Springe nei ynhâld

Baarderadiel

Ut Wikipedy
Baarderadiel

It eardere gemeentehûs fan Baarderadiel, yn Mantgum.
flagge wapen

Wapen fan Baarderadiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Mantgum
grutste plak Winsum
ynwennertal 5.054 (1980)[1]
befolkingstichtens 69,4 / km²
oerflak 72,85 km²[2]
tal doarpen 15
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Baarderadiel
opheft 1984
opgien yn Littenseradiel
no part fan Ljouwert
Súdwest-Fryslân
De Waadhoeke
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Baarderadiel (Nederlânsk en offisjeel: Baarderadeel) is in eardere gemeente yn it noardwestlike part fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1980 in befolking fan 5.054 minsken,[1] en besloech in oerflak fan 72,85 km².[2] It gemeentehûs fan Baarderadiel stie yn Mantgum, mar it grutste plak wie Winsum.[1] It wie in plattelânsgemeente dy't oarspronklik oan 'e Middelsee lei en sterke kulturele tradysjes hie dy't oant op 'e dei fan hjoed beholden binne. Yn 'e tweintichste iuw rekke in grut part fan 'e gemeente troch gebrek oan wurkgelegenheid sterk ûntfolke.[3] Yn 1984 waard Baarderadiel opheft en mei de buorgemeente Hinnaarderadiel gearfoege ta de nije gemeente Littenseradiel.[4] Tsjintwurdich is it grûngebiet fan it eardere Baarderadiel ferdield ûnder de fúzjegemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke.

Baarderadiel lei yn it noardwesten fan 'e provinsje Fryslân. It waard yn it noarden begrinzge troch Menameradiel, yn it westen troch Hinnaarderadiel, yn it suden troch it âlde Wymbritseradiel, yn it súdeasten troch Raerderhim, yn it easten troch Idaerderadiel en yn it noardwesten troch in part fan 'e gemeente Ljouwert dat foar 1943 it Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel foarme.[3] Yn totaal hie Baarderadiel in oerflak fan 72,85 km².[2]

Doarpsgesicht fan Jorwert.

It haadplak fan Baarderadiel wie Mantgum. De oare fjirtjin doarpen yn 'e gemeente wiene: Baard, Bears, Boazum, Britswert, Easterlittens, Easterwierrum, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Weidum, Winsum en Wiuwert.[1] Fierders makken ek ferskate buorskippen en útbuorrens diel út fan 'e gemeente. Dêrby gie it om: Fûns, Hesens, De Him, Hoptille, Jeth, Klaeiterp, Montsamabuorren, Rewert, Skyldum, Skillaard, Skrins, Swaanwert, Tsjeintgum, Tsjerkebuorren, Wammert, Weakens, Wielstersyl en Wieuwens (of Sprong).[5]

De gemeente Baarderadiel wie in fuortsetting fan 'e eardere Gritenij Baarderadiel, dy't yn 'e mande mei Barradiel, it âlde Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel en Menameradiel fuortkaam út 'e saneamde Frjentsjerter Fiifdielen. It de fjirde gritenij fan it kertier Westergoa wie en waard yn 1369 foar it earst neamd as in selsstannige bestjoerlike ienheid.[3] Yn 'e Midsiuwen moat Baarderadiel in tige wolfarrend gebiet west hawwe, hoewol't der allegeduerigen striid tsjin it wetter wie om't de gritenij doe oan 'e súdwestlike kust fan 'e Middelsee lei. De âlde seedyk dy't fan noard nei súd troch it gebiet rint, de graafrjochting fan 'e sleatten en fearten en de oerbliuwsels fan âlde terpen foarmje noch oantinkens oan dy tiid.[3]

Oarspronklik moat Baard it bestjoerssintrum fan Baarderadiel west hawwe, en letter waard yn elts gefal oant 1622 it rjocht noch holden yn Jorwert. Om 1700 hinne waard Weidum it haadplak en yn oan it begjin fan 'e tweintichste iuw naam Mantgum dy funksje oer.[3] It is mooglik dat dizze skiednis de grûnslach lei foar de lange tiid besteande ûnderlinge rivaliteit tusken de doarpen fan Baarderadiel, dy't lykwols gearwurking nei bûten ta nea yn 'e wei stie.[3] Baarderadiel waard yn 1851, troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke, krekt as alle Fryske gritenijen, omfoarme ta in gemeente.

Nei de midden fan 'e tweintichste iuw rekken benammen de lytsere doarpen fan Baarderadiel yn hege mjitte ûntfolke fanwegen gebrek oan wurkgelegenheid,[1] in ferskynsel dat de skriuwer Geert Mak yn 1996 yngeand beskreau yn syn ferneamde boek Hoe't God Ferdwûn út Jorwert.[6][7] Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw woeks de befolking fan it haadplak Mantgum oan, benammen fanwegen de spoarferbining mei Ljouwert en Snits. Ek it deunby Ljouwert leine Weidum makke in beskate groei troch. Allinnich yn Winsum ûntstie lykwols pleatslik wurkgelegenheid troch it Miedema Lânbouwurktugefabryk en it timmerfabryk Tinga Deuren.[1]

De Wynmotor fan Weidum, út 1920.

Yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw socht Baarderadiel almar mear gearwurking mei gemeenten yn 'e midden fan Fryslân, benammen mei Raerderhim.[1] Dêroan waard by de gemeentlike weryndieling fan 1984 folslein foarbygien, doe't Baarderadiel fan boppenôf in fúzje mei de westlike buorgemeente Hinnaarderadiel oplein waard. Ek it feit dat Baarderadiel in sterk liberale en sosjalistyske politike tradysje hie, wylst Hinnaarderadiel krekt tige konfesjoneel rjochte wie, waard net yn omtinken nommen.[4]

Nettsjinsteande de ferskillen tusken de beide foargongers wie de nije gemeente Littenseradiel in folle better slagge produkt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 as bgl. de buorgemeente Boarnsterhim (dy't fuortkaam út 'e fúzje fan Raerderhim, Idaerderadiel en Utingeradiel). Wol bestie der yn Baarderadiel lange tiid it gefoel dat de 'finen' fan Hinnaarderadiel harren in smoarge streek levere hiene troch har it gemeentehûs fan 'e nije gemeente te ûntfytmanjen (dat yn Wommels kaam).

Op 1 jannewaris 2018, doe't Littenseradiel opheft waard, kaam it grutste part fan it âlde Baarderadiel, mei de doarpen Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum by de gemeente Ljouwert te hearren. Boazum, Britswert, Easterwierrum en Wiuwert kamen by Súdwest-Fryslân, wylst Winsum ûnderdiel waard fan 'e nije gemeente De Waadhoeke.[8]

Baarderadiel hie sterke kulturele tradysjes, dy't ek nei de opheffing fan 'e gemeente fuortlibben. Foarbylden dêrfan binne it Iepenloftspul fan Jorwert,[3] de jierlikse skriuwwedstryd foar de Rely Jorritsmapriis yn Bears[3] en it Frysk Kampioenskip Fierljeppen yn Winsum.[1] Oare ferneamde saken oangeande Baarderadiel binne de mummys yn 'e grêfkelder ûnder de Nikolaastsjerke fan Wiuwert[1] en it Stasjon Jellum-Boksum, dat besongen wurdt yn it bekende liet It Muzyk Giet troch de Buorren fan Paulus Folkertsma ("Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!").[9]

De Nikolaastsjerke yn Wiuwert, dêr't de mummys lizze.
Mûntsjetille, in brêge noard fan Winsum.

Yn 1958 hie Baarderadiel noch 5.239 ynwenners.[2] Op 1 jannewaris 1980 hie de gemeente in befolking fan 5.054 minsken.[1] De befolkingstichtens wie doe 69,4 minsken de km². De befolking wie sa oer de doarpen yn 'e gemeente ferdield:[1]

doarp ynwenners
Winsum 965
Mantgum 689
Weidum 587
Easterlittens 430
Boazum 423
Jorwert 373
Easterwierrum 345
Hilaard 297
Wiuwert 186
Baard 184
Bears 151
Jellum 149
Britswert 108
Húns 108
Leons 59

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 48,1% fan 'e befolking fan Baarderadiel herfoarme, 15,7% fan 'e grifformeard en 5,6% roomsk. Rom 27% fan 'e befolking (heech foar dy tiid) bestie út ateïsten en agnosten.[1]

Polityk sjoen wie de sosjaal-demokratyske PvdA yn Baarderadiel de grutste partij, wylst de liberale VVD der by ferkiezings in grutter oandiel fan 'e stimmen behelle as yn oare dielen fan it Fryske plattelân. Ek de Frysk-nasjonalistyske FNP hie al ier in soad oanhingers yn 'e gemeente. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 27,1% fan 'e stimmen; de PvdA 37,5%; de VVD 18,5%; de FNP 11,3%; en D66 2,7%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan Baarderadiel 29,0% wurksum yn 'e lânbou; 32,0% yn 'e yndustry; en 32,9% yn 'e tsjinstesektor. It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 7,2% en foar froulju 10,6%.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 7.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Baarderadeel.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 3,7 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 6.
  4. 4,0 4,1 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1718.
  5. Kaart fan Littenseradiel, Wommels, sûnder jier (Gemeente Littenseradiel/Versloot Kartografy).
  6. Mak, Geert, Hoe God Verdween uit Jorwerd: Een Nederlands Dorp in de Twintigste Eeuw, Amsterdam/Antwerpen, 1996 (Uitgeverij Atlas), ISBN 9 05 54 23 459 (hardcover), ISBN 9 02 54 08 77X (paperback).
  7. Mak, Geert, Hoe't God Ferdwûn út Jorwert: In Nederlânsk Doarp yn de Tweintichste Ieu (oers. Abe de Vries), Ljouwert, 2017 (Het Nieuwe Kanaal), ISBN 978-9 49 24 57 066.
  8. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1716.
  9. Fryslân Sjongt, Ljouwert, 2000 (Afûk), ISBN 9 06 27 33 611, s. 213.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje