Gaasterlân-Sleat

Ut Wikipedy
Gaasterlân-Sleat

It âlde gemeentehûs fan Gaasterlân-Sleat yn Balk.
flagge wapen

Wapen fan Gaasterlân-Sleat
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Balk
grutste plak Balk
ynwennertal 10.186 (2013)
befolkingstichtens 107,0 / km²
oerflak 209,34 km²
● wêrfan lân 95,24 km²
● wêrfan wetter 114,10 km²
tal stêden 1
tal doarpen 13
ferkearsieren N359
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gritenij Gaasterlân
Grit. Himm. Aldefurd (diel)
Gemeente Sleat
1851 – 1984 Gem. Gaasterlân
Gem. Himm. Aldefurd (dl)
Gem. Sleat
opheft 2014
opgien yn De Fryske Marren
no part fan De Fryske Marren
oar
netnûmer 0514
postkoade 8556–8583
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gaasterlan-sleat.nl

Gaasterlân-Sleat (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Gaasterland-Sloten) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 10.186 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 209,34 km², wêrfan 114,1 km² wetter. De gemeente hie oan de súdkant in kust fan sânkliffen oan de Iselmar, en wie fierders foar in grut part boskgebiet. Troch de eardere gemeente rint de N359.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waarden oan de gemeenten Gaasterlân en Sleat mei in part fan 'e gemeente Himmelumer Aldefurd gearfoege. De nije gemeente brûkte yn 't earstoan de namme Gaasterlân, mar waard yn juny 1985 omneamd ta Gaasterlân-Sleat.

Op 1 jannewaris 2014 fúzjearre Gaasterlân-Sleat mei Lemsterlân en Skarsterlân, sadat de nije gemeente De Fryske Marren ûntstie.

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Gaasterlân komt fan de 'gaasten' (lykas 'geasten'), hege balstien- en sângrûnen, opskood troch Skandinavysk lâniis sa'n 135.000 jier ferlyn. Dizze gaasten lizze om it iepen polderlânskip fan de Fryske marren en de grutte wetterflakte fan de Iselmar en soargje foar in weagjend lânskip. Fan de heechlizzende punten ôf kin fier sjoen wurde oer lân en wetter. Fierders is der in soad bosk, wêrtroch't in geskikt rekreaasjelânskip ûntstie dat oars is as oare dielen fan Fryslân.

De rike histoarje falt ôf te lêzen oan de monumintale gebouwen mei hals- en trepkegevels yn Sleat en Balk. De buorren fan Balk is dan ek oanwiisd as beskerme doarpsgesicht en de tige âlde stedskearn fan Sleat is beskerme stedsgesicht. De festingwâlden en bolwurken bringe de tiid fan Sleat as ûnnimbere festing yn it ûnthâld.

Troch de Iselmar, Sleattemermar en De Fluezen binne der in soad jachthavens en kampings.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadplak is Balk, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Aldemardum, Bakhuzen, Ealahuzen, Harich, Kolderwâlde, Murns, Nijemardum, Riis, Rûgehuzen, Sleat, Sondel en Wikel.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente is 1 stêd en 13 doarpen ryk: Sleat mei 765 ynwenners (de lytste stêd fan Fryslân), Balk mei 3777 ynwenners (it bestjoerlik sintrum), Bakhuizen mei 1013 ynwenners, Ealahuzen mei 350 ynwenners, Harich mei 599 ynwenners, Kolderwâlde mei 68 ynwenners, Murns mei 113 ynwenners, Nijemardum mei 590 ynwenners, Aldegea mei 283 ynwenners, Aldemardum mei 1359 ynwenners, Riis mei 175 ynwenners, Rûgehuzen mei 126 ynwenners, Sondel mei 442 ynwenners en Wickel mei 690 ynwenners.(sifers 2009)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. boarne: CBS

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)