Diken

Ut Wikipedy
Diken
Klokkestoel
Klokkestoel
Sifers
Ynwennertal 55 (1 jannewaris 2022) [1]
Polityk
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flagge fan De Fryske Marren.png De Fryske Marren
Oar
Postkoade 8528
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 57' NB, 5° 43' EL
Kaart
Diken (Fryslân)
Diken
Kaart
Klokkestoel
Himrik fan Diken yn de eardere gemeente Skarsterlân

Diken is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren oan de eastkant fan De Kûfurd. It leit west fan Langwar en eastlik fan De Kûfurd.

Diken hat 55 ynwenners (1 jannewaris 2022, boarne: CBS).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpke is oarspronklik in boerestreek oan de eastkant fan De Kûfurd, mei in stik of wat opfearten en liket oerflakkich besjoen in útbuorren fan Langwar. Alde kaarten litte lykwols sjen dat de histoarje fan it âlde streekdoarpke ‘binnen de diken’ wol wat yngewikkelder west hawwe moat. ‘Inde Dycken’ (1664), in heale iuw letter ‘De Dyken’ neamd en no dus Diken, hie har eigen himrik, dy 't neffens W.T. van der Leij rûn oant de westkant fan De Kûfurd. Dat wiist op de ûntginningsskiednis en in relaasje mei Smelbrêge tichtby Wâldsein. De Kûfurd wie trouwens wol sa ûndjip dat fee en feedriuwers der trochhinne wâdzje koenen. No farre in soad boaten fan De Lemmer oer De Kûfurd nei de Fryske marren. De bebouwing oan de westkant fan De Kûfurd krige nei de oarloch in nije doarpsnamme: Koufurderrige.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Diken part fan ynearsten de gritenij en nei 1851 de gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei wie it part fan de gemeente Skarsterlân dy't yn 2014 wer opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diken wie eartiids in doarp mei in tsjerke dy't om 1650 hinne al ferrinnewearre wie en yn 1720 net mear as in ruïne wie. De oerbliuwsels fan de tsjerke waarden sjoen dat se neat mear wurdich wiene dat er net op ôfbraak ferkocht waard, dat in gelikense sitewaasjes yn dy tiid gauris al it gefal wie.

By de tsjerke stie de klokkestoel dy't nei it ôfbrekken fan de tsjerke op it tsjerkhôf stean bleaun wie. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de klok jatten en omraand yn Dútslân. De klokkestoel waard dêrnei ôfbrutsen en yn 1984 fannijs opboud mei in nije klok. Yn 2002 waard it tsjerkhôf renovearre.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ed Nijpels - kommissaris fan de keninginne fan Fryslân (2002-2008) wenne foar in skoft yn Diken.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
Flagge fan de gemeente De Fryske Marren
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich