Springe nei ynhâld

Grutte Feanpolder

Ut Wikipedy
Grutte Feanpolder
bysûnderheden
oerflak 3500 ha
drûchlein ± 1850

De Grutte Feanpolder is in polder yn Weststellingwerf mei in oerflak fan sa'n 3500 hektare. De polder dy't yn 1847 makke foar it ôffieren fan turf waard leit súdwestlik fan de Helomafeart. Munnikebuorren, De Langelille en Skerpenseel lizze yn dizze polder. Yn de polder leit, tsjin De Tsjonger oan, natuergebiet 'Het Braandemeer', dat bestiet út in marke, stikken greidlân, sompe, petgatten en reidlannen. In bytsje nei it suden leit natuergebiet de Rottige Meente. Dat gebiet beslacht de eastlike helte fan de Grutte Feanpolder dy't, oars as it westlike part, nei it ôfgraven fan it fean net drûchmeald en yn kultuer brocht is.

Iuwen foar de feanûntginning waard hjir De Scheene al groeven, dy't it gebiet tusken de ûnderrin fan De Tsjonger en De Linde yn twaen spliste. Letter waard dy grinssleat ferbrede foar de turffeart. Dêr't de Scheene útkomt yn de Helomafeart leit de 'Scheenesluis'. Dêr deun by steane twa fan de protte wettermûnen dy't it gebiet fan de Grutte Feanpolder drûchmealden.

De Helomafeart ferbynt De Tsjonger en De Linde meielkoar en waard yn 1748 oanlein om de turf mei it skip offiere te kinnen. De feart is neamd nei de famylje Van Heloma, dy't yn 1704 yn besit kaam fan de 'Weststellingwerfsche geoctrooieerde Veencompagnie'. Op it plak dêr't de feart yn De Linde útkaam, waard yn 1927 de 'Driewegsluis' boud. Dy slûs wie nedich om yn de Helomafeart, de bopperin fan de Linde én de ûnderrin trije ferskillende wetterstannen te realisearjen. It kompleks is yn 1994 yn âlde steat restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: