Aldeholtpea

Ut Wikipedy
Aldeholtpea
Himrik fan Aldeholtpea
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 43
Ynwenners (2007) 1.098
Huzen 413
Koördinaten 52° 54' NB, 6° 3' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8474
Webstee www.oldeholtpade.com
Aldeholtpea

Aldeholtpea (Stellingwerfsk: Hooltpae of Oolpae) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, twa kilometer noardeast fan Wolvegea by de N351. It doarp hat likernôch 1.098 ynwenners. By it doarp rinne de Linde en de De Scheene.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1204 wurdt foar de earste kear skreaun oer de namme Holenpathe. It komt wierskynlik fan hole path dat moeras of sompe betsjut. Trochdat de Linde eartiids geregeld oerstreamde sil it gebiet faak ûnderstrûpt wêze.

Oan it begjin fan de 14e iuw kaam "Oude of Olde" by de namme doe’t it nije doarp "Nieholtpad" (Nijeholtpea) stifte waard. Yn it earstoan wienen der grutte hakhoutbosken, rûge heidefjilden mei kûlen, hichten en sânferstowings. Op sommige plakken trochsnien troch sânpaden en paden troch de sompelannen dy’t in diel fan it jier ûnder wetter stienen. De hakhoutboskjes steane noch ferspriede yn it bûtengebiet. Hja helje yn it sin de plakken dêr’t earst de Helomabosken, Scheenebosken, Tsjerkebosken, de bosken fan it lângoed Keningsbergen en it grutte Doktersbosk wienen. Sânferstowingen wienen der op "Klein Zwitserland" en om Keningsbergen. "Klein Zwiterland" leit bewesten de Moleleane.

De typyske healannen mei de kletterbeammen en dotterblommen binne ferdwûn en ek de wiete sompige heidefjilden. Der kamen foar in diel petgatten en sethagen werom yn de tiid fan it turfmeitsjen, de twadde helt fan de 18e iuw oan it begjin fan de 20e iuw. By de ruilferkaveling tusken 1972-1994 ferdwûnen âlde eleminten. Der kaam in soad bosk foar yn ’t plak.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferieningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gebouwen en monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten yn Aldeholtpea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Aldeholtpea.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geert Lantinga - Oldeholtpade (1994)
  • Iuwboek fan Aldeholtpea
 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
Flagge fan de gemeente Weststellingwerf
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)