Raerd
Raerd | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 637 (2022) [1] | |
Oerflak | 7,64 km² werfan lân: 7,56 km² werfan wetter 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 84 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 05' N 5° 45' E | |
Offisjele webside | ||
Side Raerd | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer Raerd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Foar Raard yn de gemeente Noardeast-Fryslân, sjoch: Raard.
Raerd is in terpdoarp mei 637 ynwenners (2022) yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp leit tichteby de wei fan Ljouwert nei Snits. Ta it gebiet fan Raerd heart ek it buorskip Flânsum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik lei Raerd oan de rivier De Boarn en oan de Middelsee. It wie oant 1984 it haadplak fan de eardere gemeente Raerderhim.
Raerd ûnstie as terpdoarp mei in radiale struktuer yn de iere midsiuwen en waard foar it earst yn 1329 as 'Rawerd' fermeld, wylst it gebiet dêr't it leit al yn de 13e iuw 'Rawertham' neamd waard. Oare nammen fan it doarp wiene 'Rawerderhem' (1401), 'Rauwert' (1427), 'Raerd' (1491), 'Rauwerd' (1505) en 'Raert' (1579). De plaknamme ferwiist nei in mei reid begroeide terp. De terp fan it doarp waard troch it bedykjen yn de 11e of 12e iuw opnommen yn de noardlike Himdyk.
Oan it begjin fan de 20e iuw ûnstie der lintbebouwing yn noardlike rjochting.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Raerd it haadplak fan de gemeente Raerderhim. Op 1 jannewaris 1984 gie Raerderhim mei de gemeenten Idaerderadiel en it grutste part fan Utingeradiel op yn de doe nije gemeente Boarnsterhim, dêr Grou it haadplak fan waard. By de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim op 31 desimber 2013 gie Raerd oer nei de doe foarme gemeente Súdwest-Fryslân.
Laurentiustsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Laurentiustsjerke (Raerd).
De hjoeddeiske Laurentiustsjerke is fan 1814 en ferfong doe de letmidsiuwske tsjerke mei sealtektoer. By de restauraasje fan 2009-2010 waarden njoggen grêfstiennen yn stikken ûnder de flier fûn. Der waard oant doe altiten tocht dat de grêfstiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. By de restauraasje waard ek in mooglik 8e iuwsk brûnzen ornamint fûn, mei in ôfbyld fan in Kristuskop yn in krús. As dy datearring strykt, dan giet it om de âldste kristlike foarstelling yn Noard Nederlân.
Oan de foet fan it tsjerkhôf stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan de yn de gemeente omkommen fersetsstriders. It monumint waard ûnthuld op 4 maaie 1957. Op de stien steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder Chris Tinkelenberg.
Jongemastate
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Jongemastate.
Noardlik fan de beboude kom stie eartiids Jongema State, dêr't allinnich de poarte noch fan oerbleaun is. Op it stee is no in park mei beammen en stinzeplanten. It park wurdt beheard troch It Fryske Gea. Utsein yn 'e maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2000 is it Doarpshûs Raerd oprjochte. Mei arsjitekt Rein Hofstra waard it eardere kafee ferboud. De feriening foar Doarpsbelang hat hjir har gearkomsten. "Praet van Raerd" is de doarpskrante. Stifting Festiviteiten Kommisje Raerd, ek wol merkekommisje neamd, organisearret de festiviteiten yn it fjirde wykein fan augustus. Foar de jongerein binne der yn 'e wintermoannen aktiviteiten yn sportkantine "Jongemakrite".
De ynwenners krigen troch it grut tal roekenêsten op it terrein fan de eardere state de bynamme "Raerder Roeken". Yn 'e folksmûle wurdt dat terrein "Raerder Bosk" neamd.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere basisskoalle 't Raerderhiem
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 | 2007 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 620 | 573 | 563 | 544 | 529 | 637 | 588 | 614 | 648 |
Jier | 2022 | ||||||||
Ynwenners | 637 |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldfeartswei, Buorren, De Blink, De Dille, De Pôle, Flânsum, Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, Op 'e Feart, Poppenwiersterdyk, Sélânswei, Skoalstrjitte, Slingerbochten, Slotsdyk, Smitshoeke, Snitserdyk, Sylsterhoeke.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Willem Hansma "De Laurentiuskerk van Raerd"
- G.D. Boerlage, Marie Boerlage "Een Friese pastorie in oorlogstijd"
- Sjoke Brunia-de Wolff en Titus de Wolff "Flansum"
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It doarp is ien fan de einpunten fan de Slachtemaraton, in kulturele maraton oer de âlde Slachtedyk troch it Fryske lânskip tusken Raerd en Easterbierrum.
- Raerd leit ek oan de westrûte fan it Jabikspaad.
- It doarp is ek de thúshaven fan it IFKS-skûtsje de Raerder Roek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|