Jistergea
Jistergea | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 45 (2021) [1] | |
Polityk | ||
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Postkoade | 8534 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 51' N 5° 34' E |
Jistergea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, benoarden de Lemmer en west fan Eastersee.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jistergea dielt de feriening foar darpsbelang mei it twillingdoarp Follegea. De Fûgelwacht is kombinearre mei Follegea en De Lemmer.
Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 160 | 160 | 156 | 76 * | 64 | 43 | 45 |
- nei grinswiziging
Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der hat in tsjerke stien dy't om 1740 hinne ôfbrutsen is. Op it hôf stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân út 1617. De stoel is makke fan bilingahout en is grien fan kleur mei in wite kape. De kape is in helmdak mei waarhoanne en it dak is dekt mei potdeksele planken. De klok is getten troch Henricus Meurs, hat in trochsneed fan 65 sm en waacht sa'n 200 kilo.
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Line 42: Snits – Jutryp – De Hommerts – Wâldsein – Tsjerkgaast – Spannenburch – Follegea – Jistergea – De Lemmer.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitwei.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|