Springe nei ynhâld

Haskerhoarne

Ut Wikipedy
Haskerhoarne
Tsjerke fan Haskerhoarne
Tsjerke fan Haskerhoarne
Emblemen
          
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 540 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Ferkearsieren A7 A6
Postkoade 8506
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 57' NB, 5° 50' EL
Komboerd
Komboerd
Himrik fan Haskerhoarne (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân
Himrik fan Haskerhoarne (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân
Offisjele webside
dehoarne.nl
Kaart
Haskerhoarne (Fryslân)
Haskerhoarne
Trefpunt

Haskerhoarne ( ek wol De Hoarne ) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdeast fan De Jouwer. It doarp hat 540 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).

De namme soe ferwize nei de hoeke, dat is 'horne'/'herne', yn it Aldfrysk, hearrende ta Aldehaske. It doarp lei yn de Midsiuwen yn de gritenij Hasker Fiifgea. De gritenij Hasker Fiifgea ûntstie yn de 15e iuw as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen Aldehaske, Haskerhoarne, Nijehaske, Westermar en Sniksweach.

Eartiids waard ek turf stutsen yn de omkriten. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels mear yn it doarp; minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende De Jouwer.

Yn 1897 waard yn it doarp in koöperative molkfabryk stifte. Dy waard yn de jierren santich sluten. Sûnt dy tiid is der net folle wurk, mar wol mear rêst yn it doarp komd, benammen ek troch it kearen fan slûpferkear troch it doarp. By de Wyldehoarnster Singel is in einekoai.

Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente Haskerlân, dy't doe op gie yn de gemeente Skarsterlân. Yn 2014 gie dy wer op yn de nije gemeente De Fryske Marren.

It doarp hat in begraafplak dêr't ek Hotze Brouwer beïerdige waard.

It doarpshûs hjit It Trefpunt. It doarp hie in basisskoalle: 'De Lytse Mienskip', dy't yn 2018 slute moast. De bern fan Haskerhoarne geane hjoed-de-dei nei De Jouwer, Aldehaske of Ousterhaule nei skoalle. Sûnt it hûndertjierrich bestean fan Doarpsbelang yn 2007 hat Haskerhoarne in eigen wapen en flagge.

De Doarpskrante ferskynt fiifris yn 't jier.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2021
139 416 373 395 415 400 490 555

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2012 en 2021: Alle Cijfers.)

  • Attemaleantsje - nei de pleats fan boer Attema. Flak foar de befrijing sieten dêr wol hûndert fersetsminsken fan NBS, de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften
  • Biesterboschstrjitte - nei de romrofte herberch Biesterbosch fan de famylje Biesterbosch en de Biesterboskbrêge (1840)
  • Boskwei - rint lâns de Haulster Bosken
  • Flueskamp - nei in stik lân dêr't de plantelaach as in flues op it wetter driuwt. Tusken Haskerhoarne en Aldehaske lei in wetterke mei de nammen Flueske. On de noardside dêrfan lei in stik lân dat Flueskamp hiet.
  • Gravinnesingel - foarme de grins mei Westermar en rûn fan de Sewei nei it Tsjerkepaad. Namme soe ferbân hâlde kinne mei 'grave', de singel foarme it trasee fan de súdlike dyk fan de grutte polder fan 1716. Singel komt út it Latyn en hat mei 'beskermjen'te krijen. In singel is ek faak in gurdle fan beammen, dêr't in paad tuskentroch rint.
  • Haulsterdyk - rjochting Ousterhaule.
  • Hearewei - ferwiist nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de wei oanlizze liet.
  • Hotze Brouwerstrjitte - Hotze Brouwer (1910-1945) wie in feehâlder dy't belutsen wie by wapenferfier en -transporten yn de Twadde Wrâldoarloch. Brouwer waard febrewaris 1945 oppakt en op 17 maart 1945 as repressaile fusilearre by Dunegea.
  • Jousterdyk - fan De Jouwer oer Haskerhoarne nei It Hearrenfean. Hjir rûn eartiids de trambaan lâns.
  • Koarte Ekers - in eker is in stik boulân tusken twa greppels.
  • Lange Ekers - in eker is in stik boulân tusken twa greppels.
  • Polderdyk - nei de yn 1716 oanleine polderdyk dy't it westlike part fan de Haskerfeanpolder beslaat mei De Jouwer, Westermar en Haskerhoarne.
  • Polderboskdyk - fan de Sewei op De Jouwer nei de lannen fan Haskerhoarne.
  • Rykswei - nei Rykswei 43, It Hearrenfean-Snits, no A7
  • Tsjerkepaad - âld, net ferhurde paad nei de tsjerke.
  • Van Claerbergenstrjitte - famylje Vegelin van Claerbergen wie in laach fan boargemasters en lânhearen.
  • Wyldehoarnstersingel - namme wurdt al sûnt 1685 neamd, wiist mooglik op wylde begroeiïng. De singel út 1903 rûn fan Haskerhoarne nei it noarden oer de Wylde Hoarne nei de Welle.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje