Rûgehuzen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Rûgehuzen
Himrik fan Rûgehuzen
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente De Friese Meren vlag.svg De Fryske Marren
Ynwenners (2021) 115 [1]
Koördinaten 52° 52 NB 5° 34 EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8564
Webstee Side Rûgehuzen

Rûgehuzen is in doarp yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat, no De Fryske Marren, súdwest fan Balk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Greidemûntsje (boujier 2019)

It doarp waard healwei de 13e iuw Rughahusem neamd. Oare nammen wiene Rughahuysum (1505) en Rugahuysen (1579). De namme ferwiist nei in delsetting (huzen) yn in rûch. Mooglik kin it earste diel ek ferwize nei de famylje- of persoansnamme 'Roege'.

Rûgehuzen hie in eigen tsjerke, dy't yn de 18e iuw ôfbrutsen is.

Yn de rin fan de tiid rekke it doarp yn it neigean en yn 1840 wie it al sa lyts, dat der noch mar tolve huzen stiene. Dêrnei is it ynwennertal stadichoan tanommen, mar in echte kearn hat it plak net.

Oant 1 jannewaris 1984 foel Rûgehuzen yn de gemeente Gaasterlân, dernei yn de gemeente Gaasterlân-Sleat en yn 2014 waard it doarp yndield by de gemeente De Fryske Marren.

Bledsjebosk

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In bekende ynwenner fan Rûgehuzen wie hurdrider Jappie van Dijk.

Befolkingsferrin:

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2021
Ynwenners 32 283 196 205 147 125 130 115

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkje fan Rûgehuzen (1721)
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Rûgehuzen.

Sûnt de ôfbraak fan de doarpstsjerke binne de protestantske ynwenners tsjerklik oanwiisd op Harich (protestantsk). Roomske ynwenners binne oanwiisd op Balk. Corpus Roemeling neamde Jehannes as patroanhillige fan de tsjerke.[2][3] Lêste pastoar wie Pieter Symens, dy't yn 1586 noch neamd waard mar doe nei alle gedachten net mear yn funksje west hat. De tsjerke bestie yn alle gefallen al yn 1421 en waard yn 1721 tekene troch Jacobus Stellingwerff.

Feriening(s)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Balk en Harich hat it doarp in Oranjeferiening.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Coenderssingel, Jan Jurjenssingel, Lutswâl, Rûchhústerwei, Tsjerkhôfleane.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokkestoel

Efter de Coenderssingel stiet oan de ein fan in oprydleane it wyt plastere De Mottekamp, oarspronklik in jachthûs of bûtenferbliuw by in boereskuorre fan ûngefear 1880 dêr't de ôfkomst noch net helder fan is.

Op it tsjerkhôf stiet ek ien fan de Fryske klokkestuollen. Op it hiem fan in pleats oan de Rûchsterwei stiet in Amerikaanske wynmotor.

Gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

East fan Rûgehuzen leit de Bremer Wyldernis, mar it doarp leit ek oan 'e râne fan de Starnumanbosk. Yn de 19e iuw waard hout út dat produksjebosk brûkt om te ferstoken. Steatsboskbehear wol dat dit bosk tusken Kippenburch en Rûgehuzen wer in grut en rûch oerbosk wurdt. Steatsboskbehear lit yn dat produksjebosk út de 19e iuw de natoer gewurde. Mear as hûndert jier lyn waarden de beammen yn it ramt fan de houtkapkultuer om de 15 jier kapt foar it hout om dermei bakkersûnen te stoken.

De iken wurde no al beselskippe troch bjirken, dinnen, ferskate soarten moas, farens en poddestuollen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
Flagge fan de gemeente De Fryske Marren
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldeouwerAldehaskeAldegeaAldemardumBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDolsterhuzenDikenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich