De Dille

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Dille is in lânnamme by in ôfslútdyk tusken Raerd en Easterwierrum, de saneamde Krinserearm, yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De namme komt ek foar as slûs, de Dillesyl yn de Swette. De namme 'dille' soe weromgean op de betsjutting 'planke'. In planke wie de maklikste manier om oer in feart te kommen. In barte bestie út in oantal planken oan elkoar fêst en in dealje wie in ekstra swiere planke, dat wurd sit yn 'dille'.

Allinne de brêgewachterswenning stie yn de gemeente Raerderhim. Alle oare herbergen, winkeltsjes, wenninkjes ensafh. stiene yn Baarderadiel. De Dille wie alhiel oriïntearre op Easterwierrum.

Yn de Dille stienen eartiids trije iisherbergen: de Dille, de Lytse Dille en de Grutte Dille. By dy lêste, dy't yn 1928 ôfbrutsen is, waarden yn de tiid fan de trekskippen de hynders wiksele. Faaks brocht de doarpsskipper foar de boeren de tsiis en bûter nei de merke doe der noch gjin molkfabriken wiene. De ferhier fan de lannen fan de tsjerke wie op de Dille.

De mole “de Goede Verwachting” boud yn 1860 en ôfbaarnd yn 1915 wie in rogge- en pelmole.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: