Rotsterhaule

Ut Wikipedy
Rotsterhaule
Himrik fan Rotsterhaule
gemeente Skarsterlân
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 20
Ynwenners (2004) 400
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 55' NB, 5° 51' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8463
Webstee {{{webstee}}}

Rotsterhaule is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noardeast fan de Tsjûkemar. It doarp hat likernôch 400 ynwenners (2004). It foarmet eins in twillingdoarp mei Sint Jansgea. De namme ferwiist nei in hichte by Rottum.

It doarp is ûntstien by de ûntfeaning fan in leechfeangebiet. By de ferfeanting binne in soad minsken út de kop fan Oerisel, benammen Gitersken, nei dit gebiet komd. Nei de feanterij rûnen de polders fol wetter dat by hurde wyn de bebouwing bedrige. Om 1860 hinne is de Grutte Feanpolder troch fjouwer wynmoles drûchmeald. Fan dizze mûnen is noch ien stean bleaun: De Hersteller.

Nei it drûchmeallen wurdt it gebiet yn haadsaak foar feehâlderij brûkt. By it doarp is in oarspronklik feangebiet bewarre bleaun dat opgiet yn it natoergebiet It Easter Skar, ûngefear 500 bunder grut en wurdt beheard troch It Fryske Gea. Op de hoeke fan De Streek en de Lange Dyk stie yn 1490 tsjerke dy't foel ûnder it kleaster by Haskerdiken, it Hasker Konvint. It tsjerkje is brûkt oant 1580. De destiidske pastoar woe net oerskeakelje fan roomsk op protestantsk en flechte. It tsjerkje waard dêrnei net mear brûkt.

De mear as 100 jier âlde koeke- en pipernutefabryk fan Modderman is rûnom bekend.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat mei Sint Jansgea ien feriening foar Doarpsbelang. Yn 'e Doarpsfinne is it multyfunksjonele sintrum. It doarp hat in eigen basisskoalle, De Schakel.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Change - sjongen
  • ODI - gymnastyk
  • De Lege Wâlden - fierljeppen
  • 't Haskelân & 't Haske - hynsteriden

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Boerestreek - dearinnende dyk mei wat huzen en pleatsen
  • Boskpaad - paad nei de Haulster bosken
  • Gaasterwei - ferbining fan De Pôle yn Rotsterhaule mei Rotstergaast.
  • Hylke Bangmawei - Hijlke Bangma wie fan 1943-1935 opsjenner yn de Grutte Sint Jânsgeaster Feanpolder. Die in soad foar it doarpslibben en wie riedslid en steatelid faor de PvdA.
  • Hege Dyk - heech lizzende polderdyk nei Rottum. Hjirneist lei de Hegedyksterfeart dy't yn 1962 tichtsmiten waard.
  • Yn 'e Doarpsfinne - wenmienskip op sport- en feestterrein de Doarpsfinne. In 'finne' is in stik lân dan net foar healân brûkt waard.
  • Kadyk - dyk oer it ferfeante efterlân, de âlde folksnamme wie Kaardyk.
  • Kampwei - nei kamp De Wite Peal. In wite peal is in grinsskieding yn feangebieten. Earst wie it in kamp foar wurkleazen, doe foar Joaden en as lêste foar Ambonezen (Molukkers). Yn de nacht fan 2 op 3 oktober 1942 waarden alle Joaden ôffierd nei Westerbork.
  • Langedyk - lange rjochte dyk sûnder huzen.
  • Liemdyk - Unferhurde dyk mei balstiensân as deklaach.
  • Lytse Wei - stikje ûnbeboude dyk fan de Tsjerkewei nei de Pôle
  • Nije Wei - oant 1953 'De Stelle' neamde wei.
  • Pôle - nei de sânhichte yn fergroeven feangebiet.
  • Prinses Marijkewei - nei prinses Christine dy't de ropnamme Marijke hie.
  • Richard Jungwei - Richard Jung wie in Tsjech dy't hjir ûnderdûkt siet en oan it ferset meidie. Sneuvele op 15 april 1945 by Skarsterbrêge.
  • Streek - de lang dyk mei lintbebouwing troch Sint Jansgea en Rotsterhaule
  • Tsjerkewei - âld sânpaad nei Alde Ouwer lâns de tsjerke fan Reahel.
  • Wolvedyk - neamd nei feanbaas Wolf.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
Flagge fan de gemeente De Fryske Marren
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich