Boarnsweach
Boarnsweach | |
---|---|
![]() | |
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | Doanjewerstâl |
Stimmen | 11 |
Ynwenners (2004) | 190 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 44' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8526 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Boarnsweach is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de súdkant fan de Langwarder Wielen. It is net folle mear as in samling bungalow- en karavanparken en in pear pleatsen. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004). De namme is gearstald út boarn dat nei wetter ferwiist en sweach dat greide betsjut. Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984, makke Boarnsweach diel út fan de gemeente Doanjewerstâl. It doarp is ûntstien op in sânrêch yn de streek fan feanmoerassen. Yn it tredde kwart fan de 13e iuw wurdt it foar it earst neamd yn de boarnen as Languerre. De Buorren foarmen de ûntginningsas. It doarp lei geunstich oan de Langwarder Wielen en dêrmei foar alderhande wetterferbinings. Om 1600 hinne ûntwikkele it him ta hannels– en havenplak; foar 1600 wie der al in waach. De skipfeart foarme in belangrike boarne fan ynkomsten.
It doarp leit oan de súdouwer fan de Langwarder Wielen, en oan de linkerouwer fan de Skarster Rien. Der is in jachthaven. Yn de simmer kinne fytsers en fuotgongers de Skarster Rien oerstekke mei in fearpontsje.
Troch de lizzing oan de Langwarder Wielen is yn de rin fan de iuwen in diel fan it doarp yn de weagen ferdwûn. Der bestiet in âld ferske oer:
Ieuwenlang hat weach op weach
dy begnibb’le, lyts Boarnsweach.
Noarderbuien binnen komd,
ha dyn tsjerke en deaden nomd.
Strider tsjin de boaze mar,
bliuw in freon fan âld Langwar.
It tsjerke is ôfbrutsen yn 1693 en letter is ek de klokkestoel ôfbrutsen. Boarnsweach hat ea in earmenhûs, in skipshelling en ek fan 1887 - 1909 in bûterfabryk, dy't sette litte is troch jonkhear Van Eijsinga. Op dat stee is letter it badpaviljoen komd doe't yn Skarsterbrêge in nije bûterfabryk boud waard, it lettere Nestlé-fabryk.It bûterfabryk hat fan 1887 - 1909 yn gebrûk west.
Sweachmermole[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By Boarnsweach stiet de Sweachmermole út 1782. De nôt- en poldermole waard troch de eardere grytman, jonkhear Frans Julius Johan van Eijsinga sette litten. De mole hat oant 1025 wurke, doe waard der em elektrysk gemaal boud. In neisiet fan de Eijsinga's hat in stifting mei oprjochte om de mûne te behâlden. Yn 1949 waard de "Stichting tot instandhouding van de Langweerder molen" oprjochte. Dizze stichting makke dat de mole wer wetter út de polder meale koe.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Aldewei - nei de âlde feart dy't fan Langwar nei Snits rûn.
- Boarnsweachsterdyk - ferbining Boarnsweach mei Langwar
- Hoarsewei - nei it wetter de Hoarsewei.
- Houtfeartwei - rint lâns de Houtfeart. Waard brûkt foar fefier fan hout út de bosken fan Hústerheide.
- Mûzekamp - Nei in stik loân mei deselde namme neamd. Syddyk fan de Pontdyk nei de Fammensrakken.
- Pontdyk - rint nei de pont oer de Langwarder Feart. Ferbynt Langwar mei de eardere Rykswei 43.
- Rodenburgwei - Fan de Pontdyk nei it Stobberak. De famylje Rodenburg hie hjir in pleats.
- Rykswei - nei Rykswei 43, de ferbining It Hearrenfean-Snits.
- Skarsterleane - Leane lâns de Skarster Rien dy't de Langwarder Wielen mei de Tsjûkemar ferbynt.
- Wielenleane - Leane by de Langwarder Wielen. In wiel is in poel dy't ûntstiet nei in dyktrochbrek of oerstreaming.