Terkaple

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Terkaple
Himrik fan Terkaple
Gemeente De Fryske Marren
Gritenij Utingeradiel
Stimmen 19
Ynwenners (2004) 210
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 1' NB, 5° 47' EL
Netnûmer 0566
Postkoade 8542
Webstee www.terkaple-akmarijp.nl


Lizzing Terkaple/Eagmaryp

Terkaple is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren (foarh. Skarsterlân), noard fan De Jouwer. Eartiids hearde it doarp by Utingeradiel. It doarp hat likernôch 210 ynwenners. Terkaple leit flakby de Terkaplester Puollen en foarmet in twillingdoarp mei Eagmaryp.

It doarp krige har namme troch in kapel by it doarp: ter kapelle. Dizze kapel hearde by it tsjerke fan Aldeboarn. Njonken it tsjerkje út 1845 stean in tal moai lizzende pleatsen en der is in karakteristike ophelbrêge (dy't okkerdeis meganisearre is). Hjir stiet ek de Oenemastins mei in byldhoude skou út begjin 17e iuw.

In bekend tongbrekkerssechje is: De Terkaplester klok klept trije kear'

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke Terkaple
Souderskilderings

It tsjerke dat foar it hjoeddeiske tsjerksje stien hat wie fan dowestien en moat om 1200 hinne boud wêze. It is net wis oft dit it kapeltsje wie dêr't Terkaple syn namme troch krigen hat. Yn âlde geskriften en op kaarten wurdt Terkaple ek wol “Capella” neamd. De kapel wie wijd oan de patroanhillige Margaretha. In patroanhillige koe oanroppen wurde yn gefal fan rampen of om help te ferlienen. Op de klok dy't no noch yn it tsjerkje hinget stie: bid voor ons, zalige, heilige Margaretha; de Heer Eema, pastoor toen ter tijd, Tjepke, ingezeten, in het jaar des Heeren 1472. Pastoar Eema is mar in foarnamme, hy soe no Ime of Yme hjitten hawwe. It âlde tsjerkje hie 18 prachtige souderskilderingen. Dizzen binne allegear beskreaun yn 1853 doe't it eardere tsjerkje ôfbrutsen waard. De tekeningen wurde bewarre yn it Frysk Museum. It binne bibelske foarstellings lykas fan it Lêste Jûnsmiel, de Tút fan Judas, Jona dy't út de walfisk komt, Abraham en Izaäk. Fierder de apostels Petrus, Paulus, Andreas, Thomas. Ek stiet Margaretha ôfbylde. De skilderingen soenen út de earste helte fan de 16e iuw komme doe't der nei alle gedachten in grutte renovaasje west hat. Se binne foar it meastepart betelle troch de famyljes Oenema en Roorda dy't in grutte rol spilen yn Terkaple. Harren famyljewapens stienen ek ôfbylde op de souderskilderings, krektas de wapens fan Fryslân en oare meibetellers lykas de famyljes Jongema, Galama en Walta. Harren nammen steane boppedat noch op de grêfstiennen yn de flier flier fan de tsjerke. Dizze grêfstiennen leinen ek al yn de âlde tsjerke. De grutste stien is fan Douwe fan Roorda en syn frou Elisabeth de Borghreef (1610). In oare stien komt út 1570 mei de namme fan Kempo van Oenema der op en anno 1533 den 21 augusti sterf die eedele juffrou Doutye van Oenema. De âldste stien dy't hjir lizze moat, mar net te sjen is (hy leit nei alle gedachten ûnder de flier by de preekstoel), stamt út 1485, hat de foarm fan in deakiste mei as opskrift: in het jaar ons Heren 1485 do staerf Tyepke Onamen, op Maydey. Biddet foer die syel en Pater noster. De Terkaplester tsjerke waard yn 1854 ôfbrutsen omdat er te djoer yn ûnderhâld waard. In adfertinsje út de Ljouwerter Krante fan 21 april 1854 seit: “uit de hand te koop: eene aanzienlijke partij tufsteen, ongeveer 70 last grof wrak en 20 last fijne keizel, liggende te Terkaple, geschikt om te water vervoerd te worden. Te bevragen bij J.H. Hilverda te Terkaple.

By graafwurk binne oan de ein fan de 20e iuw fûneminten fan in âlde tsjerke fûn. Dy moatte heard hawwe ta it ferdwûne doarpke Sint Jansgea. By de ûntginning fan it feangebiet oan de eastside ferpleatsten de trije doarpen, Eagmaryp, Terkaple en Sint Jansgea, har yn westlike rjochting. Yn de rin fan de 13e iuw krigen de doarpen harren tsjintwurdige plak.

Tsjerke Terkaple 2011

Op it stee fan de hjoeddeiske tsjerke stie earder in kapel. In dowestiennen kapel dy't ûnder behear stie fan de St. Pankrasparochy yn Aldeboarn,lykas yn in skriuwen fan biskop Guy fan Henegouwen út 1315 neamd wurdt. De namme Terkaple (=by de kapel), wurdt yn dat stik al neamd as “Capella”. Dat der dowestien brûkt waard seit wat oer de âlderdom fan de kapel. Sûnt ûngefear 1200 begûnen mûntsen mei it bakken fan stien út klaai en waarden stienen gebouwen setten. Dowestien (mergel) moast oanfierd wurde út Dútslân en wie tige djoer. De kapel moat dus al foar 1200 boud wêze. Neist de tsjerke stie eartiids ek de skoalle en in pastorije, op itselde stee as hjoeddedei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oenemastins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoarstienmantel Roordastins
Oenemastins (2011)

Oan de oare kant fan de tsjerke, de noardside, stie yn de midsiuwen in stins. Oan dy stins binne de nammen Oenema en Roorda ferbûn. De nammen steane noch op de grêfstienen yn de tsjerke en yn de pleats noardlik fan de tsjerke. Yn de opkeamer fan de pleats is in skoarstienmatel dy't oarspronklik yn de stins stien hawwe sil. Op dy mantel seane de nammen fan Roorda’s. De skoarstienmantel is 2 meter breed en rêst op 2 pylders fan 2 meter heech! Boppe de trije beitele koppen, dy't allegearre ûngelyk binne, steane trije pear wapenboerden útkapt mei de nammen: Jr. van Roerda Jvr. Elisabeth de Borgreeff (midden boppe) Roerda-Ziaerda(Tjaarda) Borgreeff-van d Eemst (linksûnder) (rjochtsûnder). De nammen fan it middelste wapenboerd binne de bewenners fan de stins. De nammen by de linker boerden sille de âlden fan Jonker Douwe fan Roorda west hawwe en dy by de rjochter boerden de âlden fan Jonkfrou Elisabeth de Borgreeff.

It ienichste jiertal dat op de mantel foarkomt is 1602 of 1607. It gehiel sil wol setten wêze troch de widdo Roorda as earebetoan oan har man dy't yn 1601 ferstoarn is. Dat is te sjen op de grêfstiennen yn de tsjerke.

Moles fan Terkaple[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moune Hearresyl
Moune Terkaple/Eagmaryp
Pleats fan Sipkema

De grutte mole stie op it plak dêr’t no it elektrysk gemaal “de Lege Wâlden” stiet, tusken fam. H. Sterk en J. v.d. Ley oan de Oenemawei. De mole wie boud yn 1851 foar bemealling fan de Opsterlandschen Veenpolder yn Tsjalbert, mar doe’t men dêr in gemaal krige is de mole ôfbrutsen en yn 1884 yn Terkaple wer opboud. De mole moast de “Heerenzijl Polder” drûch hâlde. Dizze polder lei tusken Terkaple en Goaiingaryp yn. Yn de mole siet in stien mei ynskripsje dêr’t op stie: de polder Heeringzijl onder Goingarijp en Terkaple opgericht en de molen gebouwd in den jaren 1884 onder het bestuur van T.W. Westerterp, H.R. Rijpkema, W.S. Peekema. Dizze stien is bewarre bleaun en leit no achterhûs by fam.G. Kramer, Buorren 2. De mole op de ûnderste foto wie folle lytser en stie neist it hûs fan Pier Brouwer en Cobi Veldman op’e Pôle fan Terkaple, oan de râne fan de Bumapôle.

De mounder Oene Portijk ferhuze mei fan Tsjalbert nei Terkaple. De grutte mole hie in kundich mounder nedich en dizze Portijk koe de mole as gjin oar fansels. Syn neiteam wenne letter yn it hûs fan G. Klosters oan de Oenemawei foar fam. Hotse Bakker oer. De mole waard lykwols net al te goed ûnderhâlden, sadat de polder dochs noch wolris blank kaam te stean. Dit ûndanks de grutte wetterkapasiteit fan de mole. Ek waard der in tal jierren letter in Amerikaanse wynmoter boud oan de râne fan de Terkapelster Poel, hiel wat nijs yn dy tiid, dat doe ferlear de grutte mole syn belangrike funksje. De wynmoter blykte ek goedkeaper yn gebrûk te wezen. Oan 1921 ta hat der in mounder wenne yn de mole, mar dêrnei wie it dien. De mole fertutearze en is úteinlik yn 1935 ôfbrutsen. De boargemaster fan Utingeradiel hat noch besocht de mole ûnder te bringen by de feriening “de Hollandsche Molen” om him sa te bewarjen, mar it holp net. Ek doe wie der al in soad jildkrapte foar dizze saken. Dizze mole bemealde it lân fan Sipkema’s pleats (no de ôfbaarnde pleats Pyt Kamstra, Fjildwei); net allinne de Buma-pôle en it lân dêrachter, mar ek in stik lân oan de oare kant fan de sleat (no Sinnemapolder). Der siet in dûker ûnder de sleat troch en in barte/set der oerhinne. Men moast nammentlik mei hynder en wein yn it lân komme kinne. Wie men klear yn it lân, dan moast it set wer oan’e kant, want de sleat wie iepenbier wetter en de skipfeart moast trochgean kinne. Men moast by de oare huzen komme kinne, û.o. de buorkery wer’t no Germ Hooisma wennet.

Gerrit Walstra (wenne letter yn it hûs fan fam. Haasjes, Buorren 21) wie yndertiid lytsfeint op Sipkema’s pleats en moast by stoarmwaar, tegearre mei de grutfeint nei de mole ta en dêr bliuwe, ek nachts, en oppasse dat alles goed gyng. De mannen moasten as it nedich wie de seilen ynkoartsje of de mole kruie; de mole mocht net stikken draaie. In kâld putsje yn waar en wyn. De mole waard lykwols net goed ûnderhâlden. Yn de krisisjierren wie der gjin jild foar. De mole fersutere en hy kaam ek tefolle yn de lijte te stean fan de huzen dy’t boud waarden op in part fan de grûn fan de Sipkema’s: de fabrykshuzen op de Pôle. It fabryk kocht de grûn en liet de huzen bouwe. De mole waard úteinlik midden tritiger jierren ôfbrutsen (±1935).De Amerikaanse wynmoter wie yn opkomst en waard rûnom delsetten. Sa ek hjirre.

Ien fan de bekendste “wynmotors” wie de “Hercules”, in grutte wynmoter oan de râne fan de Terkapelster Poel. Dizzy wynmoter waard yn 1904 oanskaft troch in mearderheid fan de “vergadering van eigenaren” û.l.f. Anne G. v.d. Ley, Kornelis S. Bakker en Fokke I. Schaap. Hja wienen net tefreden oer de bemealling troch de grutte wettermole fan Terkaple en richten harren eigen polder op mei eigen bemealling troch in nij fenomeen yn dy tiid: de Amerikaanse wynmoter. Der wienen yn dy tiid noch mar inkele fan dy wynmoters pleatst yn Nederlân. Anne Gerrits v.d. Ley fytste nei Rotterdam om mei de Fa. Stokvis te ûnderhandeljen oer de oanskaf fan sa’n wynmoter. De wynmoter kostte Fl. 3.059,--. Der kaam in spesjale monteur út Dútslân om de wynmoter te ynstallearen. Fa. Stokvis hie sels noch gjin bekwaam personiel foar sa’n put. De wynmoter foldie goed en wie oanmerkelik goedkeaper as de grutte mole. Hy hat 65 jier draaid en waard yn ± 1969 ferfongen troch it elektrysk gemaal fan wetterskip Boarnferd “de Lege Wâlden”, dat op it plak stiet fan de âlde grutte mole.

Skûtmakkerspôle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de Skûtmakkerspôle wenne eartiids in skûtmakker: Tjeerd Douwes van der Meulen (* 1804). Hy kaam dêr yn 1837 fanút Terherne mei syn húshâlding te wenjen en begûn in skipshelling. Hy hie in houten pream dêr’t hy syn, meast boereklanten, mei bydel gie. Yn de pream lei syn skûtmakkersark en materiaal, mar ek in lange, swier houten goate mei in takel en lange sleeptried. By de buorkerij dêr’t in karwei wie, kaam Tjeerd syn pream foar de wâl, waard mei man en macht de swiere goate út de pream helle en dwers op it farwetter opsteld. Dêrnei waard mei help fan de sleeptried en kabel de boat dy’t repareard wurde moast, op de hellinggoate sleept. Dit liket wat omslachtich, mar it wie yn dy tiid handich. De boer koe syn, faak ienichste grutte pream eins net in skoft misse, want de hele bedriuwsfiering gie oer it wetter: fee, molke, hea, dong etc. De skûtmakker wie faak in reizgjende reparateur dy’t by de boeren thús kaam. De boeren hoechden harren boat dan mar ien of twa dagen te missen.
Yn 1872 naam soan Hendrik Tjeerds it bedriuw fan syn heit oer. Yn 1882 kaam der noch in soan by te wenjen: Douwe Tjeerds mei syn gesin. Douwe Tjeerds wie skipstimmerman, arbeider en lytsboer. De helling bleau hjir oant ±1890; Hendrik Tjeerds ferhuze doe nei de Broek en gie dêr fierder mei de helling. Douwe Tjeerds ferhuze yn 1895. De famylje Van der Meulen hat hjoed de dei noch altyd in werf yn Snits: Jachtwerf Joh. van der Meulen.

Op de Skûtmakkerspôle wurdt dêrnei yn haadsaak buorke. Troch Hans Kooker, Pier Holtrop en dêrnei Willem Beetstra, sa’n 80-90 jier lyn. Ynearsten wie gjin paad fan de Skûtmakkerspôle nei it doarp ta; je moasten altyd mei de boat oer it wetter. Bewenners fan de Skûtmakkerspôle betellen jierliks in bedrach oan de boer dy’t by de brêge wenne (fam. Waslander) en dan mocht de famylje by de Hearringfeart lâns rinne, oer it hiem fan de boer en sa nei de dyk. Letter, doe’t famylje Beetstra in pear stikjes lân oankeapje koe by de eigen buorkerij, ûntstie it paad oan de oare kant fan de Hearringfeart sa’t dat no noch oer de camping rint. De lêsten dy’t buorken op de Skûtmakkerspôle wienen Wouter en Wiemer Hoekstra. Wouter wenne op de pleats en Wiemer yn it hûs dêrneist. Hja binne der ein sechtiger jierren mei ophâlden doe’t de ruilverkavelingsplannen op’e tafel kamen en der foar harren dêr gjin romte mear wie. It toerisme groeide yn ús kontreien. Foaral de wettersport kaam opsetten. Jan van Schie begûng mei in camping en it ferhieren fan boaten; dit waard al gau trochsetten troch Geert Klosters. Hjoeddedei, sa’n 40 jier letter, bestiet de camping noch altyd, mar lizze der alwer nije plannen foar de Skûtmakkerspôle.

It hege wetter yn de winter fan 1965/1966[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de winter fan 1965/1966 stie Terkaple/Eagmaryp hast hielendal ûnder wetter. In soad bûtlân dat eartiids foar wetteropslach brûkt waard yn wiete tiden, wie ynpoldere en koe troch moderne gemalen reedlik fluch leechmeald wurde. It boezempeil gie dêrtroch hurder omheech. It gemaal by De Lemmer, Teakesyl koe al dit wetter net hurd genôch ferwurkje en it gemaal by Starum bestie noch net. Trochdat it yn de hjerst fan 1965 bot reinde, rûnen dêrtroch polders ûnder wetter en kamen Terkaple, Goaiingaryp en in part fan Eagmaryp as eilantsjes yn in see fan wetter te lizzen. Fan Snits oant foarby Terkaple wie ien grutte see ûntstien. Snitser Mar en Goaiingariper Poel wienen net mear te ûnderskieden fan it lân.

Diken wienen op sommige plakken hielendal ûnder wetter ferdwûn. As je fan Terkaple nei Goaiingaryp woenen, moasten je tusken 2 rigen pealtsjes trochride woenen je op it asfalt bliuwe. Dit wie de Reidlânsdyk, doe de ienichste dyk nei Goaiingaryp. En je moasten foarsichtich ride, want rieden je te hurd dan koe de motor ôfslaan. Dienen je dan de autodoar iepen, dan rûn it wetter yn de auto. Ek de dyk ter hichte fan E. Ploegstra en G. Sinnema yn de Buorren lei hielendal ûnder wetter. De gemeente hie dêrom foar de fuotgangers en fytsers in houten flonder makke. De dyk om Terkaple hinne wie der noch net. It autoferkear troch de doarpen waard yn dit skoft ferbean troch de gemeente, want de ûndergrûn fan de diken en bermen wie folslein trochweakke. Eigen ynwenners, de bus en taleveringsbedriuwen krigen in spesjale fergunning om ride te meien. Toch kamen der in soad “ramptoeristen” mei de auto om te sjen hoe’t de sitewaasje der hjir hinne lei. Hja hienen de bekeuring der wol foar oer. (Der waard streng kontroleard)

Bern fûnen it prachtich, mar de memmen sil it minder fûn ha as sy werris mei wiete learzens of in wiet pak klean thúskamen. Wiete klean koenen net gau even yn de drûger. It hiem stie blank; it hok yn dat hiem stie blank; yn dat hok lei de brânstoffoarrie, koalen foar yn de kachel. Ierdgas wie der noch net. Dus de koalen derwei en yn’e hûs, want je moasten de kachel wol oan ha. Sa ek mei de kelder dy’t blank stie en dêr’t de foarrie winterjirpels yn lei fansels. It koe samar wêze dat as je moarns wekker waarden en de keldersdoar iepen dienen, dat de jirpels je temjitte dreaunen. It wie somtiden net maklik, mar minsken passe har gau oan en de help oan elkoar is grut yn sokke tiden. De Leeuwarder Courant skreau op 13 desimber 1965: “steeds dieper zakken de polders onder het water en de ene polder na de andere komt gelijk met het boezempeil. In Terkaple spoelt het water om de huizen. De kelders lopen vol. De schuurtjes achter de woningen staan blank met soms wel een halve meter water. Om in de huizen te komen hebben de bewoners lange planken op grote stenen gelegd. Door het steeds verder inlopen van de polders is de weg in Terkaple over een afstand van ruimt veertig meter geheel overspoeld. Er loopt niet meer water overheen zoals een eindje verderop, maar het water staat gewoon 10 tot 30cm op de weg. De gemeente Utingeradeel heeft er een lange houten vlonder bij langs gelegd. Voor de voetgangers en de fietsers. De auto’s kunnen er, voor zover ze een ontheffing hebben van het rijverbod langs de weg Terhorne-Akmarijp en de weg Akmarijp-Goingarijp, nog wel door rijden. Een NTM-chauffeur achtte het gistermorgen niet langer verantwoord er met de bus over het overstroomde weggedeelte te rijden. De bussen reden later weer”.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoalle fan Terkaple yn 1930
MFS It Heecheien en skoalle Twaspan yn 2011

Oer de skoalle fan Terkaple is mear bekend as fan Eagmaryp. Dit komt omdat fan de tsjerklike kombinaasje de dûmny yn Terkaple stie/wenne; dêr wie dus in fêste skoalmaster. Dizze man wie tagelyk ek koster en foarsjonger yn beide tsjerken, yn de fan Terkaple en dy fan Eagmaryp. Yn Eagmaryp wie allinnich skoalle as ien dit dwaan woe. Dyjinge waard dan troch de tsjerkefâdij oansteld. Ek wurde noch in pear doarpsjochters neamd. Dit wurk waard faak dien troch in skoalmaster, bygelyks Riemer Clasen dy't yn 1700 “ontvanger en dorpsrechter” wie. Fan Terkaple binne mear minsken bekend dy 't skoalmaster wienen, ûnder oare de melding út it lidmatenboek fan de tsjerke: den 2e Jan. 1672 is Trijntje Willems, huisvrouw van Tjepke Riemers, schooldienaar in Capla, versturven. Den 18en Sept. 1675 is Tjepke Riemers,schooldienaar ende dorprechter in Capla versturven. In oar stikje giet oer de ynkomsten fan skoalmaster Rodmer Rodmers fan Wijngaarden. Hy wie fan 1798 ôf skoalmaster yn Terkaple. Yn 1817 gienen der mar 13 nern nei skoalle ta. It traktemint wie fl. 80,- fan it doarp en fl. 85,- fan de tsjerke. Boppedat wie Rodmer fjildwachter dêr't er nochris fl. 60,- mei fertsjinne. Yn 1844 waard der in nije skoalle boud op de Tsjerkepôle fan Terkaple. Der wie doe in 20-tal learlingen dy't elk fearnsjier 30 sinten skoaljild betellen. De tsjerke betelle doe fl. 100,- foar it kosterjen en foarsjongen, de gemeente betelle fl. 80,- + frij wenjen. Yn 1881 waard troch de gemeenterie besluten ta stichting van een nieuwe school met woning te Akmarijp en onttrekking aan den publieken dienst der oude school te Terkaple. Den 11en Juli 1881 werd deze nieuwbouw aanbesteed voor fl. 11.391,-. Dit wie dus in iepenbiere skoalle. Yn 1912 kaam der ek in kristlike skoalle by. Der wiene doe twa legere skoallen foar in hânfol bern. Beide skoallen hawwe neist elkoar bestien oant 1 july 1934. Doe is de iepenbiere skoalle opheft troch Deputearre Steaten en gienen Terkaple en Eagmaryp fierder mei 1 skoalle. By it 25-jierrich bestean fan dit gebou krigen de learlingen bygeande foto.

Middenstân om 1930 hinne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smidderij fan Vledder, ± 1930

Yn it “algemeen adressenboek van de Provincie Friesland” út 1928 steane per doarp de nammen fan de minsken dy’t der wennen mei harren húsnûmer en harren berop. Wat opfalt oan de doarpen Terkaple-Eagmaryp is dat der in hele soad boeren wennen en dat der oer it generaal noch in soad hânwurk dien waard; minsken wienen bakker (Beetstra), ferver (Landstra) of timmerman (Riemersma). Fierder wennen der in pear ûnderwizers (P. Bus fan de iepenbiere legere skoalle en Jac. Wester fan de kristlike legere skoalle), in “brievenbesteller” (C. Wijma) en minsken dy’t op it molkfabryk wurken as stoker (S. Adema), sentrifugist (R. Agema) of sels direkteur wienen (A. Schiere). En der wienen fansels in soad winkels. It wie in earmoedige tiid en as byfertsjinst hienen guon minsken der in winkeltsje by, meast krudenierswaren. Je hoechden yn dy tiid ek noch gjin middenstân te heljen foardat je begjinne koenen mei in winkel.

Der sille om dy tiid in 12 winkels west hawwe. Yn it hûs fan Sander Brink siet in krudenierswinkel dêr’t men ek naaierij - fournituren ferkocht, dan in krudenierswinkel yn it hûs fan Jaap Haasjes, de grientewinkel fan Hoekstra, in krudenierswinkel yn it hûs fan Cor v. Oosterom, bakker Beetstra yn it hûs fan Dirk de Ridder, yn it hûs fan Karel v.d. Kaaden wienen galanteryën/kopkes en pantsjes te keap, yn it hûs fan Sibbele Sikkes wie in krudenierswinkeltsje op’e souder, yn it hûs fan Germ Hooisma wie in krudenierswinkel, op’e Pôle siet in tabakswinkel, yn it hûs fan Piter Bokma wie in krudenierswinkel, yn it hûs fan Tjitske Douma wie in krudenierswinkel, yn it hûs fan Feike Lefferstra wie op’e souder in krudenierswinkeltsje. En dan wienen der yn de wiken foar Sinterklaas noch froulju, foaral widdowen, dy’t mei in saneamde Sinteklazekoer rûnen. Dêr sieten allegearre lekkernijen yn sa as spekulaas en taaipoppen. Drank mocht net ferkocht wurde yn dizze tiid; men ferkocht it dus stikem. Under oaren yn de winkel fan Chris v.d. Meulen (hûs Sander-Rolien). Op in dei kaam dêr de plysje en frege: “ferkeapje jimme ek drank?” “Nee fansels” No de plysje woe dochs even sjen en rûn streekrjocht nei de wc dêr’t de drank yn in kastje ferstoppe siet. Chris v.d. Meulen wie dus ferret troch immen en krige in bekeuring.

Op snein waard der yn prinsipe neat ferhandele. Dat wie al sa sûnt de ynwenners fan Terkaple Eagmaryp yn 1902 in list tekenen om op snein net mear te keapjen en ferkeapjen. Op dizze list steane sa’n 80 nammen fan ynwenners dy’t ûnder lieding fan dûmny. H.F. de Puy de folgjende tekst ûndertekenen: Ondergeteekenden, ingezetenen van Terkaple en Akmarijp, overtuigd dat, zoowel uit godsdienstige als uit maatschappelijk oogpunt beschouwd de handhaving der zondagsrust vele voordeelen biedt en derhalve zooveel mogelijk dient te worden bevorderd, verklaren voortaan des Zondags niet te zullen koopen of verkoopen (behalve in uiterst noodzakelijke gevallen) opdat ieder zooveel als mogelijk is van den rustdag zal kunnen genieten.

Sutelje

Klaas Hoekstra hat hast syn hiele beropslibben grienteman west, krekt as syn heit en sutele dus altyd by de doarren lâns. Syn âlden trouden yn 1923 en kamen yn Terkaple te wenjen op Buorren 19, it hûs dêr’t Hoekstra sels letter ek wenne mei syn húshâlding. Heit hie al griente ferkocht foar syn trouwen en sette dat no troch yn Terkaple. Hy sutele de griente út mei de roeiskou yn De Broek en Goaiingaryp en mei de hûnekarre yn Terkaple-Eagmaryp. It wie in drege put om mei in skou fol griente nei Goaiingaryp of De Broek te roeien. It wie dan ek in hele ferlichting dat der nei sa’n 10 jier in motor achter de skou kaam. Ek de hûnekarre wie in heel o-heden. De hûn luts de karre; dit wie swier foar it bist. Hy gyng dan ek mar sa’n 2-3 jier mei, dan wie der fersliten. Dizze karrehûnen moasten elk jier keurd wurde troch in feearts. Waard de hûn ôfkard, dan waard hy fersûpt (spuitsjes waarden noch net jûn). Dat wie heel moeilik, want it bist wie leaf en hie altyd syn wurk dien, mar je koenen him net oanhâlde. It wie je brea. Der moast in nije hûn komme út Donkerbroek, want dêr siet in fokker fan spesjale karrehûnen. Sa binne der sa’n 4 hûnen brûkt. Dêrnei kaam de bakfyts. Hoekstra moast as âldste soan syn heit altyd helpe en groeide sa automatysk yn it berop fan grienteman. Heit en soan hellen mei de skou de griente fan de Jouster feiling; letter út Snits. Mem hie in grientewinkeltsje oan hûs; earst yn it hok, letter yn de skeve oanbou fan it hûs. Yn de oarlochsjierren wie der gjin besine foar de motorskou en waard der mei hynder en wein sutele. Nei de oarloch waard der in motorbakfyts oankocht en noch sa’n 5 jier letter de “tempo”, in 3-poat autootsje, mei 1 tsjil foar en 2 achter en in laadbakje foar. Klaas hie doe syn rydbewiis helle. Heit gyng doe mei de motorskou nei Goaiingaryp en Klaas sutele mei de tempo yn Terkaple-Eagmaryp. Sa gyngen se der twa kear wyks bydel. Dit hat mar even duorre, doe waard alles mei de tempo dien; dat gie folle flugger. Je wienen oer de dyk samar yn Goaiingaryp; as je oer it wetter moasten wienen je in skoft ûnderweis. Yn 1958/1959 waard de tempo ferfongen troch de Volkswein mei iepen bak en noch sa’n 8 jier letter kaam it Volksweinbuske. Dêr hat Hoekstra mei sutele oan 1975 ta. Neist griente hat hy der dy lêste perioade ek noch molke- en krudeniersspul by ferkocht, doe’t de molktaper en winkelman ophâlden. Simmers wie it mei de camping achter hûs noch wol aardich. De toeristen stutsen mei in boatsje oer en wachten bûtendoar oant se oan bar wienen yn de winkel. Dy wie mei 2 minsken deryn al fol, want de winkel wie mar lyts. Sutelje: je hienen it de hele wike drok, mar it wie wol “gemoedlik”. Je kamen by elkenien thús, hienen je fêste kofjeadreskes, moasten soms even helpe om de wask fan de line te heljen as it begûn te reinen of even helpe de gerdinen op te hingjen. Klusjes dy’t derby hearden. Ein 1974 binne Hoekstra en syn frou ophâlden mei de saak. De klad kaam deryn, it koe finansjeel net mear út. De supermerken kamen op; minsken waarden mobyl en hellen sels harren boadskippen op. Hoekstra koe wurk by Smilde krije en Terkaple-Eagmaryp krige tenei de SRV-bus.

Kafee Schaafsma[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kafee Schaafsma
kafee Schaafsma-Van Dijk
kafee Schaafsma-Van Dijk

Yn it begjin fan de 20e iuw wie it kafee fan widdo Schaafsma it sosjale moetingsplak fan Terkaple-Eagmaryp. Gerke Gerrits Schaafsma (berne 1832) is timmerman yn Terkaple en begjint sa ±1863 mei syn kafee by de brêge, op it plak dêr’t no famylje Andringa wennet (earder Noordmans). Hy timmert aardich oan’e dyk, want as je it archyf fan de Leeuwarder Courant neiplúzje, dan sjoch je dat hy as timmerman gewoan syn bedriuw hat en dêr neist it kafee draait. Der wurde geregeld feilingen hâlden yn it kafee of feestjûnen mei toaniel en dûnsjen. Ek Waling Dykstra komt yn it kafee te spyljen mei syn beroemde Winterjûnenocht. Winters organisearret Schaafsma reedriderijen en simmers hurddraverijen foar hynders. It reedriden wurdt earst sels organisearre en nei 1876 yn gearwurking mei de doe oprjochte iisklup “De Trije Doarpen”. Der waard riden om fikse jildprizen (in earste priis fan fl. 70,-- wie in soad jild yn dy tiid). Je moasten ynlis betelje om mei te dwaan, mar dit bedrach koenen je wer werom fertsjinje as je de earste list wûnen. In goede motivaasje om te winnen. Soenen dizze wedstriden ek op de Hearringfeart riden wêze? It stiet der net by yn de advertinsjes, mar it wie fêst net sa fier fan it kafee ôf, want der moast fansels wol wat fertard wurde sa’n dei. En simmers it organisearjen fan in draverij foar hynders. Dat waard yn de 19e iuw in soad dien; it wie in populêre sport. Der wienen hynders dy’t beroemd waarden, omdat se safolle draverijen wûnen. Ek wer om grou jild of om sulveren gebrûksfoarwerpen sa as in tabakspot. Waling Dykstra skriuwt der bg. sa oer: Als de tijd daar is voor de optocht naar de harddraversbaan openen muzikanten de trein. Daarop volgen de aangegeven paarden, bereden door hun pikeurs. De leden van de keurcommissie, omringd door een dichte drom van nieuwsgierigen, komen achteraan. Intussen gaat de harddraverij zijn gang. De keurcommissie, in twee gedeelten gesplitst, heeft op de beide einden van de baanpostgevat. Een paar kampende paarden lopen om ’t hardst langs de baan, heen en terug. Komt hetzelfde paard beide keren het eerst over de streep, dan is ’t andere voorgoed van de partij af. Echte liefhebbers van harddraven volgen met gespannen aandacht de hele kampstrijd. Zij zijn vol bewondering wanneer een paard, in flinke, geregelde draf, zonder zweem van galopperen de hele baan van 80 meter aflegt. Zulke liefhebbers weten de loop van de zaken van het begin tot het einde even goed als de keurmeester zelf. It sil yn Terkaple-Eagmaryp wol krekt sa gien wêze. Gerke Schaafsma ferstjert yn 1894, 61 jier âld. Syn widdo giet troch mei it kafee. Sûnt dy tiid wurde fergaderingen en sa hâlden yn it kafee fan widdo Schaafsma. Frou Schaafsma giet hjir mei troch oant maaie 1910. Dan stiet der in dankbetsjûging yn de krante dat it moai west hat nei 47 jier. It kafee wurdt fuortsetten troch famylje Van Dijk.

Tinkstien

Kastlein/timmerman Gerke Schaafsma hat ek de pleats boud hat dêr’t Pyt Kamstra wenne; dy’t ôfbaarnd is, en dy’t der no as in ruïne by leit. Der sit in tinkstien yn de muorre dêr’t op fermeld wurdt: Per order van G. YPMA te Arum, de eerste steen gelegd door TRIJNTJE GERKES SCHAAFSMA, den 24 Juni 1874. Trijntje wie in dochter fan Gerke Schaafsma.

Fia Leendert Noordmans kamen de tekeningen dy’t hjir ôfbylde binne. Se binne yndertiid makke troch Rinze Terpstra fan Akkrum op oanwizings fan Lieuwe Riemersma dy’t in grut part fan syn libben neist it kafee wenne hat. Skean efter it kafee stie in lyts húske dêr’t earst de Schaafsma’s en letter famylje Jan Baukes van Dijk yn wenne. Van Dijk wie de opfolger fan Schaafsma as kastlein. Men wenne dus net yn it kafee, mar der achter. It sil lyts wenjen west ha sa mei de hele famylje. Oan de oare kant fan it kaqfee stie de hynstestâl, tusken it kafee en Riemersma yn. As de namme “schutstal” ek werklik op de stâl stien hat is ûnbekend; it kin ek in betinksel fan de tekener west ha. Mar it hat der by de brêge wol sa útsjoen om it jier 1900 hinne. Der siet in steechje tusken de stâl en it hûs fan de Riemersma’s. Lieuwe Riemersma (berne ±1906) fertelde yndertiid oan Noordmans dat hy as jonkje troch in rútsje sjen koe at der immen kaam om in hynder yn de stâl te bringen en dat hy dan rap troch it steechje draafde om it hynder fêst te setten. Hy krige dêr dan 2 sinten foar dêr’t hy wakker bliid mei wie. Doe’t widdo Schaafsma, har eigen namme wie Neeltje Speerstra, it kafee noch runde en sy woe jûns let net mear skinke, dan pakten de mannen “tante Neel” beet en hongen har driigjend boppe de reinwetterbak. No, dan moast tante Neel dochs noch mar ien ynjitte.

In moai ferhaal oer Jan Baukes van Dijk is it folgjende: in groep opslûpte jonges soe nei it kafee, mar gie earst stiekem nei it foarriedhok derneist. Dêr dronken se it reservekret bier leech. Doe gongen se it kafee yn en bestelden bier. Van Dyk hie nei in skofke it bier op, soe nei syn foarrie, mar dy wie ek op. Hy woe dat net witte litte nei de mannen ta (en woe ek gjin nee ferkeapje) en gong op de fyts nei De Jouwer om in nij kret bier. De gasten wachtten wol even! Jan Baukes van Dijk hat it kafee hân oant 1939. Doe wie yntusken it Centrum boud en koenen dêr alle aktiviteiten plakfine. Jan Baukes woe it kafee dochs al graach kwyt; hy woe leaver buorkje. It âlde kafee is doe ôfbrutsen, tagelyk mei it lytse skeve húske en der is in pleatske wer opboud. It hûs fan de pleats is wer op de âlde fûneminten boud; in achterste muorre is sels stean bleaun en wer brûkt yn de nije wenning. Dit is de wenning sa’t dy der no stiet.

Efter it kafee stie eartiids de buorkerij fan Kroes (dêr stiet no de nije wenning fan Engelsma). Dit pleatske brânde ôf yn 1938. Kroes gie earne oars hinne te buorkjen en sa koe Jan Baukes it lân fan Kroes hiere en koe hy, ynstee fan kastlein wêze, buorkje op syn nije stee. (Jan Baukes van Dijk wie de pake fan Jan Kooistra, Buorren 13. Jan Kooistra syn mem wie in dochter fan Jan Baukes)

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Terkaple hat mei Eagmaryp ien feriening foar Pleatslik Belang. It doarp krige yn 2003 in nij multyfunksjoneel Sintrum: It Heechein. Meast yn maaie wurdt de "Twa doarpkesdei" hâlden mei faak in rommelmerk, beach-follybal en mei elkoar ite. It doarp hat in camping Maran en in eigen passantehaven. Ek is der in tennisbaan. De kristlike basiskoalle hjit It Twaspan, de Tûzenpoat is it pjutteboartersplak.

't Sintrum
't Sintrum om 1941 hinne

Sûnt 2003 is it nije doarpshûs “it Heechein” yn gebrûk, mar foar dy tiid barde alles yn ’t Centrum, it âlde doarpshûs, eigendom fan de herfoarme gemeente Terkaple ca., boud yn 1939. Begjin 20e iuw wie it kafee fan widdo Schaafsma it plak dêr’t gearkomsten en feestjûnen hâlden waarden. (hjoeddedei it wenhûs fan Leendert en Alie Noordmans) Dit pand waard om 1930 hinne oerkocht troch Jan Boukes van Dijk, mar dizze famylje Van Dijk woe wol fan it kafeegedeelte ôf. Sy woenen it ta wenhûs ferbouwe. Tsjerklike fergaderingen, katechisaasje, jongelingen- en jongedochtersferieningsjûnen waarden altyd hâlden yn de konsistoarje fan de kosterswenning op’e Tsjerkepôle, mar dit wie wat in lytse romte. As Jan Boukes van Dijk ophold mei it kafee, soe der gjin lokaliteit mear wêze, wylst der wol in grut ferlet wie; der wie in ryk ferieningslibben yn dy tiid. De Herfoarme Gemeente besleat doe om sels in doarpshûs te bouwen. Der waard in stik grûn fan de gemeente oankocht (it boartersterrein fan de skoalbern, neist de skoalle) en dêr waard in gebou delsetten troch oannimmer Fabriek. De earste behearders waarden Brugt en Margje Bosma, de âlden fan Janke Lap-Bosma.(lettere behearders wiene: Jan en Ymie Hoornstra, Wim en Annie van Oosterom, Michiel en Itty Driessen, Anne en Tineke Bakker, Wolter en Jenny Zandberg en Ria en Jelle Postma) Yn it portaal fan ’t Centrum sit in tinkstien. Fan dy tiid ôf waard alles yn ’t Centrum holden: fergaderingen, katechisaasje, jonges- en famkesferienings, de frouljusferiening, de sjongferiening, mar ek brulloftsfeesten, toanieljûnen en sels de gymnastykútfiering.

It gebou koe troch in soarte harmonikadoarren yn 3 sealen ferdield wurde; in gruttere seal foaroan wêr’t by de yngongsdoar in lyts barke wie, en 2 lytse sealtsjes. Yn it achterste sealtsje koe in poadium opboud wurde. De toanielspilers ferklaaiden en schminkten har yn de keuken fan de behearder en kamen fia de achterste doar fanút de gang it toaniel op. Sa ek mei de gymnastyk: opstelle yn de gong en troch de achterste doar de seal yn. Begjin 70er jierren hat der in grutte ferbouwing west. Doe is de oanbou kaam, mei in fêst toaniel, in keamerke derneist om te ferklaaien, húske, en in bar mei keuken derefter. Dat joech in soad mear romte yn de seal en men hoechde noait mear in poadium op te bouwen. Yn de jierren dêrnei moasten der altyd wol wer saken opknapt en fernijd wurde om it gebou up to date te hâlden. Ek doe wie de jildkrapte al in probleem. De frouljusferiening hold dêrom 1x yn it jier in bazaar en de opbringst wie altyd foar it ûnderhâld fan ’t Centrum. Mar úteinlik, nei ± 60 jier, waard it foar tsjerke te djoer om it gebou te ûnderhâlden, om it foldwaan te litten oan alle wetlik stelde easken. It waard ferkocht oan de behearders Ria en Jelle Postma en it nije doarpshûs hat de rol fan ’t Centrum oernommen. Dochs sil mannich ynwenner fan Terkaple-Eagmaryp in bytsje mankelyk werom tinke oan alle optredens en gesellige jûnen dy’t hy of sy hân hat mei in bûnte skoaljûn, de grutte klup of famkesklup “het mosterdzaadje”, de jongereinjûnen, de toanieljûn mei ULD sjongkoar of in karnavalsjûn mei de Arizona Discoshow.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • iisklup Terkaple
  • Us Lyts Doarpke - sjongferiening
  • De Trije Doarpkes - fûgelwacht)
  • Trekzakclub Terkaple
  • De Lege Wâlde'n - toanielferiening
  • De Trije Setter - tennis
  • UTY - gymnastyk
  • Aldereinsoas
  • Stichting earrebarredoarp De Graverij
  • Utingeradiel - angelsport
  • Terkaple - damjen en bridge
  • Maran - biljerten
  • De Laatste Eer - begraffenisferiening

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In bekende Terkaplester is siler Pieter-Jan Postma dy't yn de Finn-klasse in betûft siler is.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Buorren - de beboude kom fan it doarp.
  • Fjildwei - nei de ruilferkaveling oanleine wei.
  • Hearresyl- ûnderdiel fan de Slachtedyk fan De Jouwer nei Aldskou. Oanlein troch de ferfeanters om turf ôf te fieren fia dizze slûs. De slûs is yn de 19e iuw fuortspield en de trochgong sluten Om 1960 hinne is de Hearresyl wer iepene foar trochfeart.
  • Oenemawei - De Oenemastins of Roordastins stie eartiids op it plak fan de pleats oan de noardkant fan de tsjerke. De namme Oenema komt foar op grêfstiennen út de 15e iuw dy't yn de tsjerke lizze.
  • Pôle - in 14 huzen dy't troch it molkfabryk sette litten binne, waard yn de folksmûle 'Fabrykspôle' neamd.
  • Reidlânsdyk - oan de wei fan Terkaple nei Eagmaryp leit it Reidlân, in rûch begroeid stik lân.
  • Roordahiem - nei de stins dêr't de famyljes Roorda en Oenema wenne hawwe.
  • Skûtmakkerspôle - tropke huzen mei as sintrum in skipshelling foar bokken, preammen, skouwen en oare boaten.
  • Tsjerkepôle - in tal wenten by de tsjerke. Fan âlds lei hjir it doarp "Ter Kapelle', in dowestienen kapel.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: