Springe nei ynhâld

Skoattersyl

Ut Wikipedy

Skoattersyl is in buorskip yn de himrik fan Bantegea, yn de gemeente De Fryske Marren. By Skoattersyl giet de Tuskenlinde oer yn de Tsjonger, noard fan Skoattersyl lizze oan de westkant fan de Tsjonger de Skoatter Uterdiken.

By de Slach by Skoattersyl hat Hartoch Albrecht fan Beieren hjir op 29 augustus 1396 fochten tsjin de Friezen ûnder oanfiering fan Juw Juwinga. Mear as tûzen Friezen sneuvelen, mar hartoch Albrecht luts him nei in pear dagen al werom.

De Tsjonger by Skoattersyl

Fan de Tsjonger is ûnbekent wannear't dy mei in slûs fan de see ôfsluten is, yn elts gefal in de 15e iuw is der in útwetteringsslûs by Skoattersyl. De slûs ûntlêste in grut diel fan Fryslân fan wetter yn de tiid fan de Sudersee.

Yn 1579 wurdt de slûs by Skoattersyl yn in stoarm fernield. Yn 1580 wurdt dêr in slûs mei dûanekantoar boud wêr de Tsjonger en de Linde byinoar komme yn Slikenboargersyl. De slûs fan Skoattersyl hy doe gjin funksje mear.

Troch stoarmen krige de Tsjonger rûn 1700 wer syn âlde rin én de Friezen seagen gjin heil yn mear yn it Oeriselske dykbehear. Yn 1702 waard in kearslûs by Skoattersyl boud. De slûs fan Slikenboargersyl bleau, mar no as wetterkear. Ek de tol bleau yn Slikenboargersyl, mar de skippen kinne sa troch, wat minder is foar de middenstân.

Yn 1842 wurdt, by it trochlûken fan de dyk fan de Kúnder nei de 'Statendijk', de slûs fan Slikenboargersyl tichtgoaid. It toljild waard ôfkeape troch Oerisel. De Tsjonger wurdt dan bûtendyks nei de Kuunder laat troch de Woarstsleat. Yn 1928 ferfoel de skutslûs fan Skoattersyl.

Feriening it Earder Skoatter- of Slikenboargersyl

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feriening hie as doel troch jildlike bydragen de wetterôffier lâns de Tsjonger nei de Súdersee yn goede banen te lieden. Elts fan de tsien doarpen (Dolsterhuzen, Rotstergaast, Sint Jansgea, Reahel, Rotsterhaule, Rottum, Skoatter Uterdiken, Munnikebuorren, Nijlemmer, Aldlemmer) keas twa folmachten foar it libben. Dizze folmachten koasen seis kommittearde folmachten, twa út de doarpen fan Weststellingwerf en seis út de doarpen fan Skoatterlân. Iuwen oanien wie de grytman fan Skoatterlân sylfester, administrateur, foarsitter. Doe yn 1843 it rjocht fan tol oan Nije Skoattersyl en lân oan Oerisel ferkocht war ûntstie de Feriening it Earder Skoatter- of Slikenboargersyl. Doe't de provinsje it behear fan de Tsjonger oernaam bleaunen der besittingen oer. It besit bestie út 'een huizinge met herberg en schuurtje' yn Skerpenseel, 'een huizinge met stalling en verdere gronden, staande en gelegen te Heerenveen, het Heeren-Logement genaamd'’, ferhierd lân en bosk by it Hearrenfean en Terbant, 'nog eenige gronden en wateren waarvan geene titels van eigendom aanwezig en waarvan sedert lange jaren geene vruchten of inkomsten voor deze administratie genoten’ en trije grûnhieren. Sûnt 1978 is it in stifting mei in bestjoer fan tweintich folmachten út de tsien doarpen.

It jild wurdt ynsetten foar, faaks lokaal, woldiedigens as it sikehûs, skoallefûns, it Griene Krús. Ek krijt de folmacht in bedrach dat er nei eigenachtsen besteegje mei. Sa as in lokale wei, feart of de bou fan in klokhûs.

Rûn 1600 stûn oan de noardkant fan de Havercamp, letter Dracht 1, yn it Hearrenfean in hûs dat troch grytman Tinco fan Oenema bewenne war. Op 22 mei 1748 hat grytman Menno Coehoorn van Scheltinga it foar 5500 gûne verkocht oan de folmachten fan de Slikenboargersyl.

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje
Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
· · Berjocht bewurkje