De Langelille

Ut Wikipedy
De Langelille
Himrik fan De Langelille
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2007) 261
Huzen 127
Koördinaten 52° 50' NB, 5° 50' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8484
Webstee www.groteveenpolder.nl

De Langelille is in doarp yn it westen fan de gemeente Weststellingwerf, by de Tsjonger. It doarp hat likernôch 261 ynwenners. De namme wurdt al neamd yn 1644, op in lânkaart fan Bernardus Schotanus à Sterringa. Eartiids wie Langelille ûnderdiel fan Munnikebuorren. It doarp is ûntstien op de lofter ouwer fan De Tsjonger en hat him lâns de heaks op de rivier lizzende Tsjerkewei útwreide. Minsken út Langelille gienen earder nei tsjerke oer de Tsjerkewei. Dy eardere Swarte dyk, dy't no Tsjerkewei hjit, wie eartiids in gewoane menninge. Op de dyk fan Langelille moast eartiids geregeld liem opbrocht wurde om de dyk stevich te hâlden..

By it doarp leit rekreaasjesintrum De Trijesprong oan De Tsjonger mei in kemping, in kafee en in swimplak.

Yn 1964 binne de skoallen fan Spangea, Nijetrine, Skerpenseel, De Langelille en Munnikebuorren gearfoege ta ien sintrale skoalle: de Heidaskoalle yn Munnikebuorren.

It doarp is troch de wike mei iepenbier ferfier te berikken mei buertbusline 108 fan Qbuzz dy't fan en nei Wolvegea rydt. Dizze rydt op wurkdagen tusken 7:00 en 19:30 oere. Yn it wykein en op feestdagen rydt de bus net.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkewei, Langelillewei, Lemsterwei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
Flagge fan de gemeente Weststellingwerf
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)