oan dat him dit wurk koart foar Halbertsma syn ferstjerren, yn 1858, taspile waard, en dat er it datselde jiers noch as selsstannich wurk publisearre hat. Yn 1871 waard De Jonkerboer, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma, gearbrocht yn 'e ferneamde samling Rimen en Teltsjes, dêr't it sûnt diel fan útmakket. It ferhaal hat as ûndertitel Of: Krysttiid en Sint-Steffen yn Ald Fryslân; Sint-Steffen is in âlde namme foar Twadde Krystdei. It is in histoarysk koart ferhaal oer de boask fan in Fryske jonker mei in boeredochter oan it begjin fan 'e santjinde iuw.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jonkerboer giet oer jonker H., de soan fan in grytman dy't earne by Dokkum om op in slot wennet. Hy studearret rjochten oan 'e Universiteit fan Frjentsjer, mar set him dêr net folle foar yn, ta argewaasje fan syn heit. Oars as oan syn saaie stúdzje hat de jonker wol niget oan âlde Grykske en Romeinske skriuwers, en oan it bûtenlibben op it Fryske plattelân. As er yn 'e krystfakânsje ris te útfanhûzjen giet by in neef en stúdzjegenoat fan him dy't te Langwar wennet, besiket men him dêr oan in jonkfrouwe Juliane te keppeljen, mar as de jonker sjocht hoe't dat frommeske sljochtwei folk behannelet, wol er neat fan har witte.

As er op redens mei syn tsjinstfeint Christiaan op 'e weromweis nei Dokkum is, komme se by Terherne in pear jonge boeredochters út Tersoal tsjin, dêr't se in ein mei opride. Ien fan 'e fammen is tige tsjep en boppedat sit der in bêste kop op. De jonker, dy't daliks smoar rekket, betinkt him dan dat er fan syn pake op De Wierren ûnder Tersoal in pleats urven hat dêr't er yn gjin jierren nei omsjoen hat. Fan 'e boeredochter, dy't fan Clare hjit, wurdt er gewaar dat se frijwol buorlju binne, mei't de pleats fan har heit dêr fuortby stiet. It liket de jonker goed ta om ris te sjen hoe't syn pachtboer, Piter-om, it dêr op De Wierren bolwurket, dat hy stjoert syn feint allinnich nei hûs, en riidt mei de fammen nei Tersoal ta om dêr de krystdagen troch te bringen.

Oankommen op 'e pleat by Piter-om en dy syn wiif Joukje-muoi, docht bliken dat de jonker syn pake, dat wat in eksintryk hearskip wie, dêr in grutte kiste foar him neilitten hat doe't er fiif jier earder stoar. As dy kiste iepenmakke wurdt, blykt er, ta grutte skrik fan Piter-om, fol te sitten mei goudene dûkaten. De jonker is dêrmei yn ien klap ryk, mar dat feroaret him net. Hy bliuwt, lykas er fan doel west hie, de krystdagen oer op De Wierren, dêr't er de jûnen trochbringt by buorman Age-en-dy, de heit fan Clare. Dêr is ek de pleatslike skoalmaster, Tsjerk Penninga, dy't it smout opsizze kin en ek graach wat dichtsje mei, en dy't sadwaande de oare oanwêzigen fermakket mei it fertellen fan ferhalen en it foardragen fan gedichten.

Tsjin 'e tiid dat de jonker nei de krystdagen wer thúskomt op it slot by Dokkum, hawwe hy en Clare har oaninoar fersein. Clare har heit liket it wol nei fleanen dat in jonker mei in boeredochter trouwe soe, mar hy mei de jonker graach lije en wol him der wol ûnder deljaan salang't er mar swart op wyt kriget dat ek de âlden fan 'e jonker mei it houlik ynstimme. Thús praat de jonker earst mei gjin wurd oer syn ferkearing. Nei âld en nij giet er werom nei Frjentsjer, dêr't er him no as in wyld taleit op syn stúdzje, sadat er datselde jiers noch master yn de rjochten wurdt.

Underwilens riidt er gauris op it hynder nei Tersoal om syn [ faam te besykjen, en dat seit gau fuort, dat úteinlik sprekt syn heit him dêrop oan. As de âld grytman foar it ferstân kriget dat it syn soan mienen is om mei in boeredochter te trouwen, wurdt er sa lulk dat er him it slot út smyt. Hy jout ta dat er it houlik net keare kin, mei't de jonker syn eigen man is troch it beërf oan jild fan syn pake, mar hy makket ek dúdlik dat er it nea akseptearje sil. Dan sit de jonker der al wat nuver foar, want Clare har heit wol gjin goedkarring oan it houlik jaan sûnder de goedkarring fan 'e jonker syn âlden. Uteinlik is it master Tsjerk dy't útkomst bringt. Dy hat kunde oan 'e âld dûmny fan Raerd, dy't de grytman noch út syn jonge jierren ken en wit dat de âldman net altyd in rjochte reed riden hat. Master Tsjerk set dêrop, bûten it witten fan 'e jonker om, nei Dokkum ta, dêr't er de grytman bretaalwei sjantearret en sa de ûndertekene tastimming foar it houlik los wit te krijen.

Sa kinne de jonker en syn Clare dan trouwe, en hja fêstigje har op 'e pleats fan Piter-om en Joukje-muoi, dy't sels nei de buorren ta ferfarre. De jonker wurket heale dagen op 'e pleats (it oare wurk wurdt dien troch boere-arbeiders) en spandearret de rest fan syn tiid oan 'e stúdzje fan literatuer út 'e Aldheid. Meitiid krije hy en Clare fiif bern. It iennichste dat him wjerhâldt fan folsleine lokkigens is it ferbrutsen kontakt mei syn âlden. As op in dei lykwols in brief arrivearret dat syn broer, in ofsier yn it Steatske leger, foar it earst yn jierren wer yn Fryslân weromkomme sil, sette hy en Clare mei de beide âldste bern ôf nei de Alde Skou, dêr't de rutertroep fan syn broer lâns komme moat. Dêr wachtsje de grytman en syn frou lykwols ek harren soan op, en dan folget der in ûnferwachtse moeting dy't útrint op in fermoedsoening.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: